Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe yn har gearkomst fan 9 septimber 2014 de advyskommisje beneamd foar de Gysbert Japicxpriis 2015. De priis sil takend wurde foar oarspronkelik Frysk proaza út it tiidrek 2011-2014; dat kin ien titel wêze of in hiel oeuvre. De foarige proazaïst dy’t de priis wûn wie Durk van der Ploeg yn 2011 foar al syn literêr proaza. In oersjoch fan alle priiswinners stiet hjir.
De kommisje bestiet út Yvonne Dijkstra, Kester Freriks, André Looijenga, Doeke Sijens en Marga Waanders. Lêstneamde is foarsitter.
Yn maart 2015 sil op Sirkwy de longlist pleatst wurde fan in earste seleksje fan titels dy’t neffens de advyskommisje yn de beaming komme foar de priis.
De priisútrikking is op sneon 10 oktober 2015 yn Boalsert.
Mear oer de Gysbert Japicxpriis
Longlist, bekendmakke 03.03.2015 en shortlist, bekendmakke op 01.06.2015
Mear oer de leden fan de advyskommisje
Yvonne Dijkstra (Nes(D), 1974) studearre Nederlânsk en Frysk yn Grins en is op it stuit dosint kommunikaasje op de Hanze Hogeschool yn Grins. Fan 2006 oant 2010 wenne se mei har man en famke op it Deenske waadeilân Rømø; yn it Friesch Dagblad die hja ferslach fan dy tydlike emigraasje. Yvonne Dijkstra skreau yn de perioade fan 1999 oant 2002 boekbesprekken foar it Friesch Dagblad en pakte dat nei in ûnderbrekking yn 2005 wer op. Sûnt 2010 skriuwt se sa no en dan ek foar De Moanne.
Kester Freriks (Djakarta, 1954) kaam as jonkje van trije nei Nederlân. Hij studearre Nederlânsk oan de Universiteit van Amsterdam en wurke as oersetter en akteur. Yn 1979 ferskynde syn debút Grand Hotel Lembang dêr’t er de ûnderfiningen fan de weromkommer yn Nederlân yn ferwurke. Dêrnei boude er in karriêre op as romanskriuwer, dichter en essayist. Fan 1981 ôf is er ferbûn oan NRC Handelsblad; hy skriuwt toanielresinsjes, skôgingen, reportaazjes, natuersênes en reisferhalen. Foar de bylage Boeken folget er de Skandinavyske literatuer. Hy is geregeld yn Fryslân te finen: hy hat in fakânsjehûs yn de Stellingwerven en hy trede op yn literêre programma’s, ûnder oare yn Tresoar by de startjûn fan it festival Explore the North yn 2011.
André Looijenga (Tersoal, 1982) studearre Gryksk en Latyn yn Grins en kaam troch syn taalkundige en literêre ynteresse ek út by it Frysk. Sûnt 2011 is er redakteur fan it Frysk literêr tydskrift ensafh, en oppenearret er him as essayist en oersetter. Foar de universiteit fan Grins wurket er op it stuit oan it better tagonklik meitsjen fan ier-moderne histoaryske en wittenskiplike teksten. Op akademysk mêd hâldt hy him dwaande mei de kulturele en sosjale skiednis fan taal, literatuer en foarming fan identiteiten. Yn 2012 siet er yn de sjuery fan de Obe Postmapriis.
Doeke Sijens (Hantum, 1955) folge de biblioteekakademy yn Grins en is haad fan de Iepenbiere Bibleteek fan Grins. Syn earste ferhaal stie yn 1986 yn Trotwaer, de debútbondel Nei it lân fan palmerûzjen ferskynde yn 1998. As earste Fryske auteur beskreau er it tema fan de homoseksualiteit fan binnen út. Hy siet tsien jier yn de redaksje fan Trotwaer en letter De Moanne. Yn 2001 ferskynde Sijens syn biografy fan Reinder Brolsma dêr’t er yn 2002 de Fedde Schurerpriis foar krige. Hy wie ek in skoft warber as foarsitter fan de Koperative Utjouwerij. Fan ein 2011 ôf is er literêr resinsint by de Ljouwerter Krante. Sijens skriuwt ek yn it Nederlânsk. Tegearre mei Coen Peppelenbos skreau er de Tavenier-trilogy, in komyske gay-soap. Okkerdeis ferskynde Lauwertakken en distels. De complete Couperus herlezen.
Marga Waanders (Hengelo, 1959) studearre Nederlânsk en Dútsk oan de learareoplieding Ubbo Emmius, foarrinder fan de NHL, en dêrnei Nederlânske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Se wurke as dosint Nederlânsk yn it middelber ûnderwiis, it mbo en oan de NHL. Letter waard se dêr beliedsmeiwurker pr en kommunikaasje en wurdfierder fan de direksje. Yn 1990 kaam se foar de PvdA yn de gemeenterie fan Ljouwert, fan 1995 wie se fraksjefoarsitter. Fan 2001-2009 wie se wethâlder en fan jannewaris 2009 ôf is Marga Waanders boargemaster fan de gemeente Dongeradiel. Se wie ûnder oare bestjoersfoarsitter fan de Stichting Herdenking J.J. Slauerhoff.
[pleatst 10.09.2014]