Nije bydrage yn it dossier troch Anne Dykstra. Dykstra hat de teksten fan 'e Lapekoer út de Rimen en Teltsjes (1993) brûkt om frekwinsjelisten te meitsjen fan it wurk fan Joast en Eeltsje Halbertsma. Ferliking fan beide listen sil grif allerhanne nijsgjirrichs opsmite, mar hy beheint him ta wat yn algemiene sin oer de wurdskat fan Joast en Eeltsje sein wurde kin. In frekwinsjelist bestiet út types en tokens. By de types giet it om ferskillende wurden yn in tekstkorpus, by tokens giet it om it oantal foarkommens fan de types. Wannear’t we de ferskillende wurden (de types) ôfsette tsjin it totaal oantal wurden (de tokens) krije we de type-token ratio. Wat heger de ratio, wat mear ferskillende wurden oft in skriuwer yn in beskate tekst brûkt, dus wat grutter oft syn wurdskat is.
Benijd hoe't de wurdskat fan Joast en Eeltsje Halberstma is yn De Lapekoer? Lês it stik 'De Lapekoer yn sifers' yn de rubryk 'Utljochte'.