Sirkwy.frl is de webside fan Tresoar foar dokumintêre ynformaasje oer de Fryske literatuer. De site is online sûnt maart 2017, as twadde ferzje fan in eardere dy’t bestie sûnt april 2010.
Jo fine op Sirkwy ynformaasje oer skriuwers, har wurk, wichtige saken oer literêre prizen, de nijferskynde Frysktalige titels en nijs út de literêre wrâld. Tresoar hat net de mooglikheid om in folsleine literêre aginda by te hâlden. Dêrfoar wurdt de brûker trochferwiisd nei (digitale) literêre poadia fan tydskriften, priveepersoanen of facebook.  

Hjirnei folget mear achtegrûn by de ferskate ûnderdielen fan Sirkwy, neffens it menu op de thússide.


DOSSIERS

Biografyske sketsen
Op sirkwy steane sa’n 300 biografyske sketsen fan Fryske skriuwers yn it Frysk, 75 yn it Nederlânsk en in pear yn it Ingelsk. De skets jout in koart byld fan libben, wurk en resepsje. De teksten binne yn de rin fan trije desennia skreaun troch in ferskaat oan minsken. Dat hat makke dat de opset fan de teksten wakker ûngelyk is en heterogeen, gjin ideale situaasje. De redaksje besiket om dêr geandewei ferbettering yn te bringen. 

Frysk-literêre prizen
De site jout ek in oersjoch fan de literêre prizen yn de Fryske literatuer, mei in list fan priiswinners troch de tiden hinne en byhearrende achtergrûnynformaasje, bygelyks de sjueryrapporten.

Skiednis
Foar in oersjoch fan de skiednis fan de Fryske literatuer wurdt trochferwiisd nei Salang't de beam bloeit fan Joke Corporaal, dat ûnder koördinaasje fan Tresoar yn 2018 yn it Frysk, Nederlânsk, Ingelsk en Frysk ferskynd is.


BOEKEN

Boekprofilen en ‘Oaren oer dizze titel’
In boekprofyl is in koarte digitale beskriuwing fan in boek mei trochferwizingen nei sekundêre literatuer ûnder it kopke ‘Oaren oer dizze titel’. Dyn ‘oaren’ binne yn it foarste plak de resinsinten út de Ljouwerter krante en it Frysk deiblêd (as it boek dêr besprutsen is, alteast). Wat de earste krante oangiet is der linkt nei it digitale argyf fan de LC (yn ‘De krant van toen’), dat yn oktober 2007 online gie. Fan de resinsjes út it FD binne pdf-scans makke fan de papieren krante of soms ek originele pdf’en brûkt; beide typen binne mei tastimming  fan it FD op sirkwy pleatst. It FD is fan april 2015 ôf opnommen yn ‘De krant van toen’.
Fierder binne der oare resepsje-dokuminten oanheakke, lykas besprekken út literêre tydskriften, resinsjes út oare kranten as LC en FD (sawol regionaal as lanlik), de samling fan Jelle van der Meulen, fraachpetearen nei oanlieding fan de oanbelangjende titel en sa mear.
Nota bene: De list fan artikels by ‘Oaren oer dizze titel’ is net folslein. Wa’t mear reaksjes op in boek siket moat sels yn aksje, bg. troch te sykjen yn de katalogus fan Tresoar of op ynternet.

Boekprofilen – ôfgrinzing   
Yn de earste ferzje fan sirkwy wiene 500 boekprofilen opnommen. Dy sille yn de rin fan 2017 starichwei ek wer opnommen wurde op de nije sirkwy.frl.
De redaksje fan Sirkwy hat him by it opstellen fan de boekprofilen earst rjochte op oarspronklik Frysk literêr proaza foar lêzers fan 12 jier en âlder – net omdat oarsoartich wurk gjin belang hat, mar omdat je in grutte lape wurk yn ôfbeakene stikken ôfwurkje moatte. Dêrby gie it yn it foarste plak om wurk fan 2000 of letter. As it sa útkaam waarden wol oarsoartige titels opnommen, bygelyks de nominaasjes by de Gysbert Japicxpriis foar poëzij of titels fan foar 2000.
De grins fan 2000 liket ynjûn troch it moaie rûne jiertal, mar hjir giet dat lykop mei de feroaringen troch de digitalisearring. Fan de belangrike Fryske literêre wurken binne oan 2000 ta alle resinsjes fan belang – doe allinne mar op papier – sammele yn maklik tagonklike hingmappen op de stúdzjeseal fan Tresoar. Foar fierder ûndersyk binne knipselmappen en ynbûne tydskriften beskikber. De knipselmappen binne ein 2016 nei it Kolleksjesintrum Fryslân oerbrocht en moatte in dei fan tefoaren oanfrege wurde.
Nei 2000 ferskynt fan de literêre produksje starichoan mear op ynternet. De boekprofilen op Sirkwy fan 2000 en letter foarmje in digitale oanfolling en útwreiding fan it hingmappesysteem. It úteinlikse doel is om alles digitaal te krijen.

Nij ferskynd wurk – ‘Disclaimer’
Alle jierren ferskine mear as hûndert nije boek- en muzykútjeften yn de Fryske taal. Tresoar sinjalearret dy foar syn eigen oanskafbelied yn de list Nij ferskynd wurk.
As dêr in titel yn neamd wurdt, betsjut dat net dat dy ek (al) by Tresoar beskikber is foar útliening; rieplachtsje dêr de katalogus foar.
De list Nij ferskynd wurk is ek bedoeld foar minsken dy't in byld ha wolle fan de resinte Frysktalige útjeften, lykas de advyskommisjes en sjuery's foar de takenning fan de Fryske literatuerprizen. Utjouwers of ynstellingen dy't Frysktalige publikaasjes yn it ljocht jouwe hawwe gjin meldingsplicht by Tresoar. De list wurdt sa goed mooglik byhâlden, mar Tresoar jout gjin garânsje dat er hielendal folslein is. Auteurs, útjouwers en oare betrutsenen kinne Fryske titels dy’t langer nei ferskinen noch net yn de list opnommen binne, melde by Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen..  

Digitale biblioteek
Ien fan de bysûndere ôfdielingen fan sirkwy is in digitale biblioteek mei 90 titels, opsetten yn ’e mande mei de DBNL.  Mear oer de fryske boeken yn de digitale biblioteek. >>>
Yn it ramt fan it digitalisearringsprojekt fan de Provinsje Fryslân sille noch folle mear Fryske boeken digitalisearre wurde. Sjoch oer dat projekt redbot.frl.   


AGINDA EN NIJS

De ôfdieling mei aginda en nijs hat benammen betrekking op aktiviteiten dêr’t Tresoar op ien of oare wize mei anneks is. It stiet noch te besjen wat der fan it nijsargyf fan de âlde site oernommen wurdt op dizze site.


KURSUSSEN

Tresoar fersoarget alle jierren literêre kursussen. Mear ynformaasje is by dit menu-item te finen.
 

KONTAKT

De redaksje fan Sirkwy is te berikken op email Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen..