Berne: 8-12-1715, frjentsjer
stoarn: 09-08-1763, DE lytse jouwer
-
Boeken, AV materiaal, artikels
- DIGITALE BIBLIOTHEEK NEDERLANDSE LETTERENDIGITALE BIBLIOTHEEK NEDERLANDSE LETTEREN
-
Gedichten
-
BYLDMATERIAAL
-
biografy nl
Jan Simens Althuysen wie in Frysk predikant en skriuwer.
Libben en wurk
Hy wie de soan fan Simen Jans Althuysen, dy't wolkjimmer en in foaroansteand boarger fan Frjentsjer wie. Doe't Jan 26 jier wie is hy begûn mei syn stúdzje teology. Gewoanwei duorre soks sa'n 4 jier, mar Althuysen hat der 9 jier oer dien. Doe hat er syn earste en ienige gemeente krige, De Lytse Jouwer en Boarnwert (1750-1763). Hy troude op 25 juny 1752 mei Titia Crab of Crabbe. It pear hat gjin bern hân.
Heit Simen wie in gelegenheidsdichter yn it Frysk. Syn soan is dêrmei fierder gien. Heit en soan hawwe doe it plan opkrigen om de psalmberiming fan Gysbert Japicx ôf te meitsjen. De Althuysens wienen rimers en gjin dichters. Se folgen de doe gongbere beriming fan de psalms fan Datheen sa't dy doe yn tsjerke songen waarden. Doe't it klear wie, is in bondel fan gedichten, mei as titel Fryske Rymlerije fan de beide Althuysens en fan Gysbert Japicx útkommen. Dêroan tafoege harren beriming fan de 100 psalms mei as titel David my dy oare lofsangen.
Althuysen hat de psalmberiming foarlein oan de klassis Dokkum foar tsjerklike goedkarring. Dy is yn 1755 jûn, mar syn kollega's lieten wol merke dat se der net optein oer wienen. Safier't bekend is, is yn tsjerke noait út de bondel songen.
Yn 1957 is de bondel psalms ûnder de titel Hôndert Psalmen fin David mei dy Tjien Geboaden troch de Fryske Akademy by Laverman yn Drachten op 'e nij wer útjûn; mei in taljochting fan Chr. Stapelkamp.
Boppe de noarddoar fan de tsjerke yn Boarnwert stiet noch in Frysk gedicht fan Jan Althuysen. Grif sjoen hat dat in moedige died west om't de tsjerke yn dy tiid al hielendal ferhollânske wie.
WURK
Publikaasjes
1755: Friesche Rymlery, yn twaa dielen bestaende, wier sin it ierste bystiet yn Forjyeringsrymmen, Brulloftsrymmen, Forstaerrringsrymmen in Mingelrymmen; it oorde diel bystiet uwt dy 150 Psalmen sin David mey dy oorre Lôfzangen.
©Tresoar, 16-06-2020