Sûnt 1983 kent it bestjoer fan it Simke Kloostermanlien ienris yn 'e trije jier de Simke Kloosterman Priis ta oan it bêste Frysktalige berne- of jeugdboek, útjûn yn 'e trije foarôfgeande jierren. Dit jier is wer in jier fan de priisútrikking.
Dy sil hâlden wurde op freed 20 maaie 2016 om 15:00 oere yn 'e Petrustsjerke yn Twizel.
Om it oansjen fan de priis te ferheegjen en sa it belang te ûnderstreekjen fan kwalitatyf goede berne- en jeugdliteratuer hat it Simke Kloostermanlien it prizebedrach opnij ferhege en fêststeld op €5000
It bestjoer fan it Lien is dwaande om it reglemint foar de priis oan te passen en te ferbreedzjen. Sa kin de priis ek takend wurde oan in boekesearje of it oeuvre fan in skriuwer.In oare wichtige oanpassing is dat by printeboeken/stripboeken de priis takend wurdt oan skriuwer en yllustrator beide.
Dêrneist wurket it Lien oan kwaliteitsferbettering yn de organisaasje fan de Simke Kloostermanpriis, dy’t de wichtichste priis is foar Frysktalige berne- en jeugdliteratuer.
De tariedings foar de tolfde edysje binne al los. Trije sjueryleden binne te set mei de boeken dy't útkaam binne yn de jierren 2013, 2014 en 2015. Tresoar fersoarget in oersjoch fan alle útjeften en de Fryske útjouwers stelle de boeken beskikber.
De sjueryleden binne Sytske Eringa, Sigrid Kingma en Willem Verf.
Sytske Eringa (Burchwert, 1957) wie sân jier wurksum yn it basisûnderwiis en hat dêrnei de Academie voor Logopedie dien yn Grins. Fan 1989 ôf wurket se as logopedist yn it spesjaal ûnderwiis. As lid fan de Wurkgroep Logopedy en it Fryskhat hja meiwurke oan Oan 'e slach mei Fryske printeboeken [MSU 1996], in hantlieding foar it brûken fan Frysktalige printeboeken yn 'e logopedyske terapy. Fan 2006 oant 2014 wie hja foarsitter fan de Stichting It Fryske Berneboek en hja is no noch aktyf yn de wurkgroep mei deselde namme. Yn 2012 hat hja diel útmakke fan de redaksje fan it boek Stille nacht, wûndernacht, in krystboek foar bern.
Sigrid Kingma (Drachten,1989) studearre Nederlânsk en Frysk oan de Ryksuniversiteit yn Grins. Se hat foarsitter west fan stúdzjeferiening Skanomodu en wie hûsdichter by it blêd Skanoskrift. As Frysk dichter draacht se gauris foar by ferskate gelegenheden yn en bûten Fryslân. Har ynteresse giet út nei de berneliteratuer der't se yn 2012 foar it Sirkwy Sympoasium in lêzing oer holden hat. Sûnt dy tiid resinsearret se de berneboeken foar it Friesch Dagblad. Sigrid hat by ferskate tydskriften belutsen west as resinsint en kolumnist. Se wurket op it stuit oan in dichtbondel.
Willem Verf (Snits, 1949) wennet sûnt 1972 yn Ikkerwâld (Damwâld), is troud, heit en pake. Fan berop is er romanskriuwer, hy publisearre seis boeken (romans, novellen, koarte ferhalen). Verf wie de earste winner fan de Fedde Schurerpriis foar debutanten mei syn ferhalebondel In delgeande tiid en oare plysjeferhalen. Hy wie earder aktyf yn it wolwêzenswurk en de folwoeksene-edukaasje. De lêste 14 jier fan syn beropslibben wie er direkteur fan de grutste Ljouwerter wolwêzensorganisaasje. Hy siet dêrneist fan 1995 oant en mei 2003 foar Grien Links yn Provinsjale Steaten fan Fryslân en wie fraksjefoarsitter. Op it stuit docht er bestjoerlik wurk û.o. foar Fryske kulturele organisaasjes. Hy pleitet foar in Brede Maatskiplike Diskusje oer de takomst fan de Fryske taal. Mear >>>
Eardere priiswinners fan de Simke Kloostermanpriis op sirkwy, in oersjoch >>
[pleatst 02.02.2016]