De Simke Kloostermanpriis 2016 giet nei Hanneke de Jong foar har jeugdboek Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen. De priis jildt foar it bêste Frysktalige berne- of jeugdboek fan de ôfrûne trije jier en waard yn 1982 ynsteld troch it Simke Kloostermanlien. De sjuery fan dit jier bestiet út Sytske Eringa, Sigrid Kingma en Willem Verf (mear).


It bekroande boek

trettjin dagen 2013

Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen giet oer Marike, in puberfamke dat troch har entûsjasme en har dreamerige en gaotyske gedachten in soad foar de kiezzen krijt. Se hat oanbean om in feest te organisearjen foar de fjirtichste jierdei fan har mem, mar makket it foar harsels dreech troch tefolle te betinken. Mei help fan har bêste freondin en in learaar fan itensieden komt se in hiel ein. Tuskentroch lizze in oantal oare dingen dwers, thús, op skoalle en mei de ferkearing.
De sjuery hat lof foar de soarch wêrmei’t de skriuwster de situaasjes en gedachten útwurke hat. Marike is in dreamer en it boek begjint dan ek mei in dream. Ferskate kanten fan har karakter wurde útdjippe en kleurje it ferhaal. Oan de iene kant is se in ras-optimist, mar oan de oare kant prakkesearret se har stikken oer wat der allegear ferkeard gean kin. Op skoalle hat se gauris problemen mei op tiid komme en har toetsen sitte har lang net altyd goed yn it ûnthâld. Marike seit earlik wat se tinkt, mar mei ek graach de clown úthingje, wat moaie humoristyske dialogen opleveret. Mei har freondin bepraat se al har plannen en soargen. As vmbo-famke hat se ferkearing mei in havist, by wa't se ynearsten wat opsjocht. Thús hat se in broerke mei gedrachsproblemen dy't fan harren âlden nei de psycholooch moat en it dêr muoilik mei hat.
Troch de psychologyske útwurking libbet de lêzer mei Marike mei. Der sitte in pear ferrassende wendingen yn it plot dy't spanning oan it ferhaal jouwe. Sawol oer it gehiel as yn de lytse dingen as make-up en cupcakes fersiere is it in fleurich jeugdboek dêr'tst enerzjy fan krijst. Boekprofyl en resinsjes op sirkwy.

Nominaasjes
De sjuery hie it wakker dreech om in kar te meitsjen út de fjouwer nominearre boeken. Hanneke de Jong hie sterke konkurrinsje fan Ate Grypstra (mei Femke faalt), Thys Wadman, de winner fan de Simke Kloostermanpriis 2013 (mei In nije heit) en de tsien skriuwers fan Dy iene foto. De nominaasjes waarden earder al op sirkwy bekendmakke. De sjuery hat de nominearre boeken nochris kritysk trochnaam om in definitive en ferantwurde kar te meitsjen. It sjueryrapport sil by de priisútrikking presintearre wurde.

Hanneke de Jong
Skriuwster
Foar it Simke Kloostermanlien is Hanneke de Jong perfoast gjin ûnbekende stjer. Yn 2007 krige hja in nominaasje foar Sterke skouders. Trije jier letter wûn hja de priis mei it boek Salsafamke. Nei Berber van der Geest (1989 en 1995) en Lida Dykstra (2004 en 2007) is Hanneke de Jong de tredde skriuwster dy’t de Simke Kloostermanpriis twa kear wûn hat. In oersjoch fan alle priiswinners is hjir te finen.
Hanneke de Jong wennet yn Frjentsjer en is berne yn Aldetrine yn ’e buert fan Wolvegea. Hja hat lang wurke yn it basisûnderwiis en letter yn it fuortset ûnderwiis. Dêrnei waard se foltiid skriuwster. Mar it ûnderwiis hâldt har hert en hja is no foar it twadde jier warber as ‘skoalskriuwer’ yn Deinum en Minnertsgea. De skoalskriuwer is in lanlik projekt om skoalbern yn ’e kunde te bringen mei lêzen, dichtsjen en it sels skriuwen fan ferhalen en gedichten.
Hanneke de Jong is in tige súksesfol twatalich skriuwster fan berne-en jeugdliteratuer. Hja skriuwt har boeken bytiden om en om yn it Frysk en Nederlânsk en fersoarget sels de oersettings yn beide talen.
Biografyske skets.

Priisútrikking
Hanneke de Jong krijt de priis, besteande út in oarkonde en in bedrach fan € 5000, op freed 20 maaie 2016 yn de Petrustsjerke yn Twizel útrikt út hannen fan Kultuerdeputearre Sietske Poepjes.

Bboarne: parseberjocht bestjoer Simke Kloostermanlien
Pleatst: 13 april 2016