Berne: 04-08-1945, De Rottefalle
Ferstoarn: 04-04-2018, ljouwert

Libben en wurk

Joop Boomsma waard krekt nei de oarloch, op 4 augustus 1945, berne te Rottevalle. Doe't er fjouwer jier wie ferhuze de famylje Boomsma nei Surhústerfean. Dêr, yn de Wâlden, is Joop opgroeid en hat er op skoalle sitten. Al op de legere skoalle wist Joop Boomsma dat er letter ûnderwizer wurde woe, dêryn ynspirearre troch syn grutte foarbyld, master Lourens van der Leij, dêr't er in pear jier by yn de klasse sitten hie.

Op de Rykskweekskoalle yn Drachten krige er Fryske les fan learaar Geale de Vries. De oanpak fan De Vries soarge der foar dat syn studinten har minderweardichheidsgefoel foar har eigen taal oer, kwytrekken. By Joop Boomsma hie dat fan gefolgen dat er letter as skriuwer keas foar it Frysk.

Boomsma, yntusken troud en ôfstudearre, krige in beneaming as ûnderwizer yn it Súdhollânske doarpke Gouderak. Hy wie doe noch oan it herstellen fan in swier auto-ûngemak dat him inkelde moannen earder oerkaam wie. Goed twa jier letter waard er learaar Nederlânsk oan in mafû yn Gouda. Omdat er yn dy tiid hieltyd mear kontakten yn de Fryske skriuwerswrâld krige, wie it handiger om werom te gean nei Fryslân. Dat barde yn 1975 doe't er in beneaming krige oan de mafû Nijlân yn Ljouwert. Mei frou en bern sette er him nei wenjen yn Menaam, it plak dêr't er hjoed de dei noch wennet.

Skriuwer
Yn syn tiid oan de ulo te Surhústerfean ûntdiek Joop Boomsma, dat er aardichheid hie oan skriuwen. En wat er skreau woed er ek oan oaren lêze litte. It oprjochtsjen fan in skoallekrante like him dêrfoar in gaadlik middel ta; hy skreau De Ulopost suver allinne fol. Al gau stjoerde er ek stikjes nei De Feanster, de lokale krante, dy't se ta syn eigen fernuvering opnaam en publisearre. Syn belangstelling foar literatuer waard sterker doe't er yn Drachten op de kweekskoalle siet. De studinten organisearren literêre jûnen dêr't ek foarlêzen waard út eigen wurk, se spilen toaniel en kabaret en se skreaunen har skoalkrante, De Catheder, fol mei eigen poëzy en ferhalen. Joop Boomsma skreau doe meastentiids noch yn it Hollânsk, mar mei troch de ynfloed fan learaar Geale de Vries, gong er iderkear mear oer op it Frysk.

Syn warberens as skriuwer naam ta yn de tiid dat er yn Súd-Hollân wenne. Hy publisearre poëzy en proaza yn blêden as De Strikel, Trotwaer, Sonde en Alternatyf. Fersen fan him waarden opnaam yn Fersefariaasje (de jierlikse bondel mei fersen foar de foardrachtkriich fan learlingen fan middelbere skoallen) en hy lies fersen foar de telefoan fan Operaesje Fers. Boppedat skreau er foar inkelde lokale kranten sa as Holland Silhouet en De Havenloods.

Syn earste eigen publikaasje yn boekfoarm wie de fersebondel Frysk om utens (1969) folge troch Multipleks : fersen ( 1970), beide bondels joech er út yn eigen behear. De bondel Ierlitte : 26 fersen, dy't yn 1972 by de Koperative Utjouwerij ferskynde, wie syn earste 'offisjele' publikaasje. Dy waard yn 1975 folge troch de bondel Wetter,Stien en Sân. Yn eigen behear hat er noch twa útjeften fersoarge: yn 1974 de bondel mei 4 proazastikken Dunnik en oar proasa, yn 1984 joech er it boekje Tobeksjen op 't oulein paad út. It boekje befettet de werjefte fan in sabeare-petear mei Waling Dijkstra.

Foar it ferhaal 'Ik en ús heit', krige er yn 1971 in Rely Jorritsma-priis. Deselde priis waard him yn 1972 takend foar it fers 'al wer in nije dei'. Yn 1974 waard er foar de tredde kear beleanne mei in RJ-priis, diskear foar it fers 'yn it skaad fan in iperenbeam'.

Yn deselde tiid wie er ek úteinset mei in rige ynterviews mei Friezen dêr't er fan fûn dat se wat te fertellen hiene. De rige ynterviews waard bondele en ferskynde yn 1976 yn in boek mei de titel Peteareboek

Nei de útjefte fan syn fersebondels lei er him iderkear mear ta op it skriuwen fan koarte ferhalen, benammen fan misdiedferhalen. It idee foar it skriuwen fan misdiedromans ûntstie yn 1986, op in skriuwerswykein yn Koartehimmen. Boomsma frege foar dat projekt in provinsjale skriuwopdracht oan; doe't er dy krige koe er begjinne. Yn 1988 ferskynde syn earste misdiedroman Ien foar de wraak, yn 1989 folge troch Kwea jild. De boeken waarden troch it Fryske lêzerspublyk goed ûntfongen. En ek de measte resinsinten wiene posityf; ien besprekker neamde Ien foar de wraak de bêste misdiedroman dy't oant doe ta yn it Frysk ferskynd wie. It wie tafal dat der yn dat jier (1988) noch in Fryske misdiedroman ferskynde: Fuotprinten yn it sân, fan Riek Landman. Beide skriuwers wisten net fan elkoar dat se in boek yn itselde sjenre skreaunen.

