‘It tipelsinnich bousel, ik’

Anne Wadman liet mei syn wurk fuortdaalks syn grutte ambysjes sjen. Hy tilde sawol yn syn kritiken as mei syn romans de Fryske literatuer op in heger plan. Hy die dat yn syn flymskerpe kritiken yn De Tsjerne, mar ek mei it publisearjen fan taboetrochbrekkende en eksperimintele romans lykas De smearlappen (1963) en De frou yn ’e flesse (1988).
Foar syn kritiken krige er yn 1952 Gysbert Japicxpriis en letter, yn 1989, waard er foar syn romans foar de twadde kear mei dy priis eare. Yn it deistich libben wie Anne Wadman foar in soad in ynspirearjend learaar Nederlânsk yn it fuortset ûnderwiis en letter oan de learare-oplieding Ubbo Emmius.
Boppedat wied er syn hiele libben aktyf as muzikant en muzikus. Hy spile fioele, skreau muzykkritiken, wie yn en fuort nei de oarloch aktyf yn de band The Snake Charmers en letter ek noch by it Sneeker Jeugd Orkest, dat er opset hat, it Fries Kamerorkest en Salonorkest Plumeau.

Lês mear...

Lêsber Fryslân/Leesbaar Friesland is de kleurrike, typografyske, geografyske, literêre sitatekaart fan Fryslân, mei mear as 570 literêre sitaten fan mear as 300 auteurs út alle hoeken fan Fryslân, Nederlân en ek út it bûtelân. Hast twa jier lang wurke in team fan Tresoar, stichting Leesbaar Laagland en de Culturele Onderneming oan dizze unike literêr-geografyske kaart fan de provinsje Fryslân en de stêd Ljouwert, fol mei sitaten út romans, ferhalen, gedichten en lieten.

Op de kaart binne de doarpen, strjitten, diken, spoarlinen en wetters net foarmjûn mei linen en kleurde flakken, mar mei literêre sitaten. Mei Simon Vestdijk yn Harns, Obe Postma yn Ljouwert, Gerard Reve yn Greonterp en hûnderten oaren.

De priis fan de optearde kaart is € 12,50 en de grutte kaart mei in boekje kostet € 19,50. De kaarten binne te keap by de boekhannels fan Van der Velde, by Tresoar en de Afûk yn Ljouwert en fia Leesbaar Laagland. In prachtich kadootsje foar de kommende feestdagen?

Op Sirkwy binne no priuwkes te lêzen út trije publikaasjes fan Waling Dykstra: Doaitse mei de Noardske balke (printinge 1853), It heamiel by Gealeboer (printinge 1854) en De silveren rinkelbel (printinge 1866). De publikaasjes wurde digitaal oanbean op Delpher, mar binne no foar in lyts part ek te lêzen op Sirkwy. 

As ferdjipping en oanfolling by de fysike útstalling is op Sirkwy in dossier oer Waling Dykstra makke. Yn dat dossier wurde troch saakkundigen, mar ek troch studinten bydragen pleatst oer Waling Dykstra en aspekten út syn wurk en libben. Sa ûntstiet der in lytse digitale tentoanstelling en foarmet it mei dy yn Obe in moai gehiel. Sjoch hjir foar it dossier.

Lês mear...

Tongersdei 21 novimber is Nyk de Vries yn de stedskas op it Oldehouster tsjerkhôf as de nije Dichter fan Fryslân beneamd foar twa jier. De nije Dichter fan Fryslân skriuwt seis oant tsien gedichten yn it jier en wit it grutte publyk te finen en te binen mei syn of har poëzij. By grutte foarkar yn it Frysk of yn in Fryske streektaal.

De Dichter fan Fryslân treedt op as poëtysk ambassadeur en draacht op in moderne en útnûgjende wize soarch foar de poëtyske presintaasje fan Fryslân. Binnen en bûten de provinsje. Leafst ynspirearre op aktuele foarfallen of opfallende en bysûndere mominten dy’t plakfine yn ús provinsje of dêrta yn relaasje stean. De Dichter fan Fryslân wit op in eigentiidske en tagonklike wize aktualiteit en sosjaal-maatskiplike tema’s te fangen yn poëzij.

Fan de Dichter fan Fryslân wurdt ferwachte dat hy in oantal kearen yn it jier optreedt by neier oan te wizen gelegenheden. Foto: Jacob van Essen