De sjueryleden Sytske Eringa, Sigrid Kingma en Willem Verf hawwe út de list fan sa'n 30 titels fan jeugd- en berneboeken, útjûn yn de jierren 2013, 2014 en 2015, de folgjende fjouwer boeken nominearre:
It betinken fan de sjuery oer de fjouwer boeken
Femke faalt
It earste Fryske e-book foar bern hat de titel Femke Faalt. Femke is in fyftjinjierrige eks-gymnasiast en is frijwat talich. Se drumt yn de skoalband en wurket yn in snackbar. Mei har hertsfreondin Jellien dielt se hast alles. Oant no ta liket alles frij goed, mar Femke komt út in wat ûngelokkige húshâlding. Se hat sûnt se op de havo sit in minne relaasje mei har mem dy’t fynt dat se der op skoalle mei de pet nei goaid hat. Har heit sit yn fersekeringen en keapet syn ôfwêzigens ôf mei kadootsjes. Har broerke wurdt op skoalle ek wol Sjors Zombie neamd.
Net allinnich moat Femke noch wenne oan har mislearring op it vwo, se hat ek wat problemen mei ien fan de bandleden fan de metalband. Sjonger Douwe-Jan siket hieltyd nei redenen om Femke út de band te setten. De knappe gitarist Lennard komt foar har op. It docht bliken dat er in eachje op har hat. Se krije al gau ferkearing.
Op in nacht begjinne nijsgjirrige petearen mei Sjors en leart se him fan in oare kant kennen. Hy wit wêrom’t harren mem sa’n iiskeninginne liket. Se hie wollen dat har dochter it fierder skopte as sysels. It ferhaal rint út de hân as útkomt dat heit in oplichter is. Se wurde thús bestoarme troch media, witte net wêr’t harren heit is en Femke komt yn in gefaarlike situaasje telâne.
Femke faalt is in flot skreaun boek en hielendal fan dizze tiid. Der sit in soad psychology achter de húshâlding dêr’t Femke út komt, mar it wurdt luchtich holden. Opboutechnysk sit it ferhaal sterk yn mekoar, wat foar de nedige spanning soarget.
Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen
Yn it fleurich útsjende boek Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen krijt it puberfamke Marike troch har entûsjasme en har dreamerige en gaotyske gedachten in soad foar de kiezzen. Se hat oanbean om in feest te organisearjen foar de fjirtichste jierdei fan har mem, mar makket it foar harsels dreech troch tefolle te betinken. Mei help fan har bêste freondin en in learaar fan itensieden komt se in hiel ein, mar tuskentroch lizze in oantal oare dingen dwers, sawol thús en op skoalle as mei de ferkearing.
Benammen de útdjipping fan de situaasjes en gedachten is mei in soad soarch dien. Marike is in dreamer en it boek begjint dan ek mei in dream. Oan de iene kant is se in rasoptimist, mar oan de oare kant prakkesearret se har stikken oer wat der allegear ferkeard gean kin. Meardere kanten fan har karakter wurde útdjippe en kleurje it ferhaal. Op skoalle hat se gauris problemen mei op tiid komme en har toetsen sitte har lang net altyd goed yn it ûnthâld. Marike seit earlik wat se tinkt, mar mei ek graach de clown úthingje, wat moaie humoristyske dialogen opleveret. Mei har freondin bepraat se al har plannen en soargen. As vmbo-famke hat se ferkearing mei in havist, by wa’t se ynearsten wat opsjocht. Thús hat se in broerke mei gedrachsproblemen dy’t fan harren âlden nei de psycholooch moat en it dêr muoilik mei hat.
Troch psychologyske útwurking libbest as lêzer mei Marike mei. Der sitte in pear ferrassende wendingen yn dy’t spanning oan it ferhaal jouwe. Sawol oer it gehiel as yn de lytse dingen as make-up en cupcakes fersiere is it in fleurich famkesboek dêr’tst enerzjy fan krijst.
In nije heit
Elts boek fan Thys Wadman falt fuort op troch de foarmjouwing. In nije heit is ek wer in plaatsje. It giet oer Gerke dy’t gek fan auto’s is en der alles fan wit. Benammen de technyske details fynt er machtich. Hy liket yn neat op syn heit, dy’t it leafst de hiele dei sit te fiskjen. Eins soe er graach wolle dat syn heit ek fan auto’s hold en by syn fuotbalwedstriden kaam te sjen. Oan syn mem freget er dêrom oft er op syn jierdei in nije heit krije kin.
