Berne: 15-10-1914, drachten
stoarn: 03-01-2001, beetstersweach

F.J. Bergstra wie redakteur fan De Tsjerne en kritysk en belutsen Frysk Beweger. 

Libben en wurk

Bergstra syn heit wie toskedokter yn Drachten. Freark gie nei de hbs en studearre dêrnei medisinen yn Utrecht. Dêr waard er aktyf yn de Fryske studinteferiening. Yn 1941 waard er húsdokter yn Boarnburgum. Yn Grins spesjalisearre er him as psychiater-neurolooch en helle er syn doktoraal filosofy. Yn 1953 begûn er syn praktyk as senuwdokter yn Ljouwert. 

Nei de oarloch kaam er yn de redaksje fan De Tsjerne, mei doe Fedde Schurer, Douwe Tamminga, Anne Wadman en Jan Piebenga. Hy wie foarsitter fan de Fryske Akademy (1965-1978). Hy wie aktyf yn de Fryske Beweging, mar ferwiet de minsken in te frijbliuwende hâlding en te min trochtinken fan har opdracht. Hy ferwiisde ferhalen oer de grutte frijheidsleafde fan de Friezen nei it ryk fan de fabels.

WURK

Publikaasjes
1998: Skiep binne der inkeld om skeard te wurden (essees)

Mear ynformaasje

©Tresoar, 16-06-2020