Nominaasjes Rink van der Veldepriis 2018 bekend
De sjuery fan de Rink van der Veldepriis hat trije boeken nominearre, it binne:
Bêste jonge fan Geart Tigchelaar
De nacht fan Mare fan Willem Schoorstra
Renger fan Nyk de Vries
Nominaasjes Rink van der Veldepriis 2018 bekend
De sjuery fan de Rink van der Veldepriis hat trije boeken nominearre, it binne:
Bêste jonge fan Geart Tigchelaar
De nacht fan Mare fan Willem Schoorstra
Renger fan Nyk de Vries
Rink van der Veldepriis en begjin seizoen Skriuwersarke kombinearre
De útrikking fan de Rink van der Veldepriis en de ôftraap fan it seizoen fan de Skriuwersarke op De Feanhoop fine dit jier plak op freed 15 juny. De inisjatyfnimmers de gemeente Smellingerlân, de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en It Fryske Gea sette dat mei-inoar op priemmen.
Oanlieding
De oanlieding foar de gearfoeging is it fertrek fan Friese Perse Boekerij út de organisaasje fan de Rink van der Veldepriis; de útjouwerij gong fallyt. De stifting FLMD dy’t alle simmerskoften de Skriuwersarke fan It Fryske Gea hiert en beskikber stelt oan skriuwers, hie al earder oanjûn yn de organisaasje fan de literatuerpriis behelle te wurden. Gemeente Smellingerlân en Stifting FLMD hawwe de gearwurking bepraat en seagen in moaie kâns de krêften te bondeljen en in feestlike byienkomst te organisearjen ta profyt fan de Fryske literatuer. It doel is ek oare jierren mei dy nije opset troch te gean.
Sjuery Rink van der Veldepriis 2018
De boeken dy’t yn 2016 en 2017 ferskynd binne en yn ‘e beneaming kamen om lêzen te wurden troch de sjuery, binne lêzen en hifke troch: Andries van Weperen, Alian Akkermans-Hofstra en Janny Bottema-de Jong. Hjirby in lyts foarstelrûntsje:
Willem Schoorstra skriuwt Kadoboek 2019
Willem Schoorstra út Ternaard is de auteur fan it Fryske Kadoboek 2019. Schoorstra (1959) krige yn 2005 de Fedde Schurerpriis foar Swarte Ingels. Neist skriuwer is Schoorstra ek kolumnist by Omrop Fryslân. Dizze simmer wurdt it iepenloftspul Rêdbâd yn de teatertún fan Broeksterwâld opfierd, dat basearre is op syn roman Rêdbâd – kronyk fan in kening. Fan dit boek ferskine ynkoarten in Nederlânske oersetting en in Frysktalige werprintinge. Yn 2017 ferskynde fan syn hân de roman De nacht fan Mare. It inisjatyf foar it Kadoboek komt fan 'e stichting Boeken fan Fryslân. (Boarne LC.)
LJOUWERT – De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000.
Iepen hûs by Tresoar op 3 febrewaris
Feestlike ôftraap fan Lân fan Taal-aktiviteiten by Tresoar
Op sneon 3 febrewaris stiet Tresoar yn it middelpunt fan de belangstelling yn it iepeningswykein fan Lân fan Taal, in belangryk ûnderdiel fan Ljouwert/Fryslân 2018. Besikers kinne by dizze feestlike middei genietsje fan útstallingen, optredens, lêzingen en performances. De start fan in breed, ferrassend en ferdjipjend 2018. wy nûgje dy fan herte út om by dizze middei oanwêzich te wêzen.
Foar it literêre útwikselingsprojekt Other Words/Oare Wurden siket Tresoar nei in Fryske skriuwer dy’t de útdaging oandoart om acht wiken lang yn Ierlân te wenjen en te wurkjen.
It projekt Other Words/Oare Wurden is in ynternasjonaal literêr útwikselingsprojekt. Doel is om in netwurk op te bouwen fan skriuwers yn lytse- en minderheidstalen yn Europa. Njonken Fryslân dogge en Baskelân, Ierlân, Slovenië en Masedoanië mei oan it projekt. Earder ferbleaune der ek al Fryske skriuwers yn San Sebastián (Baskelân), Bitola (Masedoanië) en Maribor (Slovenië). Ek ferwolkomme Ljouwert al fjouwer bûtenlânske skriuwers.
