Berne: 03-12-1964, Meppel

Libben en wurk

Sjieuwe Borger is berne yn Meppel en opgroeid yn Grou. Nei de middelbere skoalle studearre er fan 1983 oant 1989 rjochten oan de universiteit fan Grins.

Ferhalen skriuwe die Sjieuwe Borger al doe’t er noch op de legere skoalle siet. Hy hat altyd serieuze aspiraasjes yn de rjochting fan in skriuwerskip hân, mar hy fûn de wurden en de rêst pas let. Dat wie yn de tiid doe’t er begûn te wurkjen as jurist healwei de jierren njoggentich. Tegearre mei Durk van der Veen skreau er it lange ferhaal ‘Modesta’, dat fan july 1996 oant desimber 1999 yn ôfleveringen publisearre waard yn it tydskrift De Blauwe Fedde fan Nyk de Vries en Meindert Talma.

Borger debutearre yn boekfoarm mei de roman It ferrin fan de tiid, dat ein augustus 2005 ferskynde. It ferhaal yn It ferrin fan de tiid spilet him foar it grutste part ôf yn Grins. Sybren, ien fan de haadpersoanen út de roman, komt út De Haach werom nei Grins. Dêr moetet er al gau in eardere maat fan de middelbere skoalle, Goaitzen, dy’t er al lange jierren net mear sjoen hie. Sybren is nei Grins weromkommen út ûnwennigens en om dêr in promoasjeûndersyk te dwaan. Goaitzen liket bang te wêzen foar it libben en flechtet yn drank en drugs. Sybren, dy’t wat blowen en it brûken fan drank oanbelanget net safolle foar Goaitzen ûnderdocht, besiket syn maat wat struktuer by te bringen.

Yn in fraachpetear mei Sietse de Vries [1] sei de skriuwer dat de sintrale fraach yn it boek is foarhoefier oft in minske ferantwurdlik is foar syn eigen libben. Neffens resensint Eric Hoekstra [2] is it wiere tema fan it boek de selsbedraaierij fan de ik-persoan en foaral dy fan Goaitzen. Hoekstra neamde dy selsbedraaierij komysk en tagelyk ek in bytsje tragysk. Hy skreau: ‘Selsbedraaierij út bangens foar de realiteit, itsij mei drugs en alkohol, itsij mei politike, sosjale of religieuze foaroardielen: dat is it ferhaal fan ús tiid, dy’t safolle ferliedingen op dat mêd hat. De skriuwer fan de ferdividearjende roman It ferrin fan de tiid hat de Zeitgeist, it nihilisme en de genotsucht fan de jongerein, hiel goed oanfield.’ Sytske de Jong [3] en Abe de Vries [4] wiene aardich ienriedich yn har respektivelike besprekken fan It ferrin fan de tiid. Beide kamen se ta de konklúzje dat Borger in skriuwer mei talint is, mar dat guon saken better kinne. Oan de iene kant leit er tefolle út, oan de oare kant lit er dingen iepen dêr’t de lêzer fan ferwachtet dat dy noch wer in plak yn it ferhaal krije sille.

De twadde roman Genesis abbekatekantoar ferskynde begjin 2008. Lykas de titel al oanjout spilet de roman yn de wrâld fan de advokatuer, dy’t iderkear kommersjeler wurdt. De tendins is dat de advokatuer hieltyd mear sjocht nei klanten dy’t in heech oeretaryf betelje kinne en dêrmei de minder draachkrêftige klanten net mear bysteane. Tsjin dy eftergrûn wurdt it silen en farren op Genesis Abbekatekantoar beskreaun. It rjocht kriget troch dy ûntwikkeling net syn berin. Dat gegeven hat Borger brûkt yn syn twadde roman. Tusken de bedriuwen troch besiket de haadpersoan himsels steande te hâlden, wat him  mei help fan twa kollega’s aardich liket te slagjen. Borger hellet syn ûnderwerpen út it hâlden en dragen fan minsken dy’t har bewege yn it akademysk en juridysk miljeu. Jetske Bilker [5] fûn dit in roman dêr't wol wat op oan te merken foel. Sa wie se fan betinken dat Borger better in oare haadpersoan kieze kind hie: 'Want ik-ferteller Sybren is net geskikt om de misstannen yn de advokatewrâld oan 'e kaak te stellen. As personaazje is er te oerflakkich en in bytsje dom'. Fierder miste se de logika yn guon aspekten, mei as gefolch dat de roman neffens har oan sizzenskrêft ferlear. Eric Hoekstra [6] wie better oer Genesis abbekatekantoar te sprekken: 'It nijsgjirrichst oan it boek is wat de haadpersoan leart yn relaasje ta syn wurkmienskip en de beskriuwing fan hoe’t it tagiet op syn wurkplak. Fan datoangeande is it boek ek ûnderhâldend, sawol yn syn beskriuwing fan 'e haadpersoanen as yn it kreas ymplisite boadskip.'

