Neist de Simke Kloostermanpriis foar de skriuwer fan it bêste Fryske berne- of jongereinboek is der no ek in priis foar de bêste Fryske yllustrator: de Diet Huberpriis. De priis is neamd nei (berneboeke)skriuwster en yllustratrise Diet Huber (1924-2008), bekend fan û.o. it faak werprinte Tutte mei de linten (1955; 12e printinge 2012).

De priis, besteande út in bedrach fan € 2000 en in oarkonde, wurdt ienris yn de trije jier takend en is yn it libben roppen troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), dy’t foar dit doel in anonime skinking krigen hat. De Diet Huberpriis sil takend wurde oan de makker fan de bêste yllustraasjes fan in yn boekfoarm ferskynd Frysk berneboek en sil fan ’t hjerst foar it earst útrikt wurde. It giet dan om yllustraasjes fan boeken foar bern oant en mei 12 jier dy’t ferskynd binne yn de trije jier foarôfgeand oan de priisútrikking. De trije leden fan de sjuery binne assistint-konservator fan Museum Belvédère Susan van den Berg, byldzjende keunstkenner Margaretha Cats en berne- en jongereinboekeskriuwer Dolf Verroen. It leit yn de bedoeling dat de sjuery foar 1 septimber mei in advys komt en dat de priis yn oktober feestlik útrikt wurde sil.

Fragen kinne stjoerd wurde nei: This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.