Ast wat witte wolst oer Fryske literatuer, boeken en skriuwers, dan bist by Tresoar op it goede plak. Dêrom hawwe wy Sirkwy – de webside fan Tresoar mei dokumintearre ynformaasje oer de Fryske literatuer – yntegrearre yn de webside fan Tresoar. Under it kopke ‘Fryske literatuer’ fynst alles watst witte wolst oer dit ûnderwerp. Fan boekprofilen en literêre prizen oant skriuwersbiografyen en wiidweidige dossiers. De kommende wiken sil de webside fan Sirkwy fierder ûntmantele wurde.
In poadium foar de literatuer fan no
Tresoar lit de literatuer fan it ferline sjen en wurket oan de literatuer fan de takomst. Us biblioteek hat in bewarfunksje foar alle Frysktalige útjeften én wy hawwe in wiidweidich argyf foar literatuerûndersyk. Tresoar jout de literatuer fan no in poadium troch it organisearjen fan literêre aktiviteiten. Ek biede wy skriuwkursussen oan om it literêre klimaat te befoarderjen.
Yn hokker ferhaal dûksto?
Lit dy inspirearje troch ferhalen út de Fryske literatuer op de webside fan Tresoar!
Troch it ferpleatsen fan de kontent kin it wêze dat der lytse flaters yn de webside sitte of dat der gegevens ûntbrekke. Dit sille wy yn de kommende wiken oanpasse en oanfolje. Ek wurde der yn ’e takomst nije funksjonaliteiten tafoege.