Op 6 novimber is de Gysbert Japicxpriis 2021 útrikt oan Eeltsje Hettinga foar syn gedichten as 'Dichter fan Fryslân' yn de perioade 2017-2019. Deputearre Sietske Poepjes oerlange de oarkonde oan de winner yn kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert. Foarsitter fan de advyskommisje Jannes van der Velde lies út namme fan syn kollega-adviseurs Hein Jaap Hilarides en Nynke Heeg it ferslach foar.

Dat ferslach is hjir te lêzen (as pdf).

Lês mear...

Hjoed, op 11 novimber 2021, wurdt skriuwer Meindert Bylsma 80 jier. Om dat feit te fieren begjint Tresoar op dizze dei mei in nij dossier op Sirkwy oer de skriuwer. Arjan Hut hat de poëzy fan Bylsma (wer) lêzen en hat dêr in skôging oer skreaun. Dy skôging wurdt yn trije stikken publisearre op Sirkwy. Dêrneist wurdt in ferskaat oan byldmateriaal fertoand.

Lês mear...

Skriuwster Marga Claus jout geregeld in kursus oer it skriuwen fan in libbensferhaal. Op 12 jannewaris 2022 set sy útein mei in nij blok. Dy kursus wurdt net troch Tresoar organisearre, mar is wol yn it gebou fan Tresoar. Sjoch foar mear ynformaasje: www.margaclaus.nl.

It is in moaie en sinfolle bezichheid om yn in lytse groep minsken dwaande te wêzen mei it eigen libbensferhaal. Mei bepaalde oefeningen aktivearje wy oantinkens út de jonge jierren. It blykt dat skriuwe yn in groep in soad opsmyt. De kursisten bringe elkoar op ideeën, en sadwaande slagget it hieltyd better om hichte- of djiptepunten út it ferline op papier te krijen. Dat is moai foar it neigeslacht, mar seker ek foar de haadpersoan fan it ferhaal. De skriuwsels liede wer ta weardefolle petearen.

De Gysbert Japixcpriis 2021 is takend oan Eeltsje Hettinga. Yn oanrin nei de útrikking op 6 novimber fan de belangrykste Fryske literêre priis sjogge we yn dit dossier nei ferskate aspekten fan de priis en de priiswinners fansels. Dizze wike komme de fiif lêste winners oan bod.

Yn 2011 wûn Durk van de Ploeg de Gysbert Japicxpriis.
Yn 2013 wûn Jacobus Q. Smink de Gysbert Japicxpriis.
Yn 2015 wûn Koos Tiemersma de Gysbert Japicxpriis.
Yn 2017 wûn Eppie Dam de Gysbert Japicxpriis.
Yn 2019 wûn Aggie van der Meer de Gysbert Japicxpriis

Lês mear...

De Gysbert Japicxpriis 2021 is takend oan dichter Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy't er skreau as ‘Dichter fan Fryslân’ 2017-2019. Neffens de advyskommisje kinne dy gedichten rekkene wurde ta it bêste dat de Fryske poëzy de ôfrûne jierren opsmiten hat. Op 6 novimber krijt er de priis yn Boalsert útrikt. Om dat te fieren wurdt de dagen foarôfgeand oan dy útrikking troch Tresoar en oare organisaasjes de Gysbert Japicxpriis wike holden.

Lês mear...

Op Rôze Sneon (16 oktober) is de blomlêzing 'Do draachst de leafde oan' by Tresoar presintearre. De twatalige bondel mei tal fan poëzy- en proazafragminten mei LHBTY+-tematyk waard oanbean oan Rainbow warrior Sipke Jan Bousema, dy't him bot ynset foar Fryslân as reinbôgeprovinsje. Jelle Krol hâlde by de oanbieding in ferhaal. Hy foarme mei Janneke Spoelstra, Doeke Sijens, Jantsje Post en Tsjerk Veenstra de redaksje fan de bondel. 

Lês mear...

Produksjehûs Explore the North, Tresoar, Boekhandel Van der Velde organisearje op tiisdei 19 oktober 20.00 oere yn gearwurking mei de Europese Literatuurprijs en it Nederlands Letterenfonds de jûn Vertalersgeluk. Trije oersetters, Jan Popkema, Annemarie Vlaming en Lette Vos, fertelle dy jûn oer har fakgebiet en de útdagings dy’t sy yn har wurk tsjinkomme. Vlaming is winner fan de Europese Literatuurprijs fan dit jier en Popkema krige de dr. Obe Postmapriis 2020. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan kultureel-antropologe en skriuwster Anne-Goaitske Breteler.

Lês mear...

De Gysbert Japixcpriis 2021 is takend oan Eeltsje Hettinga. Yn oanrin nei de útrikking op 6 novimber fan de belangrykste Fryske literêre priis sjogge we yn dit dossier nei ferskate aspekten fan de priis en de priiswinners fansels. 

