Berne: 16-08-1948, Raerd (B)
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
biografy nl
Libben en wurk
Sjoerd Bottema is op 16 augustus 1948 berne te Raerd. Ofsjoen fan syn stúdzjejierren oan de Grinzer universiteit hat er syn hiele libben op it plattelân wenne. Bottema wurket yn Ljouwert as learaar Nederlânsk en Frysk.
Hoewol't Sjoerd Bottema al jong mei skriuwen begûn, hat er him as skriuwer op lettere leeftyd ûntjûn. It wie nei syn fjirtichste doe't er yn 1991 in Rely Jorritsmapriis krige foar it ferhaal 'Nachtsuster Linda'. Yn 1992 en 1993 waard er opnij foar in ferhaal beleanne mei in Rely Jorritsmapriis. Yn de bondels mei ferhalen foar jongerein Broei (1991) en It Nachtboek (1991) waarden foar it earst ferhalen fan syn hân publisearre. Fierders skreau er in ferhaal foar de misdiedbondel Knyflok en reidmannen (1994).
Hy debutearre yn boekfoarm yn 1995 mei It fertriet fan dokter Kildare. Ferhalen út Westerwierrum. Jan Jongsma neamt it boek yn syn besprek [1] in krusing tusken in roman en in ferhalebondel. It befettet fiif ferhalen dy't ûnderling net los fan elkoar sjoen wurde kinne. De haadfiguer, Romke Kylstra, komt yn alle ferhalen foar, mar omdat de rol fan de byfigueren grut is, kin der dochs net sprutsen wurde fan in roman yn de wiere betsjutting fan it wurd. Ek de útwurking fan de ferhalen is in miks fan in tradisjonele ynhâld yn kombinaasje mei foarmeksperiminten.
Benammen it lêste ferhaal, Roeken en dowen, hat de funksje om, krekt as by in puzel, de ûntbrekkende parten fan de eardere fjouwer ferhalen oan te foljen. De lêzer kriget alteast it idee dat er, nei it fiifde ferhaal lêzen te hawwen, de stikken aardich yninoar passe kin. Mar foar in part is dat skyn, want net om 'e nocht hat Bottema it boek in sitaat út Dichtertje fan Nescio meijûn: 'Ja, God laat de gedachten van een mensch raar dolen en er komen vreemde passages voor in zo'n gedicht zonder eind'. Wat sjoen wurde moat as de fantasyen en de eangstdreamen fan Romke Kylstra en wat trochgean moat foar wat him werklik wjerfart as er yn it sikehûs leit, is oan 'e ein fan it boek net altyd like dúdlik mear. It boek kriget dan wat surrealistysks, krekt as de films fan Luis Buñuel, dy't yn it boek te praat komme', stelt Jelle Krol [2] yn syn besprek. It earste ferhaal yn it boek, Nachtsuster Linda, is in fierdere útwurking fan it ferhaal mei deselde titel dêr't er yn 1991 de Rely Jorritsmapriis foar krige.
It eksperimintearjen mei foarm en ynhâld is typearjend foar it wurk fan Sjoerd Bottema. Syn twadde bondel, Neaken as in ierdbei, is wat ynhâld oanbelanget tradisjoneel, kwa foarm eksperiminteel. De persoanaazjes yn de beide ferhalen fan de bondel wenje op it plattelân, komme út in boerefermidden en wrakselje mei de moderne tiid. Syn personaazjes binne gjin sterke figueren, mar gewoane, lytse minsken waans libben har tusken dream en died ôfspilet. Jelle Krol ferwurde dat sa: 'Yn Neaken as in ierdbei lit Bottema de lêzer op ûnderskate manieren nei de werklikheid sjen: de iene kear is dy 'sa neaken as in ierdbei', de oare kear kamûflearre, om't der út in folslein oar perspektyf wei nei sjoen wurdt'.