Trije wike letter op syn jierdei is syn heit fuort. Syn mem stelt him foar oan Harm, syn nije heit. It is in man mei in burd en hy is in autoleafhawwer. Gerke hat krigen wat er woe, mar wit net wat er derfan tinke moat. De man hat pluspunten, mar ek neidielen. Boppedat tinkt er hieltyd faker oan syn âlde heit en freget er him ôf wêr’t dy keard is. Hy begjint in syktocht om út te finen wêr’t syn echte heit tahâldt. Syn buorfamke Laura wol him der wol mei helpe. Dat falt noch net ta. Troch waar en wyn komt er by it fiskersplak en by syn beppe yn it fersoargingstehûs yn Dokkum om nei syn heit te freegjen, mar hieltyd liket it op neat út te rinnen.
Alles wurdt ferteld út it perspektyf fan Gerke wei. It nijsgjirrichste oan dit ferhaal is datst as lêzer net witst wat der achter de wikseltrúk sit. Spilet syn mem in spultsje mei him of kaam de winsk fan har soan har goed út? Troch it iepen ein is it oan de fantasij fan de lêzer om it ferhaal ôf te meitsjen. It boek yntrigearret, set oan ta neitinken en lêst as in trein. Mei in pear prachtige sidefoljende yllustraasjes komt it ferhaal ta libben. Foar de hegere klassen fan de basisskoalle is dit in prachtich boek dêr’t benammen jonges fan genietsje kinne.
Dy iene foto
De kleurrike oantreklike kaft fan dizze ferhalebondel lit fiif jongeren sjen dy’t laitsjend in foto besjogge op harren mobyl. Dy iene foto, guon skriuwers hawwe de titel letterlik nommen en dêr in ferhaal omhinne skreaun. Oaren hawwe de titel frijer ynterpretearre. By de ynhâldsopjefte binne de ferhalen oardere op leeftyd yn trije kategoryen, oprinnend fan 12 oant 16 jier.
Alle skriuwers hawwe harren eigen stimpel op it ferhaal drukt. Sa hat Hein Jaap Hilarides as echte Biltker in Biltske Robinson Crusoë skoepen, in sechstjinjierrige winkelman yn it jier 1610 dy’t foar in weddenskip in jier lang op it waad wenje soe. Ate Grypstra hat syn ferhaal yn de foarm fan in brief skreaun, in brief fan in famke oan har deade freon Jesse. Hilda Talsma skriuwt oer Lineke dy’t op in saaie sinnefakânsje foar it earst stikem sterke drank krijt. Dan is der noch in fabel by fan Gerrit Hoekstra dy’t in rjochtdei beskriuwt dêr’t minsken op it matsje roppen wurde troch it bisteryk.
It ferskaat kin hast net grutter wêze. Dochs hawwe dizze ferhalen in soad mienskiplik. Se hawwe stik foar stik in sterke plot, lêze flot en slute oan by de ferbylding fan jongerein. De ferhalen binne lang genôch om de lêzer hielendal mei te slepen yn it ferhaal en koart genôch om yn ien kear út te lêzen. Net allinnich de tsien skriuwers ha hjir goed wurk levere, ek foar de einredaksje is in grut komplimint op har plak. Der is goed tocht om de ferhâlding jonges-famkesferhalen. De bondel jout de jeugd in soad ferskaat dat echt de muoite wurdich is.
Oer de nominaasjes
Foar it Simke Kloostermanlien binne Hanneke de Jong en Thys Wadman 'âlde bekenden'.
Sa wûn Thys Wadman de foarige edysje fan de Simke Koostermanpriis yn 2013 en Hanneke de Jong dêrfoar yn 2010. Ate Grypstra syn boek is it earste E-boek dat nominearre wurdt yn de skiednis fan de Simke Kloostermanpriis.
Nijsgjirrich is ek de nominaasje foar Dy iene foto, skreaun troch ferskate skriuwers. Reglemintêr is it goed mooglik it boek te bekroanen, meidat de priis takend wurdt oan it bêste boek fan ’e ôfrûne trije jier.
Priisútrikking
De Simke Kloostermanpriis 2016, besteande út in oarkonde en in bedrach fan € 5000,- sil op freed 20 maaie útrikt wurde troch Deputearre Sietske Poepjes yn de Petrustsjerke yn Twizel.
De sjuery
Mear oer de sjueryleden
Simke Kloostermanpriis
Wa’t mear witte wol fan it Simke Kloostermanlien en de Simke Kloostermanpriis kin terjochte op www.simkekloosterman.frl en op Sirkwy.
[pleatst 21 maart 2016]
Nei it priiswinnende boek.
[pleatst 13 april 2016]