In petear mei Piter Boersma by syn 75e jierdei. Troch Hein Jaap Hilarides.
1
Je binne drekst thús by Piter Boersma yn Loenen aan de Vecht. It hûs fan Piter en syn frou Jeltsje Venema sjocht der hast krekt sa út as yn Wiuwert. De fertroude keunstwurken hingje oan de muorre. Seis jier wenje se no yn it âlde doarp oan de bochtige Vecht. Dêrfoar hawwe se hiel lang yn Wiuwert en in skoftsje yn Hitsum en Ljouwert wenne. Piter komt út Warten, it doarp dat yn syn earste ferhalebondel toaniel is fan in pear ferhalen, en dêrnei út en troch yn syn wurk weromkomt.
Ik soe allegear fragen stelle oer syn Piter syn achtergrûn: oer syn famylje, it doarp dêr’t er berne is, syn skoaltiid en oplieding ensafuorthinne. Ek it wurk op de Fryske Akademy, de bern en de pakesizzers hie ik it oer hawwe wollen. De measte ûnderwerpen komme wol op it aljemint, mar koart en sydlings. Us petear giet fan it ien yn it oar. As ik letter weromryd nei hûs, tink ik by mysels, ik koe hast wol in skoftke yn in boek fan Piter taholden hawwe. Sa besjoen soenen man en wurk gearfalle.
Gelokkige jeugd
Om dochs even to the point te kommen, lis ik him in fraach foar dy’t ik op papier ha. Foar it petear ha ik ûnder oaren de ferhalebondel Hwat der bart út 1974 lêzen. Foar in soad keunstners is in ûngelokkige jeugd in boarne fan ynspiraasje. Mar yn de bondel stean meast moaie ferhalen – skreaun yn in strakke styl – oer dy tiid yn Warten en it liket der op dat Piter Boersma just in gelokkige bernetiid hân hat.
Ik stap mei de klompen yn ’e keamer en freegje: ‘Hasto it ‘probleem’ fan in gelokkige jeugd? Of is dat te swart-wyt?’
‘Helendal,’ seit Piter, ‘ik ha in prachtige bernetiid hân.’
Mar it hoe en wat seit er net folle oer. Dochs ha ik it idee dat hy mei en troch syn skriuwen werom wol nei dy gelokkige jeugd. It kin tafal wêze, mar letter yn it petear seit de skriuwer dat er mei in boek dwaande is oer Warten. Hy neamt syn bertedoarp dêryn Wettergea. It wurdt it meast tsjokke boek dat er oait skreaun hat. Sa giet Piter werom nei it begjin fan syn skriuwerskip. Mar miskien is it better om te sizzen dat de skriuwer wer in ‘autobiografyske perioade’ hat. Hoewol, hy seit der gau by dat er yn syn nije boek de werklikheid goed oprekt.
Piter Boersma as jonkje op 'e fyts. Foto: Ikonografy Tresoar.
Trije linen
Ik sjoch trije linen yn Piter syn skriuwerskip: in hyper-realistyske line, bygelyks jeugdherinneringen dêr’t de skriuwer hiel ticht by himsels liket te kommen sa as yn Hwat der bart of de dichtbondels Bûten en Ritueel. Dan binne der de aparte útstapkes lykas de kwatrinen fan Under Hildegards tsjoen of it boek Jacob Klaver oer de keatsferiening Jacob Klaver fan Mantgum. Piter Boersma hat ek toanielwurk oerset en dêrnêst de roman Les jeux sont faits fan Sartre bewurke ta in iepenloftspul; boppedat skreau er de jongereinmusical Par en hat er noch in pear oare stikken bewurke.
De tredde line is dy fan it absurdisme, of it absurde realisme. In moai foarbyld is It libben sels, dêr’t Piter yn 1998 de Gysbert Japicxpriis foar krige.
‘De earste boeken stean hiel ticht by my,’ seit Boersma oer dy yndieling. ‘Dat kloppet wol. Ik hie in soarte fan autobiografyske start. Hiel lang ha ik muoite hân om út dat hiele realistyske fan myn eigen libben te kommen. Foar’t earst is dat goed slagge mei It libben sels. Fan de iene kant giet dat werom op dingen út myn libben, mar ik ha dingen yn it ekstreme lutsen. Sa is de haadfiguer fiif kear troud, en ik mar ien kear. Ik fergrutsje bepaalde aspekten út, lûk se yn it absurde. Dat wie foar my in befrijing. Ik brûkte it autobiografyske wol, mar ik koe der no folle mear mei dwaan.’
De klûs fan Copmanshurst heart ek by dizze line. Dat boek is in soarte fan mearke. Boersma kombinearret dêryn de realiteit mei it absurde en dan op in mearke-achtige wize.
Ek It útsjoch út 2005 liket my frijwat autobiografysk ta. Piter seit oer dat wurk: ‘It útsjoch hat wol in autobiografyske ynslach, mar yn dat boek rek ik de grinzen fan it ‘normale’ tinken op. En mear as myn wurk dêrfoar is dat boek fragmintarysk opboud. It binne allegear koarte stikjes, mar mei-elkoar is it in bouwurk. De foarm dy’t ik my yn It libben sels eigen meitsje koe, hat my enoarm holpen om neist it autobiografyske oare eleminten yn myn boeken te bringen. Mei fantasy koe ik myn ferhalen rommer meitsje.’
Foto boppe-oan: Bertus Mulder rikt de Gysbert Japicxpriis oan Piter Boersma út foar syn boek It libben sels. Foto: Ikonografy Tresoar.
Meikoarten mear.