Mannich leafhawwer sil it mei my iens wêze dat it ûntdekken fan it wurk fan in keunstner in alderaardichst gelokmomintsje is. As it giet om in skilder, byldhouwer, sjonger of in skriuwer, witte dat it grutte wurk dat sy makke hawwe dy noch ûnbekend is en datst dat wurk noch ta dy nimme meist,  iepenet de poarten nei dyn eigen ik. Durk van de Ploeg is sa’n keunstner foar my.

Lês mear...

Dichterskollektyf RIXT en Tresoar organisearje dizze hjerst in kursus poëzy skriuwen. Yn njoggen jûnen learst oer ferskate aspekten fan poëzy, lykas de start fan it kreative proses, metafoaren, fisuele aspekten en de foardracht. De kursus wurdt fersoarge troch in pear dichters dy't oansletten binne by RIXT. De rige wurdt ôfsletten mei in dichtersjûn. De oanmelding stie earst allinnich iepen foar RIXT-dichters, mar der is noch plak oer. Dêrom meie oare dichters har no ek oanmelde.

Lês mear...

De Rink van der Veldepriis 2020 is takend oan de Stellingwerfske skriuwer Johan Veenstra út Nijeholtpea foar syn roman Vroeger is veurgoed veurbi’j. It is de earste kear dat in boek dat yn ien fan de streektalen skreaun is, bekroand wurdt. De sjuery bestie út Joukje Aardema, Nynke Andringa en Koos Tiemersma. De priis – 2000 euro en in byldsje fan Anne en Roelie Woudwijk wurdt op woansdei 28 oktober o.s. útrikt yn skouboarch De Lawei te Drachten. Fanwege it koroanafirus allinne foar gasten.

Lês mear...

Op 6 septimber is Durk van der Ploeg 90 jier wurden. De skriuwer is al desennia literêr aktyf en hat in grut oeuvre byinoar skreaun. Op hege leeftyd skriuwt er noch altyd en wurdt syn wurk ek noch hieltyd lêzen. Yn in dossier dat Tresoar ta eare fan Van der Ploeg syn 90ste jierdei oanleit op Sirkwy wurde ferskate aspekten beljochte. Mei hjoed: fragminten út de roman De Belvedêre (2012) ferwurke yn in filmke troch studinten fan NHL Stenden. 

Lês mear...

Op 6 septimber is Durk van der Ploeg 90 jier wurden. De skriuwer is al desennia literêr aktyf en hat in grut oeuvre byinoar skreaun. Op hege leeftyd skriuwt er noch altyd en wurdt syn wurk ek noch hieltyd lêzen. Yn in dossier dat Tresoar ta eare fan Van der Ploeg syn 90ste jierdei oanleit op Sirkwy wurde ferskate aspekten beljochte. Mei hjoed: de omslaggen fan syn boeken op in rychje, part 2.

Lês mear...

Op 6 septimber wurdt Durk van der Ploeg 90 jier. De skriuwer is al desennia literêr aktyf en hat in grut oeuvre byinoar skreaun. Op hege leeftyd skriuwt er noch altyd en wurdt syn wurk ek noch hieltyd lêzen. Yn in dossier dat Tresoar ta eare fan Van der Ploeg syn 90ste jierdei oanleit op Sirkwy wurde ferskate aspekten beljochte. Mei hjoed: de omslaggen fan syn boeken op in rychje, part 1.

Lês mear...

Yn maart moasten ek de literêre kursussen by Tresoar ophâlde yn ferbân mei koroana. Yn de hjerst wurde wer kursussen oanbean, fansels wurdt rekken holden mei de koroanamaatregels. Hjirûnder is in oersjoch fan de kursussen te finen.

Lês mear...

It sechsde - en lêste - priuwke fan de bondel Do draachst de leafde oan is yn de rubryk Utljochte op Sirkwy te lêzen. It is in fragmint út in ferhaal fan Sipke de Schiffart. De blomlêzing befettet fragminten fan poëzy en proaza mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender-tematyk. It giet dêrby net om hoe’t skriuwers harsels definiearje, it giet om hoe’t in tekst him lêze lit, om hoe’t de redaksje dy tekst lêzen hat, nammentlik mei de rôze bril op.
 
Dit wie de lêste fan de seis priuwkes, yn it Frysk mei Nederlânske oersetting en koart wat ynformaasje oer de skriuwer. Lês de earste bydrage mei wurk Titia Brongersma, de twadde mei wurk fan Joël Hut, de tredde mei wurk fan Janneke Spoelstra, de fjirde mei wurk fan Sybe Krol en de fiifde mei wurk fan Rixt Weiland werom. 
Lês mear...

It fiifde priuwke fan de bondel Do draachst de leafde oan is yn de rubryk Utljochte op Sirkwy te lêzen. It is in fragmint út in ferhaal fan Rixt Weiland. De blomlêzing befettet fragminten fan poëzy en proaza mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender-tematyk. It giet dêrby net om hoe’t skriuwers harsels definiearje, it giet om hoe’t in tekst him lêze lit, om hoe’t de redaksje dy tekst lêzen hat, nammentlik mei de rôze bril op.
 