Wer in hiel oar literêr paad sloech Bottema yn mei syn tredde boek, It aai fan Siderius, dat yn 2001 útkaam. It boek is in thriller mei parodyeftige eleminten. It giet yn it boek net allinnich om wa't de moard dien hat, mar folle mear om it wêrom. De karakters fan de haadpersoanen krije rom omtinken, wyltst ek de humor net ûntbrekt. Bottema waard yn de besprekken fan syn boek priizge foar de styl en syn taal-gebrûk. Dat koe Gerbrich van der Meer [4] der net fan wjerhâlde de roman 'mislearre' te neamen. Neffens har kaam dat troch 'de grimelgrammel fan fertelsitewaasjes', de personaazjes fûn se 'flak en karikaturaal'. Henk van der Veer [5] lykwols fûn Bottema krekt in 'fakman', wylst er it boek sa omskreau: 'Dizze roman heart mei ta it bêste wat de Fryske literatuer te bieden hat'.
Syn fjirde publikaasje yn boekfoarm, De stien, is ûnstien yn oparbeidzjen mei dichteres en skriuwster Baukje Wytsma. It boekje, yn de foarm fan in brieveroman, is útjûn as boekewikegeskink 2006. De oerienkomst mei it foarige wurk fan Bottema is dat de haadpersoan in traumatyske erfaring út syn jeugd meinimt nei it no. Skuldgefoelens oer wat doe bard is, beskiede mei syn hanneljen letter. Dêrfoaroer stiet it paradyslik byld fan de bernejierren en it stribjen nei harmony dat in skaaimerk is fan it wurk fan Baukje Wytsma.
Yn 2009 ferskynde de ferhalebondel It piipjen fan de proai, ferhalen dy't skreaun binne as 'lytse detectives', sa't Jetske Bilker [6] skreau. Fierder seach se ferhalen fan wikseljend nivo, mei gauris wat tefolle details: Ín ferhaal moat oan himsels genôch hawwe en dat hawwe dizze ferhalen wol'. Yn 2020 publisearre Bottema De grize oer de grouwe - Duvelske streken, in bondel mei bewurke folksferhalen.
Toanielspylje hat Sjoerd Bottema al hast syn hiele libben dien. Hy spilet op amateurnivo, al ferskate kearen hat er in rol hân yn it iepenloftspul fan Jorwert.
Boarnen foar dit artikel
[1] Jan Jongsma, FD 08-04-1995
[2] Jelle Krol, LC 17-03-1995, diel 1 en diel 2
[3] Jelle Krol, LC 13-11-1998
[4] Gerbrich van der Meer, FD 09-05-2001
[5] Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 10-05-2001
[6] Jetske Bilker, LC 09-10-2009
Wurk
Proaza
1994: It fertriet fan dokter Kildare
1998: Neaken as in ierdbei
2001: It aai fan Siderius (In ynspekteur Hofstra mystearje)
2006: De stien (mei Baukje Wytsma, boekewikegeskink)
2009: It piipjen fan de proai
2020: De grize oer de grouwe - Duvelske streken
Toaniel
2002: Lucky Luke (nei ferhalen fan Morris & Goscinny, Berne-iepenloftspul Easterwierrum)
2008: It swurd út de stien (bewurking en fertaling fan 'De lessen van Merlijn', Berne-iepenloftspul, Easterwierrum)
Ferskaat
2014: Komt in man by syn frou (njoggen ferhalen, û.o. fan Sjoerd Bottema)
Prizen
1991: Rely Jorritsmapriis foar Nachtsuster Linda en it fertriet fan dokter Kildare (ferhaal)
1992: Rely Jorritsmapriis foar White Christmas (ferhaal)
1993: Rely Jorritsmapriis foar It tredde ferhaal (ferhaal)
2020: Rely Jorritsmapriis foar Total Loss (ferhaal)
2022: Rely Jorritsmapriis foar De sjongende ridder (ferhaal)
Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
©Tresoar, 03-08-2022
Foto auteur: Haye Bijlstra, Tresoar