De advyskommisje fan de Obe Postmapriis 2016 hat de folgjende fjouwer titels op tal set foar de priis:

 

de ferjilder 2015
De ferjilder fan Marten Toonder, oersetting Harke Bremer en Jarich Hoekstra
Mei De ferjilder hat it skriuwers- en oersettersduo Bremer & Hoekstra it safolste staaltsje fan oersetkeunst sjen litten. Marten Toonder syn ûnneifolchber proaza – in gearmjuksel fan argaysk, eigensoartich en ynnovatyf Nederlânsk – is op ’e nij mei grutte taalkundige krektens (akriby, yn faktaal) oerset. It boek lit dêrmei sjen hoe elastysk en plastysk oft it Frysk wêze kin. Bremer en Hoekstra hawwe yn 1996 al earder de Obe Postmapriis krigen, mar dat hat de sjuery net tsjinhâlde kind en nominearje dit boek.

 

erik of it lyts ynsekteboek 2015

Erik of it lyts ynsekteboek fan Godfried Bomans, oersetting Geart Tigchelaar
Bêst spannend en set in boek oer dat ta de klassikers van de Nederlânske berneliteratuer rekkene wurdt. Dat is Tigchelaar tige goed slagge. Hy jout Bomans syn blomrike taal wer yn geef en soepel Frysk. Boppedat hat er de dûbelde laach yn it nuvere ferhaal yntakt hâlden. Spot mei konservatisme en krityk op it primaat fan de wittenskip kinne tusken de rigels troch lêzen wurden. Sadwaande sille net allinnich bern mar ek folwoeksenen har mei de Fryske útjefte fan dit boek fermeitsje kinne.

 

in see fan stilte vercors 2012

In see fan stilte fan Vercors, oersetting Piter van der Veen
In see fan stilte is in Frânsk boek út 1942, dat ek ferfilme is: ‘Le silence de la mer’. It oangripende fersetsferhaal is yn moai Frysk oerset en it beklemmende gefoel fan de Frânske tekst is beholden bleaun. De sjuery is fan oardiel dat der sprake is fan in ryk taalgebrûk. It is goed dat de Fryske oersetting no ek syn plak hat yn de rige ynternasjonale oersettings fan dit boek.

 

stofsugersjongers 2013

Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers fan Tsead Bruinja, eigen oersetting
Dit boek is in útjefte yn trije diminsjes: Fryske gedichten fan Tsead Bruinja mei linige oersettings yn it Nederlânsk, prachtige yllustraasjes fan de byldzjend keunstneres Mirka Farabegoli en in cd mei moderne klassike muzyk fan saxofoaniste Femke IJlstra. De sjuery fûn dy kombinaasje in fynst dy’t it boek ta in nijsgjirrich gehiel meitsje.
De gedichten fan Tsead Bruinja hawwe yn Stofsûgersjongers/Stofzuigerzangers as sintraal tema ‘thúskomme’ yn ’e breedste sin fan it wurd. Sa as it measte wurk fan Bruinja, binne de gedichten tagonklik en geane oer gefoelens dy’t eltsenien begrypt en werkent. Hij slagget deryn om yn de Nederlânske oersettings dyselde toan te treffen en de oersettings binne sadwaande like oertsjûgjend as de Fryske orizjinelen.

De adyvskommisje 2016 >>

De Obe Postmapriis
De Dr. Obe Postmapriis is yn 1984 troch de Provinsje Fryslân ynsteld. It is de priis foar oersettingen yn en út it Frysk, yn alle sjenres. De priis wurdt om de fjouwer jier útrikt. Omdat de foarige priisútrikking mei in jier fertraging plakfûn, beslacht de priis dizze kear it tiidrek 2011-2015.
Mear oer de priis

Fierdere gong fan saken
Op 9 septimber start de kulturele manifestaasje ‘Swalk – Frysk op toernee’ mei it jierlikse Frysk Boekefeest. By dy gelegenheid wurdt de winner fan de priis bekendmakke. Op freed 4 novimber rikt Deputearre fan Kultuer Sietske Poepjes de priis út yn it Stedhâlderlik Hof yn Ljouwert. Foar mear ynformaasje, sjoch sirkwy.frl.


[pleatst 20.06.2016]