Der folget oer twa wiken noch ien priuwke, yn it Frysk mei Nederlânske oersetting en koart wat ynformaasje oer de skriuwer. Lês de earste bydrage mei wurk Titia Brongersma, de twadde mei wurk fan Joël Hut, de tredde mei wurk fan Janneke Spoelstra en de fjirde mei wurk fan Sybe Krol werom. Der folget noch wurk fan Sipke de Schiffart. 
Lês mear...

Dichter fan Fryslân Nyk de Vries wol kommend skoaljier by middelbere skoallen del mei in literêr lesprogramma.

Wêrom kinne literatuer en poëzy sa moai wêze? De Dichter fan Fryslân jout it antwurd yn in literêr lesprogramma dat hy spesjaal foar middelbere skoallen yn Fryslân makke hat. Middelbere skoallen yn Fryslân kinne fia de webside fan Dichter fan Fryslân in fergees skoaloptreden boeke foar it kommende skoaljier ('20 - '21).

Lês mear...

Skriuwaktiviteiten Frysk by Tresoar

Tresoar organisearret geregeld kursussen en oare aktiviteiten om it literêr skriuwen en dichtsjen yn it Frysk te stimulearjen. Wy wurkje oan de planning fan de twadde helte fan 2020 en de earste helte fan 2021.

Lês mear...

It fjirde priuwke fan de bondel Do draachst de leafde oan is yn de rubryk Utljochte op Sirkwy te lêzen. It is in fers fan Sybe Krol. De blomlêzing befettet fragminten fan poëzy en proaza mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender-tematyk. It giet dêrby net om hoe’t de skriuwer him- of, de skriuwster harsels definiearret, it giet om hoe’t in tekst him lêze lit, om hoe’t de redaksje dy tekst lêzen hat, nammentlik mei de rôze bril op.
 
De kommende moannen (om de twa wiken) folgje mear priuwkes, yn it Frysk mei Nederlânske oersetting en koart wat ynformaasje oer de skriuwer. Lês de earste bydrage mei wurk Titia Brongersma, de twadde bydrage mei wurk fan Joël Hut en de tredde bydrage mei wurk fan Janneke Spoelstra werom. Der folget noch wurk fan Rixt Weiland en Sipke de Schiffart. 
Lês mear...

Skriuwster Hilda Talsma (1971) út Warten sil it Fryske kadoboek 2021 skriuwe. Yn 2011 ferskynde har earste roman De twadde hûd. Meast resint ferskynde har njoggende roman De Onnie’s en ‘It hynstebal (2019). Yn 2017 skreau se it jeugdboek Slangen ûnder it bêd en it lêste diel fan de Wyntrilogy Wyn fan de winners. Neist skriuwster is Hilda Talsma ek columnist by Omrop Fryslân. Hilda Talsma oer it kadoboek 2021: ‘De Fryske taal is foar my al in kado op himsels. Fiele, tinke, prate, lêze en skriuwe yn myn eigen taal, ik wurd dêr hiel gelokkich fan.’

Lês mear...

It tredde priuwke fan de bondel Do draachst de leafde oan is yn de rubryk Utljochte op Sirkwy te lêzen. It is in fragmint fan Janneke Spoelstra. De blomlêzing befettet fragminten fan poëzy en proaza mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender-tematyk. It giet dêrby net om hoe’t de skriuwer him- of, de skriuwster harsels definiearret, it giet om hoe’t in tekst him lêze lit, om hoe’t de redaksje dy tekst lêzen hat, nammentlik mei de rôze bril op.
 
De kommende moannen (om de twa wiken) folgje mear priuwkes, yn it Frysk mei Nederlânske oersetting en koart wat ynformaasje oer de skriuwer. Lês de earste bydrage mei wurk Titia Brongersma en de twadde bydrage mei wurk fan Joël Hut werom. Der folget noch wurk fan Rixt Weiland, Sybe Krol en Sipke de Schiffart. 
Lês mear...

t twadde priuwke fan de bondel Do draachst de leafde oan is yn de rubryk Utljochte op Sirkwy te lêzen. It is in fers fan de jonge dichter Joël Hut (1995) yn de bondel. De blomlêzing befettet fragminten fan poëzy en proaza mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender-tematyk. It giet dêrby net om hoe’t de skriuwer him- of, de skriuwster harsels definiearret, it giet om hoe’t in tekst him lêze lit, om hoe’t de redaksje dy tekst lêzen hat, nammentlik mei de rôze bril op.
 
De kommende moannen (om de twa wiken) folgje mear priuwkes, yn it Frysk mei Nederlânske oersetting en koart wat ynformaasje oer de skriuwer. Lês de earste bydrage mei wurk Titia Brongersma werom. Der folget noch wurk fan Rixt Weiland, Sybe Krol, Janneke Spoelstra en Sipke de Schiffart. 
Lês mear...

