Berne: 29-10-1899, Moarre
Ferstoarn: 13-06-1962, Dokkum
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Teatske Alzum wenne har hiele libben yn Moarre, dêr’t har heit wurke as skuonmakker. Dêr hie se mei har suster Folkje, by wa’t se ek ynwenne, in winkeltsje yn harren âlderlik hûs. Folkje die de winkel, Teatske rêde mei de húshâlding. Se wie net troud. Yn it earstoan skreau se yn it Nederlânsk. Yn de oarlochsjierren folge se in kursus Frysk. Oer har skriuwerij yn it Frysk hat Teatske Alzum ris sein: Wat is it nuver dat men dêrmei pielt, netwier?
Tematyk en resepsje
Teatske Alzum skreau benammen koarte ferhalen, dy’t se foar publikaasje opstjoerde nei û.o. it Friesch Dagblad, Frysk en Frij en De Fleanende Krie. Lykwols, doe’t se yn 1962 ferstoar, die bliken dat der in folsleine roman yn hânskrift klear lei.
Dat boek waard in jier letter postúm by de KFFB útjûn ûnder de titel Iepen finsters. It tema fan it boek is de moeting tusken minske en God. Haadpersoan is Tabe, in jongfeint mei artistike oanlis. Hy wurket op it boerespultsje fan syn heit. Froulju spylje yn dit boek in grutte rol en dan benammen syn beppe en Gels, it famke fan wa’t er hâldt.De beppe wol net samar bûge foar God, Gels is de lichtsinnige kant neist. Gefolch is dat Tabe yn syn syktocht nei God faak foar beide froulju oer komt te stean. It needlot slacht ta as er by in ûngelok blyn wurdt. Yn syn blinens fynt er úteinlik it ljocht en giet er fierder yn de muzyk.
Jacob Noordmans [1] neamde it in opmerklik boek. Oan de iene kant sinjalearret er de swakke steeën, de breklike komposysje en de ûnwierskynlikheden, oan de oare kant seach er ek parten mei grutte dramatyske krêft en literêre hichten. Durk van der Ploeg [2] sinjalearre in skriuwster dy’t yn har wurk ‘folle better slagge as mannich kristlike romanskriuwer oant nou ta sjen litten hat’. Likegoed seach hy ek de tekoarten, mar dy wurde neffens hom oersljochte troch de ‘earlike, positive hâlding dy’t út it boek sprekt.’ Tiny Mulder [3] siet op deselde line en neamde Iepen finsters ien fan de meast weardefolle romans dy’t de KFFB útjûn hat.
Yn 1965 kaam Diggels út, in bondel mei tachtich ferhalen, besoarge troch E.S. de Jong, ek by de KFFB. It binne de ferhalen dy’t Teatske Alzum earder publisearre yn in ferskaat oan blêden. Yn Frysk en Frij [4] waard konkludearre dat Teatske Alzum yn har op it kristlik fermidden oriïntearre skriuwen ‘út giet boppe de simpele bekearing en de fromme toan fan de wissens'. De ferhalen diene Jo Smit [5] tinken oan in âlde folksballade ‘dy’t dramatyske foarfallen mei wissens, wysheit en emosionaliteit konkreet makket yn in lyts tal wurden’.
Yn 1978 besleat de NCRV ta it opsetten fan in folslein Fryske telefyzjejûn mei dêryn rom plak foar de bewurking fan trije ferhalen út Diggels ûnder regy fan Klaas Rusticus. Tagelyk waarden fyftjin ferhalen nochris útbrocht yn de bondel Boete dwaen.
Kate Ashton fûn it libben en wurk fan Teatske Alzum sa yntrigearjend, dat se yn 2004 in skôging yn kombinaasje mei in oantal ferhalen útbrocht ûnder de titel Teatske Alzum har wrâld. Jabik Veenbaas steurde him oan de retoryk fan Kate Ashton [6]. Ek har fergeliking mei skriuwers as John Steinbeck en Hemingway fûn er te fier socht. Wol wie er wiis mei de foar him ûnbekende ferhalen, wêrfan’t in stikmannich him goed smakken.
Boarnen foar dit stik
[1] Leeuwarder Courant, 01-02-1964
[2] De stim fan Fryslân, 24-01-1964
[3] Friesch Dagblad, 15-02-1964
[4] Frysk en Frij, 03-12-1965
[5] De Tsjerne, april 1966
[6] Leeuwarder Courant, 11-06-2004
Bibliografy
Proaza
1963: Iepen finsters (roman)
1965: Diggels (ferhalen, besoarge troch E.S. de Jong)
1978: Boete dwaen (blomlêzing út Diggels)
Telefyzjespul
1978: Boete dwaen (Bewurking fan trije ferhalen foar de NCRV, regy Klaas Rusticus)
Mear ynformaasje
2004: Teatske Alzum har wrâld troch Kate Ashton (mei werprintinge fan 38 ferhalen)
©Tresoar, 22-01-2020