Berne: 6-8-1912, brantgum
stoarn: 13-06-1991, ljouwert
-
Boeken, AV materiaal, artikels
- DIGITALE BIBLIOTHEEK NEDERLANDSE LETTERENDIGITALE BIBLIOTHEEK NEDERLANDSE LETTEREN
-
Gedichten
-
BYLDMATERIAAL
-
biografy nl
Tabe Beintema wie in frisiast en eigener fan boekhannel De Terp yn Ljouwert. Hy wie oersetter, regisseur en útjouwer fan in soad Frysk amateurtoaniel (± 300 stikken).
Libben en wurk
Yn 1968 waard de toanielútjouwerij oernommen troch de stichting SWUFT. Hy sette yn 1952 it Ynstitút Fryslân op dat Frysk ûnderwiis bûten skoalferbân fersoarge fia skriftlike kursussen (oplieding A,- en B-diploma; sa'n 300 dielnimmers it jier); yn 1970 waard dit troch de Afûk oernommen.
Yn 1974 waard Beintema nei Klaes Jansma, betelle propagandist yn tsjinst fan de Stichting It Fryske Boek. Joech dêrnei sels ek belletry út. Hy publisearje yn 1984 Biten & Brokken, in "bûnte samling taalgrúskes yn fraach-en-antwurd-foarm" under it pseudonym T.Gerlofs. Winner fan de alderearste Piter Jellespriis 1974 fan de gemeente Ljouwert foar syn aktiviteiten op it mêd fan de Fryske letterkunde.
WURK
Publikaasjes
1984: Biten & Brokken
Prizen
1974: Piter Jellespriis foar wurk op mêd Fryske letterkunde
Mear ynformaasje
©Tresoar, 16-06-2020