Op 8 maaie is dichter en keunstskilder Barte Laverman ferstoarn. Laverman studearre, neidat er de ûnderwizersoplieding folge hie, MU-Nederlânsk en LU-Tekenjen. Dêrnei die er oan de Grinzer universiteit noch teoretyske en "wijsgerige" pedagogyk, hy studearre ôf yn 1977, cum laude. Hy wurke as dosint filosofy op Academie Minerva te Grins.

Lês mear...

Do draachst de leafde oan is de namme fan in publikaasje dêr't op it stuit drok oan wurke wurdt. De blomlêzing befettet fragminten fan poëzy en proaza mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender-tematyk. It giet dêrby net om hoe’t de skriuwer him- of, de skriuwster harsels definiearret, it giet om hoe’t in tekst him lêze lit, om hoe’t de redaksje dy tekst lêzen hat, nammentlik mei de rôze bril op.
Yn de rubryk Utljochte op Sirkwy publisearje wy de kommende moannen (om de twa wiken) priuwkes fan wurk dat yn de blomlêzing opnommen wurdt. Dêrby is it wurk yn it Frysk en Nederlânsk te lêzen (yn de bondel komme ek de oersettingen), en wat koarte ynformaasje oer de skriuwer.
 
De earste bydrage stiet al online, en komt fan de 17de-iuwske dichter Titia Brongersma. Oar wurk dat we publisearje sille komt fan de skriuwers Rixt Weiland, Joël Hut, Sybe Krol, Janneke Spoelstra en Sipke de Schiffart. 
Lês mear...

Op Sirkwy is in begjin makke om ek boekprofilen oan te bieden fan dichtbondels, lykas it wurk fan Elske Kampen, fan it debút Fan glês it brekken (2010) oant en mei de lêsten ferskynde bondel Ntrije55 (2020).
Ek binne al fiif bondels fan Eeltsje Hettinga beskreaun, ûnder oare Akten fan winter, syn debútbondel út 1998.

It is 'wurk yn útfiering', dat geandewei komme der mear en mear titels beskikber. By de boekprofilen is koart wat ynformaasje oer de ynhâld, mei - as dy der binne - besprekken of oare stikken. Dêrneist wurdt in link lein nei de biografy fan de skriuwer. Sa hopet Tresoar it omtinken foar de poëzy te fergrutsjen. It past dan ek yn it belied om Sirkwy út te wreidzjen mei mear sjenres, om sa de Fryske literatuer yn syn hiele hear en fear sjen te litten.

 

 

Dit jier steane wy stil by de befrijing, 75 jier lyn. Oer it tema ‘75 jier frijheid’ hat Tresoar in skriuwwedstriid organisearre. Seis ynstjoeringen binne bekroand.

De winners binne by de ferhalen binne:
- earste priis foar ‘Oare kant grins’ fan Koos Tiemersma
- twadde priis foar ‘Mei de boat nei Ljouwert’ fan Ludzer van der Schors
- tredde priis foar ‘Wer werom’ fan Jan Minno Rozendal

De winners binne by de gedichten binne:
- earste priis foar ‘de put’ fan Syds Wiersma
- twadde priis foar ‘Neat’ fan Neeltje Terpstra
- tredde priis foar ‘Yn alle talen lyk’ fan Nynke Terpstra

De feestlike priisútrikking, dy't pland wie foar 17 april, kin fanwegen de coronakrisis net trochgean. Om de winnende bydragen hearre litten, ha we de skriuwers frege om har eigen ferhaal of gedicht yn te sprekken. Beharkje de bydragen op YouTube (klik op de nammen fan de winners hjirboppe).
De teksten steane ek yn Letterhoeke (nûmer 1 fan 2020).

Lês mear...

By it ienfâldige blauwe skriftsje tinkst net fuort dat ien fan de skriuwers derfan yn de earste helte fan de tweintichste iuw hiel populêr yn Nederlân wie. Ien fan dy skriuwers is nammentlik Setske de Haan (1889-1948), better bekend as Cissy van Marxveldt, auteur fan û.o. de Joop ter Heul-rige.

Ferline jier socht de famylje fan Klaas Bauke Boersma (1893-1965) kontakt mei Tresoar. Sy wiene yn it besit fan in deiboekje dat (yn it Nederlânsk) skreaun wie troch Setske en Klaas. It giet om in skrift mei koarte mienskiplike foarfallen yn deiboekfoarm út 1905. De stikjes fan Klaas praktysk en soms koart, dy fan Setske wiidweidich en faak entûsjast.Dagboek 001

Lês mear...

Yn de fyftiger, sechstiger en santiger jierren hat JanMurk de Vries wurk levere foar guon literêre tydskriften. Earder hat der ek al omtinken west foar de rige tekeningen 'Nagasaki' yn Quatrebras (1956), mar yn 1958 waard yn itselde tydskrift ek in tekening fan JanMurk publisearre by wurk fan skriuwer en dichter Steven de Jong (letter ek wol bekend ûnder Steven H.P. de Jong). De tekening en it gedicht binne yn de bydrage 'JanMurk by gedicht Steven de Jong' te sjen. It is de lêste bydrage yn it dossier oer JanMurk de Vries.

Lês mear...