Op 5 maart is skriuwer en dichter Eppie Dam 70 jier wurden. Hy is in produktyf en alsidich skriuwer; hy skriuwt gedichten, ferhalen, berneboeken, kollums en literêre kritiken. Fierders hat er inkelde jierren redakteur west fan it literêr tydskrift Trotwaer. Yn tsjerklike rûnten hat er namme makke as skriuwer fan eigentiidske teksten fan lieten en liturgyen dy't passe yn de ferskillende perioaden fan it tsjerklik jier.
Abe de Vries hat spesjaal foar de santichste jierdei in stik skreaun oer Eppie Dam syn redakteurskip by Trotwaer.
It stik begjint sa:
"No’t Eppie Dam – hjir fierder: Eppie – op 5 maart syn santichste jierdei hat, wol ik him by wize fan lyts presintsje in stik oanbiede oer syn krewearjen as redakteur fan Trotwaer. In krewearjen dat mar seis jier duorre hat, fan 1977 oantemei 1982, mar dat mei de grûnslach foarmet fan de lange, alsidige en bysûnder produktive skriuwers- en dichterskarriêre dy’t folgje soe. In krewearjen ek, dat ús faaks ynsjoggen jaan kin yn ’e iere dynamyk fan in letter eksimplarysk, ik bedoel, foarbyldich Frysk skriuwerskip, en dat dêrneist ûnderdiel útmakket fan in nijsgjirrich stik Fryske literatuerskiednis."
Lês it fierder yn de rubryk Utljochte: 'Om it literêre alloai fan in tekst'.
Foto: Abe de Vries.