Berne: 10-06-1949, Koehoal
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
biografy nl
Libben en wurk
Neeltsje Bonnema is berne op 10 juny 1949 op Koehoal. Dêr, tichteby de seedyk yn it noardwesten fan Fryslân, is se ek opgroeid. Se hat neidat se de kappersfakskoalle ôfmakke hie inkelde jierren wurke as kapster, mar omdat se in sterke driuw hie nei mear kennis, lange jierren alderhande ferskillende opliedingen en kursussen folge. Ien dêrfan wie in stúdzje Frysk, se hat de Fryske akte helle en dêrnei tweintich jier kursussen Frysk foar de Afûk fersoarge. Bonnema wurket no yn in boekhannel te Frjentsjer.
Skriuwster
Neeltsje Bonnema is earst op lettere leeftyd mei skriuwen begûn. Har earste publikaasje wie 'It Slachtegedicht' dat simmer 2000 opnaam wie yn de Skriuwerskalinder. It sukses dat se mei dat fers hie, stimulearre har om troch te gean. Der waarden fersen fan har opnaam yn de sammelbondels Do bliuwst wol Do wol : Fryslân nei 2000 (2000) en yn de bondel Myn hert dat trillet my : Gysbert Japicx 1603-2003, skreaun en útjûn ta gelegenheid fan it 400ste bertejier fan de dichter. Beide projekten wiene in ynisjatyf fan útjouwerij Frysk & Frij.
De earste ferhalen dy't Neeltje Bonnema yn it ljocht joech, waarden publisearre yn kranten, tydskriften en yn sammelbondels. Sa waard har ferhaal 'Dreamsimmer' opnaam yn de bondel 20 Simmer ferhalen, dy't begjin 2000 ferskynde en stiet 'See-iis' yn 21 nije Fryske winterferhalen. Yn de sammelbondel mei leafdesferhalen De riedsels fan it hert stiet fan Bonnema it ferhaal 'Sinese roazen'. Fierders hawwe de beide Fryske kranten it Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant ferhalen fan har publisearre. It Frysk Skriuwers-kalinderboek hat fan 2000 ôf alle jierren in bydrage fan Neeltje Bonnema opnaam.
Sûnt 2005 is Bonnema ek talitten ta it mannebastion dat de PC fan Frjentsjer altiten west hat. De PC hat as tradysje dat efterop de keatserslist mei de nammen fan de spilers, in gedicht komt dat skreaun is foar de kening fan it foarôfgeande jier. Neidat Pieter Breuker dat 14 jier fersoarge hat, is Neeltje Bonnema as earste frou frege om dat gedicht te skriuwen. Yn 2005 hat se dat foar de earste kear dien, se sil oant 2010 ta in fers foar dy gelegenheid skriuwe.
Bonnema debutearre yn boekfoarm yn 2005 mei de ferhalebondel Rachlan. Rachlan befettet 23 ferhalen dy't fakentiids skreaun binne út it perspektyf fan in frou of in lyts famke wei. Guon 'famke' ferhalen lykje ynspirearre te wêzen troch de bernetiid fan de skriuwster sels. Se binne situearre yn de jierren fyftich yn in doarpke net fier fan de seedyk ôf, de famkes wurde meastentiids net begrepen troch har âlden en se hawwe grutte bruorren dy't se net oan kinne. De haadpersoanen yn de ferhalen, frou of famke, siferje harsels wei of se passe har oan oan de ferwachtings dy't de omjouwing oan har stelt. Soms liket dy oanpassing mar skyn, want hoewol't de haad-persoanen meigeand binne, se jouwe gjin belies.
Bonnema beskriuwt it wjerfarren fan har personaazjes net konfrontearjend, it binne mylde observaasjes fan minsklik gewraksel om oerein te bliuwen. Se skriuwt mei each foar detail en mei gefoel foar humor en dramatyk.
Oersetster
Neeltje Bonnema hat, yn 'e mande mei Trinus Riemersma, foar útjouwerij Venus yn Frjentsjer it boekje mei de libbensbeskriuwing fan Hyke Sophia Kuperus, Famke yn Frjentsjer (2003), yn it Frysk oersetten. Ek de oersetting fan de katalogus oer libben en wurk fan de Harnser keunstner Jan Roos, skreaun troch Rudy Hodel, is makke troch har.
Wurk
Ferhalebondel
2005: Rachlan
Roman
2017: Reinke - in lytse skiednis fan in grutte frou
Oersettingen
2005: Tekst katalogus skilder Jan Roos (tekst fan Rudy Hodel)
2003: Famke yn Frjentsjer (memoires fan Hyke Sophia Kuperus) (mei Trinus Riemersma)
©Tresoar, 21-02-2018