Hjoed begjint de seleksjeproseduere foar it folgjende ferbliuw: in Fryske auteur mei yn de simmer fan 2018 acht wiken nei Dublin (Ierlân) om ynspiraasje op te dwaan, te (net)wurkjen en diel te nimmen oan kulturele aktiviteiten. Hy of sy docht dêrfan ferslach yn blogs. Foar dit útdaagjende karwei siket Tresoar in skriuwer of skriuwster mei in goed plan, de nedige ûnderfining yn de literêre wrâld en in sûne doasis moed. Behearsking fan de Fryske taal is wol fereaske: it ferbliuw moat resultearje yn in literêr wurk fan maksimaal 5000 wurden, yn it Frysk. Dat wurk wurdt oerset yn fiif talen foar publikaasje op de webside fan Oare Wurden/Other Words en yn in boekwurk.
Oant 15 maart is er de mooglikheid om in foarstel yn te tsjinjen. De skriuwer (m/f) fan it bêste foarstel reizget ein juny nei Dublin ôf. Foar ûnderdak wurdt soarge, en der is in honorarium en fergoeding fan de ferbliuws- en reiskosten beskikber.
Mear ynformaasje oer it seleksjeproses en de betingsten fan de útwikseling fan Other Words/Oare Wurden is te finen fia Marre Sloot, projektlieder fan Other Words/Oare Wurden yn Fryslân: Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen.
Obe Postma gedichtemiddei yn gearwurking mei Tresoar
Tiid: freed 6 april 2018, 15.00 – 17.00; foarôf: boekpresintaasje trijetalige bondel fan Postma-fersen (útwreide twadde ferzy fan What the poet must know)
Plak: Gysbert Japicxseal, Tresoar
Lânskipspine (?) - In útdaging foar de Fryske dichters. (Wedstriid)
Yn 2018 sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer beskikber wêze foar in skriuwer of dichter. Dy kin yn alle rêst dwaande wêze mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân.
De nije dokumintêre “Yn dit lânskip leit myn libben” dy’t op it Noordelijk Filmfestival 2017 yn premjêre gien is wol Tresoar yn 2018 yn it ramt fan Lân fan taal in ynternasjonaal publyk yn 'e kunde komme litte mei de skjintme fan de Fryske literatuer.
Op 14 oktober waard de Gysbert Japicxpriis útrikt oan dichter Eppie Dam. Hjir binne alle bydragen fan dy feestlike middei te finen.
Op 14 oktober 2017 waard de Gysbert Japicxpriis 2017 útrikt oan dichter Eppie Dam foar syn dichtbondel Fallend ljocht (2014). Bouke Oldenhof spruts op dy dei as foarsitter it ferslach út fan de advyskommisje. Dat ferslach is op Sirkwy te lêzen troch hjir te klikken.
Hjirûnder fine jo de útnûging foar de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2017. Elk is fan herten wolkom.
De Gysbert Japicxpriis 2017 giet nei Eppie Dam foar syn dichtbondel Fallend ljocht (2014). Dat hat de Provinsje Fryslân bekendmakke yn in parseberjocht op 27 septimber.
De provinsje Fryslân kin it idee om in 'Dichter fan Fryslân' te beneamen it bêste loslitte neffens it dichterskollektyf ‘DichterS fan Fryslân’. Yn plak dêrfan kin de provinsje mei harren yn see gean. Om dy oprop krêft by te setten giet it kollektyf dizze wike alfêst los.
Yn in parseberjocht fan de provinsje is it folgjende bekend makke; wy merke hjirby op dat nominearre Abe de Vries oanjûn hat him werom te lûken; hjirby yntegraal it berjocht fan de Provinsje Fryslân:
Foar in wiidweidige biografy oer it libben fan Rients Gratama, klik hjir.
Mear witte? Nim kontakt op mei Tresoar.
Email: literatuer@tresoar.frl
Webside: www.tresoar.frl