Nijs fan de advyskommisje 1 juny 2015

Nederlands >>
De trije nominearren, filmkes oer har boek >>
8 sept. 'Zomergasten'-jûn >>

Op de shortlist foar de Gysbert Japicxpriis 2015 steane de folgjende trije titels:


einum v lr 2015
Einum fan Froon Akker (pseudonym fan Koos Tiemersma)

Einum biedt in filmyske blik op it libben yn in hjoeddeiske plattelânsmienskip. De ferteller lit ús yn de kunde komme mei de kleurrike bewenners yn in úthoeke fan in noardlike krimpregio. Yn elk haadstik sjogge wy it doarpke út it perspektyf fan in folgjend personaazje, wêrmei’t de byinoar lâns en mei-inoar belibbe ferhalen yninoar ferfrissele wurde. De skriuwer hâldt de faasje deryn troch syn bysûndere fernijende fertelstyl. Mei humor, en ek each foar tragyk, hat er in wrachtich boek skreaun oer it moderne Fryslân.

* * *

kop as in almenak 2013
In kop as in almenak
fan Elske Hindriks

In kop as in almanak
is in sosjale famyljeskiednis oer it frijwol ferjitten berop fan beurtskipper. Wêrs fan falske romantyk of nostalgy toant de roman maatskiplike feroaringen, springend troch de tiid, wêrby’t de notiid hieltyd sterker yn ’e kikert komt. Dêrby is de ferbinende faktor de ferteller dy’t ûndersiket wat de mooglikheden mar fral ûnmooglikheden binne om gryp te krijen op it ferline. Ek it skriuwproses op himsels is dêrmei in ûnderwerp yn dit boek.

* * *

littenser merke 2013

Littenser Merke fan Ale S. van Zandbergen

Twa prachtige ferhalen oer itselde doarp, byinoar brocht yn in hechte komposysje. Yn it iene ferhaal giet it om in dûmny út it njoggentjinde ieuske doarp, dy't sa mei syn geloof dwaande is, dat er neat fernimt fan de langsten fan syn frou. Mar de skriuwer ken ek mei grutte oertsjûging skriuwe oer it grutwurden fan in gefoelige jonge mear as hûndert jier letter. Yn beide ferhalen wurde de (feroarjende) omstannichheden yn 'e doarpsmienskip mei grut gefoel foar detail beskreaun.

* * *

Advyskommisje
De advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2015 bestiet út: Marga Waanders (foarsitter), Yvonne Dijkstra, Kester Freriks, André Looijenga en Doeke Sijens.
Mear oer de advyskommisje

Fierdere gong fan saken
De foarsitter fan de advyskommisje makket de priiswinner bekend op it Frysk Boekefeest op 11 septimber, de iepeningsjûn fan de kulturele manifestaasje Swalk - Frysk op toernee.
Op sneon 10 oktober rikt Deputearre fan Kultuer Sietske Poepjes de priis út yn de Martinitsjerke yn Boalsert, berteplak fan Gysbert Japix. Belangstellenden binne fan herten wolkom om de feestlike útrikking by te wenjen. Letter komt dêr op dizze site mear ynformaasje oer.

De Gysbert Japicxpriis, mear


[pleatst 1 juny 2015 / affysje 9 juny]