Yn 2022 is Piter Boersma 75 jier wurden. Foar dy gelegenheid hat Hein Jaap Hilarides it wurk fan Boersma lêzen en in fraachpetear mei him holden. De fraach is oft it wurk en libben fan Boersma gearfalle of net. Wat is bygelyks de ynfloed fan de bernetiid yn syn boeken? Yn it fraachpetear seit de skriuwer dat er op dit stuit dwaande is mei in boek oer Warten, it doarp dêr't er hikke en tein is. Autobiografysk miskien, mar de werklikheid wurdt yn dat boek goed oprutsen. Yn dit nije dossier skriuwt Hein Jaap Hilarides oer it libben en wurk fan Piter Boersma, mei as titel 'Paradoksen'.
It earste part is no te lêzen op Sirkwy. It begjint sa:
"Je binne drekst thús by Piter Boersma yn Loenen aan de Vecht. It hûs fan Piter en syn frou Jeltsje Venema sjocht der hast krekt sa út as yn Wiuwert. De fertroude keunstwurken hingje oan de muorre. Seis jier wenje se no yn it âlde doarp oan de bochtige Vecht. Dêrfoar hawwe se hiel lang yn Wiuwert en in skoftsje yn Hitsum en Ljouwert wenne. Piter komt út Warten, it doarp dat yn syn earste ferhalebondel toaniel is fan in pear ferhalen, en dêrnei út en troch yn syn wurk weromkomt.
Ik soe allegear fragen stelle oer syn Piter syn achtergrûn: oer syn famylje, it doarp dêr’t er berne is, syn skoaltiid en oplieding ensafuorthinne. Ek it wurk op de Fryske Akademy, de bern en de pakesizzers hie ik it oer hawwe wollen. De measte ûnderwerpen komme wol op it aljemint, mar koart en sydlings. Us petear giet fan it ien yn it oar. As ik letter weromryd nei hûs, tink ik by mysels, ik koe hast wol in skoftke yn in boek fan Piter taholden hawwe. Sa besjoen soenen man en wurk gearfalle."
Lês fierder: Paradoksen - 1.
Foto boppe: Bertus Mulder rikt de Gysbert Japicxpriis oan Piter Boersma út foar syn boek It libben sels. Foto: Ikonografy Tresoar.