Perio nûget jo fan herten út om 1 maart oansteande om 19.45 oere, yn De Gouden Leeuw, it pop-upkafee fan Tresoar, de feestlike presintaasje by te wenjen fan de jongste Perio-boekútjefte, mei de titel OERSET.
OERSET is in mânske bondel troch Hans van der Heijde en Fedde Douwes Dijkstra út it Frânsk, Ingelsk of Dútsk nei it Hollânsk en it Frysk oersette, min ofte mear eksperimintele poëzij. Poëzij en poëzijoersettings dy’t de lêzer ek útnûgje om har sels ris oan sokke oersetterij te weagjen. Mei’t alle gedichten likegoed yn har oarspronklike foarm as yn Hollânske en Fryske oersetting opnommen binne, is OERSET in fiiftalige bondel. Kom dêr mar ris om!
De presintaasje giet mank mei in pear foardrachten en de premjêre+1 fan de útfiering troch Jochem le Cointre fan in wals, dy’t er sels spesjaal komponearre hat ta eare fan de skriuwer Joseph Roth.
Wy stelle it op priis as jo jo kommen mei in mail oan Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen. befêstigje wolle.
Ut namme fan Perio,
Hans van der Heijde, Fedde Douwes Dijkstra, Simon Droog
Tresoar: Boterhoek 1 8911 DH Ljouwert