Sjoerd Bottema lêst it ferhaal Winterjûnenocht foar út de bondel De grize oer de grouwe. De wûnderbern Klaasje en Klaske, de liepe âlde skarreler Jappy Hummel en de duvelske Keimpe Jakkeles: wêr sil dat op útdraaie? In nostalgysk horrorferhaal út de jierren ’50 en ’60 fan de foarige iuw. Tuskentroch draait Bob de Boer muzyk út dy tiid.
Sjoerd Bottema skreau romans, ferhalen en toaniel. Syn wurk is in miks fan tradysje en eksperimint, wylst ek de humor net ûntbrekt. Yn 2020 ferskynde in nije ferhalebondel: De grize oer de grouwe, ‘klassikers’ dêr’t de skriuwer syn eigen draai oan jout.
 
Yn 2022 wûn Sjoerd Bottema in Rely Jorritsmapriis foar syn ferhaal De sjongende ridder.
 
Dizze jûn is in gearwurking tusken Tresoar en Bob de Boer - Concerts & More, húskamerteater 'De Wier' 
 
Oanmelde
 
Lokaasje
Tresoar - Kafee De Gouden Leeuw
Bûterhoeke 1, Ljouwert
15 maart, 20.00 oere