De earste Diet Huberpriis, ornearre foar it moaist yllustrearre berne- of jongereinboek, giet nei By Beppe Utfanhûs, skreaun en yllustrearre troch Mirjam van Houten (Beetstersweach, 1977). De sjuery, dy’t bestiet út Susan van den Berg, Margaretha Cats en Dolf Verroen, krige tweintich boeken foarlein, dêr’t nei earste skifting fiif fan oerbleaune. Boeken mei in grut ferskaat, dy’t de yntinsjes en de belutsenens fan de yllustrator dúdlik útkomme litte, mar ien kippet der safier út dat de sjuery ienriedich foar By Beppe Utfanhûs keas: "De yllustraasjes binne net allinne moai fan foarm en kleur mar litte mear sjen as de tekst jout. Se fertelle in eigen ferhaal. It boek is krekt sa’t Diet Huber it sels ek ha woe: ûnferfangber en autentyk."

De Diet Huberpriis waard dit jier ynsteld troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), dy’t foar dit doel in anonime skinking krigen hat. Diet Huber (1924-2008) wie in (berneboeke)skriuwer en yllustratrise, bekend fan it faak werprinte Tutte mei de linten. De priis, besteande út in bedrach fan twatûzen euro en in oarkonde, wurdt ienris yn de trije jier takend. De útrikking is op tongersdei 20 oktober yn museum Belvédère yn Oranjewâld.

Ljouwert, 29 augustus 2022
Foto auteur: Tresoar, Haye Bijlstra

by beppe utfanhus 2021