Oer Sirkwy

Sirkwy.frl is de webside fan Tresoar foar dokumintêre ynformaasje oer de Fryske literatuer. De...

Aginda

Nij ferskynd wurk - In seleksje

Fjoerdûnsers

Stabij

Tjibbe Hooghiemstra & Douwe Kootstra
Mear lêze oer dit boek >>>

De museummoard

Ferdinand de Jong
Mear lêze oer dit boek >>>

Moard yn tsjerke

Meindert Bylsma
Mear lêze oer dit boek >>>

Sjen

KURSUSSEN 2021-2022

Berne: 24-04-1949, Dieren

Wytze Brandsma waard berne yn Dieren. Hy wurke yn de maatskiplike tsjinstferliening, it ûnderwiis, it pastoraat, de sûnenssoarch en it wolwêzenswurk. Op dit stuit wennet er yn Gersleat, dêr't er in mini-camping driuwt.

Libben
Wytze Brandsma, agooch-teolooch, studearre nei de Edukative Akademy te Baarn oan de Katolike Teologyske Hegeskoalle te Utert. Syn doktoraalstúdzje Praktyske Teology makke er ôf oan de Katolike Universiteit, ek te Utert. Yn syn frije tiid hold er in deiboek by en skreau er gedichten.

Wurk
It skriuwen en syn stúdzje kamen byinoar doe't er tastimming krige in pear gedichten fan eigen hân [1] by syn doktoraal-skripsje te foegjen. Doe't yn 2015 syn jongste broer slim siik waard, skreau Wytze Brandsma gedichten dy't er hearre en sjen liet op in túnfeest dat dy broer joech 'om it libben te fieren'. Nei oanlieding hjirfan frege immen fan teologyske útjouwerij Narratio him oft er mear gedichten skriuwe woe.

Sadwaande ferskynde in jier letter de twatalige bondel God is het antwoord niet / God is it antwurd net, in bondel dêr't meardere printingen fan ferskynd binne. Brandsma syn poëzy is in delslach fan syn syktocht nei de sin fan it bestean. Hy omskriuwt himsels dan ek as in 'zinzoeker' of in 'relishopper'. Fakentiids hat syn wurk in filosofyske ynslach.

As bydrage oan Kulturele Haadstêd publisearre er yn 2018 twa bondels dy't, lykas syn debút, besteane út fjirtich gedichten. Earst ferskynde De neakene wierheid, oer de kwetsberens fan de om sin sykjende minske, en letter yn it jier Brâning, poëzy yn in mear maatskiplike kontekst. In jier letter folge de bondel Voorbij de nevel / De dize foarby.

Boarnen foar dit artikel
[1] Sietse de Vries, LC 19-10-2018

Bibliografy

Poëzy
2016: God is het antwoord niet / God is it antwurd net
2018: De neakene wierheid / De naakte waarheid
2018: Brâning / Branding
2019: Voorbij de nevel / De dize foarby

Ferskaat
2021: Lykwicht & Harmony / Evenwicht & Harmonie (skôgingen)

Mear ynformaasje
Kerk en Vrede (oer syn earste trije bondels)
Heerenveense Courant, 07-11-2018 (fraachpetear mei Jurjen K. van der Hoek)
Jurjen K. van der Hoek, Tumblr 07-09-2018 (besprek De neakene Wierheid)
Heerenveense Courant, 03-02-2018 (fraachpetear oer De neakene Wierheid)
De fleanende krie, febrewaris 2019 (oer syn earste trije bondels) 
Vrijzinning, maart 2019 (fraachpetear mei Erik Jan Tillema)
Jurjen K. van der Hoek, Tumblr 13-01-2020 (besprek De dize foarby)
Pieter Post, De nieuwe band, jannewaris/febrewaris 2020 (resinsje oer De dize foarby)
Jurjen K. van der Hoek, july 2021 weblog Kunst-stukjes (resinsje oer Lykwicht & Harmony)
Pieter Post, De nieuwe band, oktober/novimber 2021 (bespreking Evenwicht & Harmonie)   
Fulco van Hulst, doopsgezind.nl 10/11 2021 (oer Lykwicht & Harmony)  

©Tresoar, 27-10-2021

(foto auteur: Tresoar Haye Bijlstra)