Yn Simmer oan 'e Pikmar, Borger syn tredde roman, draait it om de relaasje dy't studint Sybren al of net hat mei Japkje (dy't har no Thérèse neamt), in flam út syn eardere skoaltiid. Geart Tigchelaar [7] wie net wei fan it boek, it bleau neffens him tefolle hingje yn stereotypen: 'De karakters binne te min útwurke, troch de kontinuë sûperij en seks wurdt it ferhaal eins ientoanich en de klû fan it ferhaal (de dea fan buorfrou X) is dan wol moai ferrassend, mar dat kin dit boek net rêde'. Wol fûn er troch de beskreaune taferielen it boek tige gaadlik foar de âldere jongerein, in sjenre dêr't neffens him driuwend ferlet fan is.

Wat it lêste oanbelanget, waard Tigchelaar yn 2015 op syn winken betsjinne. Mei Eksamenjier (2015) levere Borger in roman foar krekt dy doelgroep ôf. Yn it boek wurdt in groepke jongerein om haadpersoan Dario hinne folge dat oan it eksamen ta is. De mieningen oer dit boek rûnen bot útien. Sigrid Kingma [8] seach yn Eksamenjier 'in nuvere kombinaasje fan utersten' mei as slotkonklúzje: 'Dit jeugdboek, dêr't in oertsjûgjende skriuwstyl, oansluting by de doelgroep en in strakke plot o sa wichtich foar binne, hat de ferwachtingen net wiermakke'. Jetty Berger [9] dêrfoaroer wie loovjend: 'Wat Eksamenjier foaral sa goed makket, is hoe’t de tema’s dy’t by it jongfolwoeksen sjenre hearre sa moai yn it ferhaal ferwurke binne. De twa tema’s dy’t as in reade trie troch it ferhaal rinne, binne freonskip en famylje. Dario leart dat sommige freonskippen in fluchtich karakter ha, mar dat oaren foar it libben binne. Dêrneist ûnderfynt er dat folwoeksenen ek net altyd foar rede fetber binne en dat sy ek net allegear witte hoe’t it moat yn it libben. Dat helpt him te begripen dat er it libben sels ek mar op him ôfkomme litte moat'.

Syn fyfde boek ferskynde yn 2018 ûnder de titel Pûlen yn de pot. Lykas yn syn foarige boek siket de haadpersoan syn plak yn it bestean, dit tsjin in achtergrûn fan it studintelibben.

Boarnen foar dit artikel
[1] Sietse de Vries, LC 23-09-2005 (fraachpetear)
[2] Eric Hoekstra, Hjir12-2005 en eigen side
[3] Sytske de Jong, Farsk jierboek, 2005
[4] Abe de Vries, LC 16-12-2005
[5] Jetske Bilker, LC 28-03-2008
[6] Eric Hoekstra, Ensafh. 23-05-2008
[7] Geart Tigchelaar, Ensafh. 03-02-2012
[8] Sigrid Kingma, FD 22-08-2015
[9] Jetty Berger, Y-Skrift 12-08-2015

Wurk

Proaza

2005: It ferrin fan de tiid
2008: Genesis abbekatekantoar
2011: Simmer oan 'e Pikmar
2015: Eksamenjier
2018: Pûlen yn de pot

Mear oer de skriuwer en syn wurk
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
Sietse de Vries, LC 08-03-2019 (fraachpetear by Pûlen yn de pot)

©Tresoar, 16-05-2018