Wa wie Waling Dykstra? Om dy fraach te beantwurdzjen hat Abe de Vries, gastkurator fan de tentoanstelling yn Obe, in nije biografy foar op Sirkwy skreaun. Dy biografy jout in byld fan syn libben, mar benammen oer syn wurk. Men krijt in goede yndruk fan it ûnbidich soad wurk dat Dykstra ferset hat.

Lês mear...

Op 14 septimber waard mei in literêr en muzikaal program feestlik betocht dat it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) sechstich jier lyn oprjochte is. Hoewol't it FLMD begjin dizze iuw ien fan de partijen wie dy't mei-inoar Tresoar foarmen, is der noch altiten in stifting dy't projekten foar de Fryske literatuer stipet.

Lês mear...

De Stichting Literaire Actviteiten Heerenveen (SLAH) begjint it winterprogram op 24 septimber mei de tredde edysje fan it ‘Groot Heerenveens Dictee’. It diktee begjint om 18.00 oere en fynt plak yn de riedsseal fan it gemeentehûs. De organisaasje is yn hannen fan de SLAH, de Heerenveense Courant en de biblioteek Hearrenfean. Opjaan kin fia This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it..

De earste skriuwer dy’t te gast is by de SLAH, is Janny van der Molen. Sy jout in lêzing op 15 oktober. Plak: Belvédère Start: 20.00 Reservearje kin fia: This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it. Tagong € 10,00 (donateurs € 5,00). Sjoch hjir foar oare sprekkers en mear ynformaasje.

Fan 21 septimber ôf is de tentoanstelling 'Waling Dykstra - Foarútgong' te sjen yn Obe, poadium foar literatuer, keunst en taal. Mei dy tentoanstelling bringt Tresoar Waling Dykstra wer yn it Fryslân fan hjoeddedei.

Lês mear...

Op 10 septimber is skriuwer Hedzer T. Hooijenga ferstoarn. Hy begûn mei it skriuwen fan in oantal fersen, ferhalen en in feuilleton yn it Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant. Om ek goed yn it Frysk skriuwe te kinnen, folge er by de Afûk in pear kursussen. Dêrmei wie de basis lein om te set mei syn earste boek.

Lês mear...

Altyd al dyn libbensferhaal opskriuwe wold? Of dat fan jim heit en mem? Der start dit jier wer in nije kursus Libbensferhalen skriuwen, mei minsken dy’t dêr al wat ûnderfining mei ha en begjinners. Der kinne noch in pear minsken by, dus wês der by. De kursus wurdt jûn troch Marga Claus.

Lês mear...

‘As stiennen prate koene

Yn de hjerst fan 2019 organisearret Tresoar yn oparbeidzjen mei Tryater in kursus, dêr’tst alles learst oer foardrachtskeunst, presintaasje en performance. It giet benammen oer de foardracht fan ferhalen: de ferskate wizen fan stimgebrûk en it ynsetten fan stilte. In goede foardrachtskeunstner brûkt teatertechniken en fertelstilen om de tekst oer te bringen.

Lês mear...

Foar it 60-jierrich bestean fan stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum organisearret Tresoar tegearre mei Poetry Slam 058 in bysûndere Poetry slam edysje. Trije dichters dy't oars net yn it Frysk dichtsje krije de kâns om as ûnderdiel op de feestmiddei op 14 septimber wat foar te dragen.

Lês mear...

Twa ferhalen en trije gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 65ste kear útskreaun waard, wiene 81 ynstjoeringen ynkommen, te witten 56 gedichten en 25 ferhalen.

Lês mear...

Op 23 juny is skriuwster Akky van der Veer yn Boksum ferstoarn. Van der Veer begûn te lêzen en ferhalen te skriuwen doe't se as famke yn in sanatoarium lei. Yn 1973 debutearre se mei de roman Read hier en reinwetter. Dêrnei skreau se sawol boeken foar folwoeksenen as foar bern en jongerein. Dêrneist hat se ek toaniel skreaun.

Lês mear...

Op 21 juny hat Baukje Zijlstra de D.A. Tammingapriis krigen foar har debútroman De koma-korrektor. Yn de roman komme neffens de sjuery ferskate ferhaallinen nei foaren; ,,Al dy ferhaallinen bringt de skriuwster by elkoar op in wize dy’t de lêzer fan it begjin ôf oan meinimt. (..)  It is knap hoe’t se it gauris swiere ûnderwerp fan in Yndië-ferline tagonklik makket foar de lêzer.’’ In protte Frysktalige 'Yndyske literatuer' is der net, mar der komt resint wol mear omtinken foar it Yndië-ferline. Mar wat hiene Friezen eins te sykjen yn Nederlânsk-Yndië en hokker literêre wjerslach hat Yndië hân op de Friezen?

Lês mear...

Yn it tydskrift World Literature Today is in besprek ferskynd oer As Long as the Tree Blooms fan Joke Corporaal, oer de de skiednis fan de Fryske literatuer. World Literature Today is in Amerikaansk tydskrift foar ynternasjonale literatuer en kultuer en publisearret bydragen fan oer de hiele wrâld.

Lês mear...

Tresoar hat 52 fotoportretten fan Fryske skriuwers en oaren út de Fryske literatuer publisearre. De foto’s binne begjin fan dit jier makke troch Haye Bijlstra en foarmje in oanfolling op de Frysk literêre byldkolleksje fan Tresoar. Under oaren Janny van der Molen, Jan Minno Rozendal, Janneke de Boer en Skelte Braaksma binne foar it earst portrettearre. It doel is om faker sa’n searje portretfoto’s te meitsjen. De portretfoto’s binne te sjen op de literatuerside Sirkwy.frl.

Lês mear...

Op 28 maaie is skriuwster Berber van der Geest yn Boalsert ferstoarn. Van der Geest wie in alsidich talint: se dichte, skreau koarte ferhalen en berneboeken, mar se wie ek aktyf op it mêd fan toaniel en teater en dêrnjonken skreau se lietteksten. 

Lês mear...

LJOUWERT –  Baukje Zijlstra (1967) fan Frjentsjer kriget de D. A. Tammingapriis foar har romandebút De koma-korrektor. De priis, in jildbedrach fan 3000 euro en in oarkonde, sil har op 21 juny útrikt wurde yn Tresoar.

It is de twadde kear dat de Tammingapriis foar in proazadebút takend wurdt. Yn 2014 wûn Ale S. van Zandbergen de priis foar de roman Littenser Merke. Yn 2016 gong de priis nei in poëzydebút, ‘leech hert yn nij jek’ fan Geart Tigchelaar.

De sjuery, besteande út Alian Akkermans, Sjoerd Bottema en Jannie van der Kloet, keas De koma-korrektor út tsien proazadebuten dy’t tusken 2014 en 2019 ferskynd binne.
Yn de roman De koma-korrektor komme neffens de sjuery ferskate ferhaallinen nei foaren; ,,Al dy ferhaallinen bringt de skriuwster by elkoar op in wize dy’t de lêzer fan it begjin ôf oan meinimt. (..)  It is knap hoe’t se it gauris swiere ûnderwerp fan in Yndië-ferline tagonklik makket foar de lêzer.’’

De D. A. Tammingapriis, neamd nei de skriuwer en taalkundige Douwe Annes Tamminga (1909-2002) en bestuivere út it fûns fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), is yn it plak kommen fan de provinsjale Fedde Schurerpriis, dy’t yn 2012 foar de lêste kear útrikt waard.