De provinsje Fryslân hat hjoed yn in parseberjocht fiif nominaasjes bekendmakke foar de Gysbert Japicxpriis 2017.
De priis wurdt takend foar poëzij, ferskynd yn de jierren 2013-2016.
De nominearre bondels binne:
Wilco Berga
Allinne en yn koar (2014)
Afûk
Eppie Dam
Fallend ljocht (2014)
Friese Pers Boekerij
Elske Kampen
Man en mem (2014)
Afûk
Alberinta Soepboer
Herbarium (2014)
Frysk en Frij
Abe de Vries
Brek dyn klank (2015)
Gerben Rypmastichting
De advyskommisjeleden hawwe yn in oantal byienkomsten oer de poëzijbondels gear west.
De kommisje bestiet út trije leden: Bouke Oldenhof, Gerlien van Dalen en Pieter Boskma.
Mear oer de kommisje.
Utrikking
De winner fan de Gysbert Japicxpriis 2017 wurdt op sneon 14 oktober yn Boalsert bekend makke. Mear ynformaasje folget letter.
NB. Op 11 augustus luts Abe de Vries him werom as kandidaat foar de priis. Sjoch hjir.
[pleatst 21.06.2017]