Lês yn diel 1 wa't Gysbert Japicx wie.
Lês yn diel 2 wat de Gysbert Japicxpriis is.
Lês yn diel 3 mear oer de Gysbert Japicxpriis en froulike winners
Lês yn diel 4 mear nuveraardichheden oer Gysbert Japicxpriis

 

Wa’t (mear) yn it Frysk skriuwe wol, is wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in nije gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op tiisdeitejûn 12 oktober is der in yntroduksjeles by Tresoar yn Ljouwert. Op woansdeitejûn 3 novimber sette dêr de lessen útein.

Lês mear...

Saterdei 27 novimber, De Koperen Tuin te Ljouwert, 14.30 - 17.00 oere.

De Fedde Schurerlêzing is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging en wurdt jierliks organisearre op in saterdeimiddei yn novimber. De lêzing is yn gearwurking mei Tresoar, It HCL en de Leeuwarder Courant. Fan takommend jier ôf ek yn gearwurking mei de Fryske Akademy.

Lês mear...

Freedtemiddei 10 septimber is op de Akademy-dei yn it WTC yn Ljouwert de blomlêzing út it wurk fan Jouwert Jouwertsma (1857-1889) presintearre: Lang haw 'k net nei skoalle west. De samling proaza en poëzij is besoarge en ynlaat troch Rients Aise Faber. Faber koe sels spitigernôch fanwegen famylje-omstannichheden der net by wêze.

Lês mear...

Op 14 augustus is it 200 jier lyn berne dat Waling Dykstra berne is. Hy groeide op yn in bakkershúshâlding te Froubuorren. Hy soe sels ek bakker wurde, mar nei't er yn 1840 nei Spannum ferhuze wie om heite saak oer te nimmen, krige er al rillegau syn nocht fan dat fak ôf. Hy joech it bakken stadichwei oer en begûn om 1850 hinne mear en mear te suteljen mei allerhanne guod. Yn 1838 wie er op 17-jierrige leeftyd al begûn mei it skriuwen fan fersen en ferhalen en syn literêr wurk soe úteinlik fan tiidferdriuw ta kostwinning wurde.

Lês mear...

Op 25 july is Tsjisse Hettema ferstoarn. Hettema begûn as skriuwer mei koarte ferhalen, dy’t publisearre waarden yn Trotwaer en Hjir en de jongereinbondel Skroei. Dêrnei is er oerstapt op it skriuwen fan gedichten. Yn 1995 kaam yn eigen behear syn debútbondel Tsi Tsi út.

Lês mear...

Op woansdeitemiddei 14 july 2021 is de Rink van der Veldepriis 2020 lang om let útrikt. Yn stee fan by de Skriuwersarke, sa’t it doel wie, is dat koronaproof bard yn de foyer fan De Lawei te Drachten. Wethâlder fan kultuer fan Smellingerlân Robin Hartogh Heys van de Lier lange Johan Veenstra de priis oer.

Lês mear...

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dit jier foar de 67ste kear útskreaun, binne 97 ynstjoeringen ynkommen, 34 koarte ferhalen en 63 gedichten. De sjuery, besteande út Inge Heslinga, Rianne Blokzijl en Beart Oosterhaven, dy’t de ynstjoeringen anonym ta beoardieling krige, hat trije ferhalen en trije gedichten bekroand.

Lês mear...

Soe in online skriuwkursus wol wurkje? Dat wie de fraach doe't ferline jier alle fysike kursussen op ’e nij skrast waarden yn ferbân mei koroana. Keunstwurk en Tresoar namen it inisjatyf om in online kursus rjochte op toanielskriuwen oan te bieden. It smiet moaie reaksjes en ynsjoggen op. 

Lês mear...

'Wolst tips en trúks om sa foar te dragen dat it publyk dy de wurden wol út 'e mûle helje wol? It geheim achter it goed brûken fan stiltes yn dyn foardracht? Ljouwert City of Literature en Tryater jouwe fan tongersdei 23 septimber ôf in workshoprige fan fiif jûnen foardrachtskeunst foar profesjonele skriuwers en dichters. De oanmelding is no iepen!

Lês mear...

Der binne wer twa nije bydragen pleatst yn it dossier oer 100 jier Tiny Mulder. Studinten fan de learare-oplieding Frysk oan de NHL Stenden Hegeskoalle hawwe ferskate gedichten fan Tiny Mulder foardroegen. In pear wiken wiene de earste resultaten te hearren en besjen. No folget de rest fan de foardrachten. Dêrneist is der in 'picture poem' oer in gedicht fan Mulder pleatst.

Lês mear...

Seis skriuwers sille ek dit jier wer in tal wiken tahâlde yn de Skriuwersarke, de eardere arke fan Rink van der Velde, by De Feanhoop. It giet om Jan Minno Rozendal, Wilma Miedema, Warner B. Banga, Aukje Wijma, Harmen Bloemhof en Youvan Bergsma. Se stelle har koart foar om't it troch koroana dit jier wer net (likemin as yn 2020) mooglik is om de Skriuwersarke op de wenstige manier te iepenjen mei in lytse seremoanje op De Feanhoop. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan stifting FLMD.

Lês mear...