De ôfrûne dagen ha wy de fiif nominearren foar de Gysbert Japicxpriis yn it ljocht set. Hjoed de fiifde en lêste: Renger fan Nyk de Vries.

De ôfrûne dagen ha wy de fiif nominearren foar de Gysbert Japicxpriis yn it ljocht set. Hjoed de fiifde en lêste: Renger fan Nyk de Vries.
De kommende dagen sette wy de fiif nominearren foar de Gysbert Japicxpriis yn it ljocht. Hjoed de fjirde: Wurk fan Elske Schotanus.
De kommende dagen sette wy de fiif nominearren foar de Gysbert Japicxpriis yn it ljocht. Hjoed de tredde: Famke famke fan Ale S. van Zandbergen.
De kommende dagen sette wy de fiif nominearren foar de Gysbert Japicxpriis yn it ljocht. Hjoed de twadde: De achttjin fan Aggie van der Meer.
De kommende dagen sette wy de fiif nominearren foar de Gysbert Japicxpriis yn it ljocht. Hjoed de earste: De trekker fan Troje fan Hein Jaap Hilarides.
Der binne fiif skriuwers nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2019. Fan 't jier wurdt de priis útrikt foar de kategory proaza.
Foar it 60-jierrich bestean fan stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum organisearret Tresoar tegearre mei Poetry Slam 058 in bysûndere Poetry slam edysje. Trije dichters dy't oars net yn it Frysk dichtsje krije de kâns om as ûnderdiel op de feestmiddei op 14 septimber wat foar te dragen.
Twa ferhalen en trije gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 65ste kear útskreaun waard, wiene 81 ynstjoeringen ynkommen, te witten 56 gedichten en 25 ferhalen.
Op 23 juny is skriuwster Akky van der Veer yn Boksum ferstoarn. Van der Veer begûn te lêzen en ferhalen te skriuwen doe't se as famke yn in sanatoarium lei. Yn 1973 debutearre se mei de roman Read hier en reinwetter. Dêrnei skreau se sawol boeken foar folwoeksenen as foar bern en jongerein. Dêrneist hat se ek toaniel skreaun.
IBBY-Nederlân hat twa Fryske berneboeken foardroegen foar de Honour List fan de IBBY. It giet dan om Teltsjes fan Tellegen. Alventritich bisteferhalen oerset troch Anne Tjerk Popkema en Tsjilp: 25 fûgelgedichten foar grutte en lytse protters fan Eppie Dam.
Op freed 21 juny is de D. A. Tammingapriis útrikt oan Baukje Zijlstra foar har debútroman De koma-korrektor. Yn Tresoar krige sy de priis út hannen fan Willem Verf, foarsitter fan Stifting FLMD.
Skriuwer Lida Dykstra wurdt as Berneboekeambassadeur (BBA) oansteld, sa is op 19 juny op it WOW Meartalich kongres fan Cedin bekendmakke. Fan jannewaris 2020 ôf sil Dykstra twa jier lang promoasje fan Fryske berneboeken en de Fryske taal in gesicht jaan.
Op 21 juny hat Baukje Zijlstra de D.A. Tammingapriis krigen foar har debútroman De koma-korrektor. Yn de roman komme neffens de sjuery ferskate ferhaallinen nei foaren; ,,Al dy ferhaallinen bringt de skriuwster by elkoar op in wize dy’t de lêzer fan it begjin ôf oan meinimt. (..) It is knap hoe’t se it gauris swiere ûnderwerp fan in Yndië-ferline tagonklik makket foar de lêzer.’’ In protte Frysktalige 'Yndyske literatuer' is der net, mar der komt resint wol mear omtinken foar it Yndië-ferline. Mar wat hiene Friezen eins te sykjen yn Nederlânsk-Yndië en hokker literêre wjerslach hat Yndië hân op de Friezen?
Yn it tydskrift World Literature Today is in besprek ferskynd oer As Long as the Tree Blooms fan Joke Corporaal, oer de de skiednis fan de Fryske literatuer. World Literature Today is in Amerikaansk tydskrift foar ynternasjonale literatuer en kultuer en publisearret bydragen fan oer de hiele wrâld.
Tresoar hat 52 fotoportretten fan Fryske skriuwers en oaren út de Fryske literatuer publisearre. De foto’s binne begjin fan dit jier makke troch Haye Bijlstra en foarmje in oanfolling op de Frysk literêre byldkolleksje fan Tresoar. Under oaren Janny van der Molen, Jan Minno Rozendal, Janneke de Boer en Skelte Braaksma binne foar it earst portrettearre. It doel is om faker sa’n searje portretfoto’s te meitsjen. De portretfoto’s binne te sjen op de literatuerside Sirkwy.frl.
