Berne: 23-09-1939, skingen

Libben en wurk

Philippus H. Breuker waard as âldste soan yn in gerniershúshâlding berne yn Skingen. Nei syn oplieding gie er oan 'e slach yn it ûnderwiis. Sa wurke er yn Itens, De Lemmer (MULO) en as skoalhaad fan de iepenbiere skoalle te Boazum. Yn 1967 gie er oer nei de Rykskweekskoalle te Ljouwert, dêr't er sels ek syn oplieding ta ûnderwizer folge hie

Belangstelling foar literatuer hat er fan hûs út meikrigen. Syn heit skreau fersen oer de natoer en wat him fierder dwaande hold. Ek waard der in soad lêzen. Op de ryks-hbs krige er les fan Fryske learmasters as Krine Boelens en Geale de Vries, op de rykskweekskoalle makke M.J. de Haan him paadwiis yn de wrâldliteratuer. Hy studearre Frysk, Aldfrysk rjocht en sosjaal-ekonomyske skiednis. Yn 1976 waard er beneamd op de Fryske Akademy as literatuerkundich meiwurker [1]. Underwilens wie er al dwaande mei publikaasjes en folle er funksjes yn meardere Wurkferbannen fan de Akademy yn. Breuker beheinde him net ta de literatuer, ek regionale skiednis hie syn belangstelling, wat bliken die troch bygelyks syn publikaasje Toponomy fan Boazum út 1978. Yn 1982 folge er Douwe Tamminga op as foarsitter fan it FLMD.

In dei nei syn promoasje oan de Vrije Universiteit te Amsterdam op syn dissertaasje It wurk fan Gysbert Japicx, waard er beneamd ta bysûnder heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan de Universiteit fan Leiden, dêr't er al sûnt 1986 as dosint wurke. Achterlizzend haadmotyf by it skriuwen fan syn dissertaasje wie it ferbân te lizzen tusken literatuer en maatskiplike werklikheid, sa't Breuker oanjûch yn in fraachpetear [2] mei Nico Hylkema. Douwe Kooistra [3] stelde yn syn besprek fêst dat Breuker 'in deeglik stik wurk' levere. 'Yn fergeliking mei eardere stúdzjes  hat er fan Gysbert Japix in wat "gewoaner" minske makke, funksjonearjend yn in geastlik en en kultureel fermidden en dichtsjend sa't syn measte keunstbruorren dat diene'. Jelle Krol [4] hie neist mear krityske opmerkingen lof foar it ûndersyksmodel dat Breuker hantearre: 'De kommentaren dy't Breuker mei help fan dit model skreaun aht, twinge grut respekt ôf'. Foar syn dissertaasje krige Breuker yn 1991 de Halbertsma-priis takend, in trije-jierlikse priis fan de Provinsje Fryslân.

Hjirnei folge in grutte rige publikaasjes oer literatuer (û.o. oer Obe Postma en de 'heilingen' fan de bruorren Halbertsma) en regionale skiednis.

Boarnen foar dit artikel
[1] Tineke Steenmeijer-Wielinga, LC 04-09-1976
[2] Nico Hylkema, LC 15-09-1989
[3] Douwe Kooistra, FD 16-09-1989
[4] Jelle Krol, LC 15-09-1989 (diel 1 en diel 2)

Publikaasjes
Klik hjir foar in oersjoch (pdf)
2020: De gouden iuw yn Boazum
2022: Fryslân yn de Gouden Iuw

Prizen
1991: Halbertsmapriis (foar dissertaasje It wurk fan Gysbert Japicx)

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese-literatuersite (besprek Brekizers fan de foarútgong)
Sietse de Vries, LC 26-10-2018 (fraachpetear n.o.f. Dreaun van ierde' dream - libben en wurk fan Obe Postma)
Abe de Vries, FD 27-11-2018 (fraachpetear)
Doeke Sijens, LC 01-03-2019 (resinsje Dreaun fan ierde' dream fan Philippus Breuker)
Philippus Breuker, FD 26-10-2019 (essee oer Waling Dykstra - Duvelskeunstner)
Sietse de Vries, LC 15-01-2021 (oer De gouden iuw yn Boazum)
Jan Ybema, FD 20-08-2021 (besprek De gouden iuw yn Boazum)
Jelle van der Meulen, Brekt 06-10-2022 (besprek Fryslân yn de Gouden Iuw)
Sietse de Vries, LC 18-11-2022 (fraachpetear oer Fryslân yn de Gouden Iuw)
Bearn Bilker, FD 17-01-2023 (besprek Fryslân yn de Gouden Iuw)

©Tresoar, 22-02-2023

Foto auteur: Haye Bijlstra, Tresoar.