Willem Schoorstra skriuwt Kadoboek 2019

Willem Schoorstra út Ternaard is de auteur fan it Fryske Kadoboek 2019. Schoorstra (1959) krige yn 2005 de Fedde Schurerpriis foar Swarte Ingels. Neist skriuwer is Schoorstra ek kolumnist by Omrop Fryslân. Dizze simmer wurdt it iepenloftspul Rêdbâd yn de teatertún fan Broeksterwâld opfierd, dat basearre is op syn roman Rêdbâd – kronyk fan in kening. Fan dit boek ferskine ynkoarten in Nederlânske oersetting en in Frysktalige werprintinge. Yn 2017 ferskynde fan syn hân de roman De nacht fan Mare. It inisjatyf foar it Kadoboek komt fan 'e stichting Boeken fan Fryslân. (Boarne LC.)

LJOUWERT – De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000.

Lês mear...

Iepen hûs by Tresoar op 3 febrewaris

Feestlike ôftraap fan Lân fan Taal-aktiviteiten by Tresoar

Op sneon 3 febrewaris stiet Tresoar yn it middelpunt fan de belangstelling yn it iepeningswykein fan Lân fan Taal, in belangryk ûnderdiel fan Ljouwert/Fryslân 2018. Besikers kinne by dizze feestlike middei genietsje fan útstallingen, optredens, lêzingen en performances. De start fan in breed, ferrassend en ferdjipjend 2018. wy nûgje dy fan herte út om by dizze middei oanwêzich te wêzen.

Lês mear...