Op 28 maaie is skriuwster Berber van der Geest yn Boalsert ferstoarn. Van der Geest wie in alsidich talint: se dichte, skreau koarte ferhalen en berneboeken, mar se wie ek aktyf op it mêd fan toaniel en teater en dêrnjonken skreau se lietteksten.
LJOUWERT – Baukje Zijlstra (1967) fan Frjentsjer kriget de D. A. Tammingapriis foar har romandebút De koma-korrektor. De priis, in jildbedrach fan 3000 euro en in oarkonde, sil har op 21 juny útrikt wurde yn Tresoar.
It is de twadde kear dat de Tammingapriis foar in proazadebút takend wurdt. Yn 2014 wûn Ale S. van Zandbergen de priis foar de roman Littenser Merke. Yn 2016 gong de priis nei in poëzydebút, ‘leech hert yn nij jek’ fan Geart Tigchelaar.
De sjuery, besteande út Alian Akkermans, Sjoerd Bottema en Jannie van der Kloet, keas De koma-korrektor út tsien proazadebuten dy’t tusken 2014 en 2019 ferskynd binne.
Yn de roman De koma-korrektor komme neffens de sjuery ferskate ferhaallinen nei foaren; ,,Al dy ferhaallinen bringt de skriuwster by elkoar op in wize dy’t de lêzer fan it begjin ôf oan meinimt. (..) It is knap hoe’t se it gauris swiere ûnderwerp fan in Yndië-ferline tagonklik makket foar de lêzer.’’
De D. A. Tammingapriis, neamd nei de skriuwer en taalkundige Douwe Annes Tamminga (1909-2002) en bestuivere út it fûns fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), is yn it plak kommen fan de provinsjale Fedde Schurerpriis, dy’t yn 2012 foar de lêste kear útrikt waard.
Wat wit ik fan dizze wrâld? Algemien kultureel opinyblêd de Moanne skriuwt in wedstryd út oer de bining mei de werklikheid fan proazaskriuwers. Op dizze wize wol de redaksje stilstean by it feit dat it 50 jier lyn is dat it earste nûmer fan Trotwaer ferskynde, de foarrinner fan de Moanne.
Op freed 17 maaie is de Simke Kloostermanpriis útrikt oan Riemkje Pitstra, Luuk Klazenga en Auck Peanstra (1954-2016) foar Tomkes foarlêsfeest. Foar Auck Peanstra naam har man Frans Hoogland de priis yn ûntfangst.
Utjouwerij HotSum skriuwt in priisfraach út foar it bêste, net earder publisearre, Frysktalige reisferhaal. Foar de winner leit in jildbedrach fan 1500,- euro klear. It winnende ferhaal wurdt mei oare ynstjoerde (selektearre) ferhalen begjin 2020 yn de bondel Under oaren publisearre.
Ek yn 2019 wurdt yn Brussel Transpoesie organisearre, it Europeeske Poëzyfestival.
Foar de twadde kear is dêr in Fryske dichter oanwêzich, nammentlik Elmar Kuiper. Hy sil 26 septimber optrede wannear’t it de Europeeske Dei fan ’e Talen is, tusken 24 oare talen út Europa. Fierder organisearret Transpoesie foarstellings yn septimber en oktober.
Op freed 26 april is de skriuwersarke op De Feanhoop wer iepensteld foar skriuwers. Dit jier sille fiif skriuwers in skoftke ferbliuwe yn de arke dy't earder teheard hat oan Rink van der Velde. Dêrneist presintearren de skriuwers fan ferline jier it wurk dat se yn de arke skreaun hiene.
Op 14 april is yn syn wenplak Amsterdam skriuwer en keunstner Hessel Miedema (1929-2019) ferstoarn. Miedema hat in bysûnder plak yn de Fryske literatuer, mei't er in lyts oeuvre skreaun hat, mar dochs fan betsjutting west hat. Net te min om't er bewust ôfskie nommen hie fan it Fryske skriuwen.
Wa’t gading meitsje wol nei in Rely Jorritsmapriis, kin noch oant 12 maaie syn of har ferhaal en/of gedicht ynstjoere. De sjuery, dy’t de ynstjoeringen anonym hifket, kin op syn meast fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei 1000 euro.
Sirkwy.nl is in webside fan Tresoar, Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum.
Bûterhoeke 1,
8911 DH Ljouwert
Postadres:
Postbus 2637,
8901 AC Ljouwert
tel. 058 - 789 0 789
faks. 058 - 789 0 777
email: sirkwy@sirkwy.frl
webside: www.tresoar.frl