Arjan Hut, ynwenner fan Ljouwert en âld-ynwenner fan Surhústerfean, is lêstendeis beneamd ta ‘wâlddichter’ fan Achtkarspelen. Hut is foar twa jier oansteld en sil op syn minst fiif kear yn it jier in gedicht skriuwe. Dy sil er dan by spesjale gelegenheden yn Achtkarspelen foardrage. As Wâlddichter folget er muzikant Meindert Talma op, dy’t it dichterskip de ôfrûne twa jier fersoarge hat.

In moanne foardat de provinsjale ferkiezings plakfine grypt It Skriuwersboun de kâns oan om in jûn te organisearjen mei fiif listlûkers om sa mei-inoar yn petear te kommen. Yn it kultuerbelied dat krektlyn ferskynde, is de literatuer behoarlik oan ’e krapperein kommen. Om dy reden wolle wy de politisy de skientme fan ’e literatuer meijaan en harren fergje om dat mei te nimmen yn harren beliedsplannen.

Ommers, wat is de Fryske taal sûnder in bloeiende literatuer?

Lês mear...

De moanne fan it Fryske boek fynt plak fan 2 o/m 31 maart. De moanne wurdt iepene mei it “Frysk boekebal” op 2 maart om 20.00 oere yn Neushoorn.

It Kadoboek ‘Rosmos ’is skreaun troch Willem Schoorstra.

De Moanne fan it Fryske boek wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân.

Tsead Bruinja is de nije dichter des Vaderlands. De 44-jierrige Fryske Amsterdammer nimt de titel oer fan Ester Naomi Perquin, dy’t de ôfrûne twa jier it amt beklaaide. Bruinja, de sânde ‘Dichter des Vaderlands’, waard keazen troch in beneamingskommisje fan kenners en dichters. Hy sil de kommende twa jier gedichten skriuwe by nasjonale barrens en optrede as ambassadeur fan de poëzij.

Lês mear...