Wolst graach mear en bettere ferhalen skriuwe yn it Frysk? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op 21 maart set it lesblok Skriuwtechniken wer útein. Op tiisdeitejûn 7 maart is der in yntroduksjeles by Tresoar yn Ljouwert.
Yn it lesblok Skriuwtechniken komst yn ’e kunde mei de eigen skriuwstyl, learst om te eksperimintearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken. Elkenien kin meidwaan oan de lessen Skriuwtechniken, om út te probearjen of it skriuwen en de Skriuwersfakskoalle echt wat foar dy is.
De Skriuwersfakskoalle is in mearjierrige oplieding en wurket mei in fêst kurrikulum: nei it lesblok Skriuwtechniken is it mooglik Skriuwtechniken B te folgjen. Dêrnei kinst, nei talitting, trochstreame nei it folgjende lesjier mei fakken as Proaza en Essay. Op de Skriuwersfakskoalle krigest les fan skriuwers en learst fan inoar. Praatst oer de tekst, it skriuwen, en learst inoar op goeie wize kommintaar te jaan. Bist part fan de kultuer fan de skoalle.
De 12 lessen* fan de kursus Skriuwtechniken binne fan 21 maart ôf op tiisdeitejûn fan 18:45 oant 21:45 oere by Tresoar yn Ljouwert. Krijst les fan Arjan Hut. By de Schrijversvakschool is it lesjild gewoanwei 540 euro. Op de Skriuwersfakskoalle is it lesjild foar it lesblok Skriuwtechniken 480 euro.
Op tiisdeitejûn 7 maart fan 18:45 oant 21:45 oere is der in fergees tagonklike yntroduksjeles Skriuwtechniken by Tresoar yn Ljouwert. Oanmelde foar de yntroduksjeles en it lesblok kin op www.skriuwersfakskoalle.frl. Wolst earst mear ynformaasje? Mail mei Tryntsje van der Steege: Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen..
*Lesdata:
21 en 28 maart;
4, 18 en 25 april;
9, 16 en 23 maaie;
6, 13, 20 en 27 juny 2023.