Berne: 24-07-1995, LJOUWERT

Skelte Siweris Braaksma hat in grutte passy foar striptekenjen en skiednis. Mei syn ûndernimming Striplân (oprjochte yn 2017) wol er Fryslân ta it lân fan strips meitsje, mei strips oer de histoarje fan Fryslân, strips dy’t him ôfspylje yn Fryslân en/of strips dy’t yn it Frysk skreaun binne.

Libben en wurk
Skelte Braaksma folge de oplieding mediafoarmjouwer Art & Design oan ROC Friese Poort. Op syn 15de makke er al syn earste stripboek, DE FKP, in ferhaal oer alternative skiednis. As einopdracht by syn staazje by Museum Dokkum makke er it boek Bonifatius en de Friezen, syn earste echte histoaryske album.

Yn 2019 kaam syn album Fete út, in grut histoarysk stripalbum oer de striid tussen de Skieringers en de Fetkeapers yn de 15de iuw, mei dêryn ferhalen fan ferskillende legindaryske personaazjes dy’t altyd ûnbekend bleaun wienen, lykas haadpersoan Koppen Jarich, boargemaster fan Grins (dat doe by Fryslân hearde). Syn strips binne yn in ‘gewassen inkt-stijl’, wat unyk is binnen de dissipline. Hy is dwaande om it boek Rêdbâd fan Willem Schoorstra te bewurkjen as strip.

Skelte Braaksma is lid fan De Noorderlingen, in kollektyf fan stripmakkers yn Fryslân, dy’t elkoar stypje, ynspirearje en promoatsje. Syn wurk hat ek op ferskate tentoanstellingen te sjen west. Syn heit Machiel Braaksma en mem Lolkje van der Kooi binne beide byldzjend keunstner.

WURK

Publikaasjes
2010: De FKP
2012: Victoria Romana
2014: De FKP2 revolúsje
2016: Bonifatius en de Friezen
2017: Wie Niet Weg Is
2018: Damals An Der Nordsee
2019: Fete
2019: Magnus
2020: It blauwe hûs

Prizen
2017: Earste priis by Kamper stripspektakel

Mear ynformaasje
Geert Veldstra, FD 01-02-2019
Rob Leemhuis, LC 15-08-2017
Nynke van der Zee, De Moanne 29-05-2014
Jacob Haagsma, LC 11-09-2020 (fraachpetear oer It blauwe hûs)

©Tresoar, 14-10-2020

Foto auteur: Haye Bijlstra, Tresoar.