Yn oanrin nei de Trinus Riemersmadei op 22 oktober iepenet der op freed 30 septimber in unike tentoanstelling oer it libben en wurk fan Riemersma yn de Frjentsjerter Biblioteek. Tresoar bewarret it argyf fan Riemersma en wurke mei oan it gearstallen fan de tentoanstelling. Under lieding fan Doeke Sijens, biograaf fan Riemersma, giene de konservatoaren Jelle Krol en Meindert Reitsma fan Tresoar oan de slach. Njonken bysûndere stikken út de kolleksje fan Tresoar, binne der ek objekten út partikulier besit te sjen.
Nije útstalling oer Trinus Riemersma

Trinus Riemersma (1938 – 2011) is ien fan de grutste Fryske skriuwers fan nei de Twadde Wrâldoarloch. Hy wenne en wurke it grutste part fan syn libben yn Frjentsjer. It idee om it wurk fan Riemersma yn de skynwerpers te setten ûntstie ferline jier by de Academie van Franeker. "Riemersma fertsjinnet dat", seit âld-heechlearaar Frysk Rolf Bremmer, lid fan it domein Letter & Geast fan de Academie. "Twa kear waard syn wurk bekroand mei de Gysbert Japicx-priis, de heechste literêre priis fan de provinsje Fryslân. Boppedat krige er seis kear de Rely Jorritsmapma-priis foar ien fan syn koarte ferhalen of gedichten." Ek de Biblioteek fan Frjentsjer wie optein en woe graach meiwurkje.
Wethâlder Jan Dijkstra sil de útstalling iepenje op 30 septimber om 16.00 oere yn de Biblioteek, Sint-Martiniplantsoen 41. Belangstellenden binne fan herte wolkom en de tagong is fergees.
Yn itselde ramt hat Museum Martena fan 30 septimber ôf in romte ynrjochte mei seis byûndere portretten fan Riemersma, wêrûnder stikken fan de bekende Fryske skilders Sjoerd de Vries, Klaas Koopmans en Boele Bregman. Op 22 oktober is der in grut evenemint om Riemersma hinne yn de Koornbeurs, Frjentsjer. Mear ynformaasje oer de Riemersmadei.