Yn de foarbije moannen hat de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2015 alles lêzen wat der yn it tiidrek 2011-2014 oan Frysk proaza (fiksje en non-fiksje) ferskynd is.

Yn in tal gearkomsten ha de fiif leden fan de kommisje earst yngeand praat oer de betingsten foar it takennen fan de priis. Dêrnei binne de boeken hifke en nei fûleindige petearen hat de kommisje – ienriedich – in seleksje makke fan tolve boeken, dy’t foar de priis yn ’e beneaming komme.

De advyskommisje hat boeken keazen mei in literêr karakter, dy’t aventoerlik en fernijend skreaun binne en de rikens fan it Frysk dúdlik sjen litte.

No komt it der foar de kommisje op oan alle tolve boeken op ’e nij te hifkjen en úteinlik in kar te meitsjen. Wylst de kommisje dy kar makket, soe it moai wêze as alle oare lêzers fan Fryske literatuer deselde tolve boeken ék liezen. It binne allegear pearels, stik foar stik boeken dy’t it fertsjinje om kocht of út de bibleteek liend te wurden. It iene is tige modern, it oare útdaagjend en wer in oar boek is ferbjusterjend. It wurdt foar de advyskommisje noch in echte poepetoer om úteinlik in winner oan te wizen.

Op 1 juny 2015 komt de kommisje mei in rige fan trije boeken, dy’t dan noch kâns op de priis ha.

Dêrnei stjoert de kommisje in advys nei Deputearre Steaten fan Fryslân, sadat op it Boekefeest fan 11 septimber de winner bekind makke wurde kin. Op 10 oktober sil de Gysbert Japicxpriis 2015 útrikt wurde yn Boalsert.


De titels dy't op tal steane


as gong der in oar 2013 300x197
As gong dêr in oar– Leo Popma


de triennen fan cheetah 2014 300x214
De triennen fan Cheetah – Anne Feddema


einum 2012 300x217
Einum – Koos Tiemersma


frou mei mandoline op sofa 2014 300x199
Frou mei mandoline op sofa – Josse de Haan


in kop as in almenak 2013 300x211
In kop as in almenak
– Elske Hindriks


it libben fan in oar 2012 300x200
It libben fan in oar
– Jetske Bilker


kofje ferkeard 2011 300x199
Kofje ferkeard
– Margryt Poortstra


kompleten 2013 300x207
Kompleten
– Marga Claus


littenser merke 2013 300x200
Littenser Merke – Ale S. van Zandbergen


op klompen troch de dessa 2014 300x214
Op klompen troch de dessa – Hylke Speerstra


redbad 2011 300x201
Rêdbâd – Willem Schoorstra


wat it is om bang te wezen 2012 300x201
Wat it is om bang te wêzen – Sipke de Schiffart.


De advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2015 bestiet út:
Marga Waanders (foarsitter), Yvonne Dijkstra, Kester Freriks, André Looijenga en Doeke Sijens.
Mear oer de advyskommisje

Mear oer de Gysbert Japicxpriis


[bekendmakke  3 maart 2015]