Berne: 19-01-1961, stiens
-
BOEKEN, AV MATERIAAL, ARTIKELS
- DIGITALE BIBLIOTHEEK NEDERLANDSE LETTEREN
-
BYLDMATERIAAL
-
biografy nl
Marius de Boer is tekstskriuwer, komponist, multy-ynstrumintalist en sjonger fan de eardere Frysktalige popgroep Reboelje. Yn 2005 gie er solo fierder as Mariusz.
Libben en wurk
Marius de Boer is berne yn 1961. Nei in tal jierren klassike pianoles kocht er op syn sechtjinde in elektryske gitaar. Hy waard gitarist en sjonger by de New Waveband Elected. Nei syn HTS-stúdzje (ferkearstechnyk) ferhuze er nei Assen dêr't er wurk krige as akoestysk adviseur. Doe begûn er ek mei skriuwen, syn bondel De Dreade Man is net útjûn, mar foarme wol de basis foar syn tekstskriuwen foar de band Reboelje. Dy Frysktalige band (1987-2003) bestie neist De Boer út Durk Hogendorp, Tiede Lanting, Tsjerk Bootsma en Rommert Reitsma.
Om't Reboelje gjin platekontrakt krige, begûn Marius de Boer it platenlabel Marista, foar regionale artysten. De band makke ferskate muzykteaterproduksjes: Medusa (1994) en De Brulloft (1996) mei film, dia’s, muzyk, toaniel en teäter. Marius de Boer skreau it konsept foar dit tëaterstik, dêr't by in echte brulloft it tema ynsest oan 'e oarder kaam. De band krige der yn 2002 de Bernlefpriis foar. Yn 2002 gie Reboelje wer it tëater yn, mei it programma Blau Paradys. Op 'e nij brûkte de band muzyk oare keunstfoarmen, lykas film, teäter, byldzjende keunst en poëzy.
Yn 2003 by de rockopera Gysbert, Gysbert (earbetoan oan de fjouwerhûndert jier lyn berne dichter Gysbert Japiks) luts Marius de Boer him werom en waard ferfongen troch Tseard Nauta. Op 2 novimber 2003 hâlde Reboelje op te bestean. Fjouwer bandleden gongen troch ûnder de namme Swee. Marius de Boer woe ophâlde mei de muzyk, mar yn 2005 begûn er as soloartyst ûnder de namme Mariusz. Hy skriuwt ek yn it Stedsfrysk. Yn 2013 makke er mei Bart Kingma de rockopera Swart Langstme, it wierbarde leafdesdrama oer de Frânske sjonger Bertrand Cantat, dy't syn freondinne aktrise Marie Trintignant nei in stoarmeftige relaasje om it libben brocht.
It Reboeljenûmer 'Marije Maria' (út 1998) hat fan 2001 oant en mei 2007 op nûmer 1 stien yn de Fryske top 100, de jierren dêrnei einige it altyd yn de top tsien. De single 'Ik bin in Amsterdammer' (út 2012 fan Marius en de Muzikanten) hat de Nederlânske Top 100 helle. Yn 1996 wie Marius de Boer de winner fan de earste Fryske Poppriis foar syn bydrage oan de Fryske popmuzyk.
WURK
Publikaasjes
Muzyk
Albums
1987: Reboelje yn in sabeare wrâld (Reboelje)
1989: Skepper fan de Skepper (Reboelje)
1991: Magysk Teater (Reboelje)
1992: Simmersnie (Reboelje)
1993: De fûgel yn dy (Reboelje)
1994: Medusa (Reboelje)
1995: Flecht (Reboelje)
1996: Merkeman (Reboelje)
1996: De Brulloft (Reboelje)
1998: Hotel Reboelje (kompilaasje) (Reboelje)
1999: Merkeman (Reboelje)
2000: De Oere 0 part 1 (Reboelje)
2001: Wûnslân (Reboelje)
2007: Wat west hat wie (Mariusz)
2012: De Nacht Wachtet (Mariusz en de Muzikanten)
2020: De Utstjoering (Mariusz)
Boeken
1987: De Dreade Man (dichtbondel)
2011: Ik sjong foar dy (liettekstebondel)
Prizen
1996: Fryske Poppriis (foar Marista en De Brulloft)
2002: Bernlefpriis (Reboelje)
2013: Gouden Sadel Award
Mear ynformaasje
Mariusz.nl
Reboelje, Freonen yn de muzyk, Omrop Fryslân, 09-05-1999
Sietse de Vries, LC 15-04-2011 (ynterview n.o.f. Ik sjong foar dy)