Fan de hân fan Boomsma ferskynde yn 1992 wer in bondel mei misdiedferhalen ûnder de titel Picasso, lêste wurk. De misdiednovelle In frou mei ljochtblauwe eagen, skreau Joop Boomsma yn 1994 as boekewikegeskink foar de stifting It Fryske Boek.

Underwilens wied er ek ynisjatyfnimmer en besoarger fan twa sammelbondels mei misdiedferhalen: yn 1991 ferskynde Fryske misdiedferhalen (14 auteurs) en yn 1994 Knyflok en reidmannen en oare misdiedferhalen (14 auteurs). Ien foar de wraak is yn 2005 ferskynd as twadde printinge.

Yn de sammelbondels mei jongereinferhalen Skroei (1987) en Neibroei (1999) is in ferhaal fan Joop Boomsma opnaam. Datselde is it gefal yn de sammelbondels Ut 'e bân (1992) en Koartwei (2000).

Boomsma waard yn 1996 troffen troch in licht harsenynfarkt; hoewol't er yntusken troch de dokters folsein genêzen ferklearre is, hat er dêrnei syn aktiviteiten dochs wat beheind. Skriuwe koed er al ridlik gau wer, dat resultearre yn 1998 mei de útjefte fan in nije misdiedroman, dy't as titel krige: Yn reek ferflein.

Oare literêre aktiviteiten
Njonken syn eigen skriuwerij hat Joop Boomsma ek op oare mêden yn de Frysk literêre wrâld aktyf west. Hy hat meiwurke oan ferskate literêre blêden, wie redakteur fan de dichters-telefoan Operaesje fers, bestjoerslid fan de Fryske Bibleteek en in skoftlang foarsitter fan It Skriuwersboun. Fierders wie er mei-organisator fan poëzijpresintaasjes yn plakken as Piaam, Koartehimmen, Boalsert en it Hearrenfean. Hy hat in tal jierren fêste meiwurker west fan it blêd Frysk & Frij en wie sjuerylid fan de Gysbert Japikspriis, by it Ferstival en by it takennen fan Rely Jorritsma-prizen.

Foar jongerein hat Boomsma ferskeidene toanielstikken skreaun, 4 dêrfan binne yn it Nederlânsk oerset en útjûn.

Ynternet
Joop Boomsma wie yn de Fryske skriuwerswrâld ien fan de earsten dy't de mooglikheden fan  it ynternet as medium fan syn skriuwerij ynseach en tapaste. Hy hold sûnt jannewaris 2001 in deiboek by op syn eigen webside; yn dat deiboek joech er kommintaar op dat wat barde yn de Frysk literêre wrâld. De stikken dêryn, oanfolle mei reaksjes fan besikers fan de webside, skreaun yn it earste jier 2001, binne bondele en útjûn yn in boek mei de titel Skriuwersdeiboek. In jier op it internet.

List fan belangrykste wurk

Poëzy
1969: Frysk om utens (yn eigen behear)
1970: Multipleks (yn eigen behear)
1972: Ierlitte
1975: Wetter, Stien en Sân
1986: Waskje op mendje
2009: De klaai is griis novimber

Proaza
1974: Dunnik en oar proasa (yn eigen behear)
1988: Ien foar de wraak (2e pr.[merkel-rige] 2005)
1989: Kwea jild
1998: Yn reek ferflein

Ferhalebondels
1991: Fryske misdiedferhalen (gearstaller, ynlieder, ferskate auteurs)
1992: Picasso, lêste wurk
1994: Knyflok en reidmannen en oare misdiedferhalen (gearstaller, ynlieder, ferskate auteurs)

Novelle
1994: In frou mei ljochtblauwe eagen (boekewikegeskink)

Ferskaat
1979: Earnst en koartswyl (sammelbondel mei folkspoëzij en foardrachten)
1981: Is frede wier itselde… (sammelbondel oer de kearnwapenwedrin, gearstaller, auteur)
2001: Skriuwersdeiboek (in jier op it internet)
2006: Om fan dit lân te hâlden (brievewiksel mei Fokke Sierksma)
2008: Boomsma bliuwt omt jo dat wolle

Toaniel

Jongereintoaniel
1987: Ik en ús heit
1989: De oefenromte
1989: Skoalleferhaal
1989: Ik en m'n pa (oersetting)
1989: De oefenruimte (oersetting)
1989: Schoolverhaal (oersetting)
1996: Tuskenoere
1996: Tussenuur

Prizen

Rely Jorritsmapriis
1970: Ik en ús heit (ferhaal)
1971: Al wer in nije dei (fers)
1973: Yn it skaad fan in iperenbeam (fers)

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Josse de Haan, 'It iere wurk fan Joop Boomsma', yn: Reedride op glêd iis s. 130-133 (2016)
Skriuwerslibben op ynternet, Omrop Fryslân, 28-01-2001

©Tresoar, 07-04-2018