Op de skriuwwedstriid fan Frysk histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar ‘wat betsjut frijheid foar ús?’ binne 19 gedichten en 9 ferhalen ynstjoerd. Oanlieding om de wedstriid út te skriuwen, is it feit dat 75 jier lyn in ein oan de Twadde Wrâldoarloch kaam.
De sjuery, besteande út Doeke Sijens, Eric Hoekstra en Nienke Jet de Vries, hat de teksten anonym beoardiele.

Lês mear...

Op 6 novimber 2020 is yn Ljouwert de 3e Dei fan ’e Fryske Letterkunde. Der wurde sprekkers socht.

Yn 2020 wurdt betocht dat it 75 jier ferlyn is dat Fryslân befrijd waard. Sadwaande organisearje Tresoar en de Fryske Akademy in kongres oer it tema Befrijing yn 'e Fryske Literatuer. It kongres wurdt op freed 6 novimber 2020 holden by Tresoar yn Ljouwert, de stêd dy't sûnt dit jier de titel UNESCO City of Literature hat. De fiertalen binne Nederlânsk, Frysk, Dútsk en Ingelsk.

Lês mear...

Yn 1956 ferskynde der in bysûnder nûmer fan literêr tydskrift Quatrebras, nammentlik mei acht tekeningen fan JanMurk de Vries. It nûmer krige de titel 'Nagasaki' mei en oan de ein wurdt troch de redaksje skreaun dat de tekeningen ynspirearre binne op de oanhâldende proeven mei atoomwapens. De redaksje skreau: "Hja binne net bidoeld as yllustraesje fan it leed dat west hat, mar as warskôging tsjin hwat komme sil as de remmen weifalle. In protest tsjin alle forskrikking, fan Nagasaki oant Boedapest." De tekeningen binne yn de bydrage 'JanMurk yn tydskrift Quatrebras' te sjen.

Lês mear...

Op Sirkwy is in begjin makke om ek boekprofilen oan te bieden fan berneboeken. De nominearren fan de Simke Kloostermanpriis 2019 binne as earste oan bar. De boeken fan 2016 steane der al yn, lykas Lytse Protter fan Baukje Wytsma en Siem en Sanne sjogge Sint Piter fan Hendrika Vis-de Ruiter. Ek It deiboek fan Janny van der Molen út 2019 stiet al beskreaun. It is 'wurk yn útfiering', dat geandewei komme der mear en mear titels beskikber. By de boekprofilen is koart wat ynformaasje oer de ynhâld, mei -as dy der binne- besprekken of oare stikken. Dêrneist wurdt in link lein nei de biografy fan de skriuwer. Sa hopet Tresoar it omtinken foar de berne- en jeugdboeken te fergrutsjen. It past dan ek yn it belied om Sirkwy út te wreidzjen mei mear sjenres, om sa de Fryske literatuer yn syn hiele hear en fear sjen te litten.