Berne: 21-01-1959, Bartlehiem
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
byldmateriaal
-
biografy nL
Libben en wurk
Machiel Braaksma is berne yn Bartlehiem. Hy hat fan 1975 oant 1979 de MTS Schildersschool yn Zwolle folge. Dêrnei oant 1984 de Kunstacademie CABK te Kampen en yn 1984 de Accademia di Belle Arti di Brera yn Milaan. Machiel Braaksma is wurksum as byldzjend keunster, skriuwer en dekorateur.
Byldzjende keunst en skriuwerij
Byldzjend keunster Machiel Braaksma makket fan plestik foarken, leppels, messen, doppen, skroefkes, reidsjes, ensfh. bisten dy’t er û.o. brûkt as yllustraasjes yn syn berneboeken. Sa komme de feardichheden fan de byldzjend keunstner en de skriuwer byinoar.
Yn 2006 ferskynde syn earste (berne-)boek Oeral binne bisten!, yn 2007 folge troch Moaie ferhalen. Oer it earste boek: ‘…De collageachtige verhaaltjes geven de beesten een nog grotere identiteit en zijn al evenzeer doorspekt met associaties. Het boek, dat met de geboorte van een beest begint en eindigt met het Wilhelmus, biedt een interessante kijk op het geheime leven van de ogenschijnlijk levenloze dingen.’ (de Bildtse Post 4 -10-2006)
It boek Harrekrammele (2015) luts ek lanlik in soad omtinken. Der kaam in tentoanstelling yn it Fries Museum en it waard nominearre [1 en 2] en foar Best Verzorgde Boek 2015. Yn 2018 makke Braaksma foar Lân fan Taal in keunstwurk yn de fiver fan de Prinsetún [3] ûnder de titel Sop. It bestie út in fontein mei dêromhinne in gedicht fan driuwende letters.
Boarnen foar dit artikel
[1] Best Verzorgde Boeken 2015
[2] LC 25-02-2016 (best verzorgde boeken 2016)
[3] FD 06-04-2018 (oer bydrage Lân fan Taal)
Bibliografy
2006: Oeral binne bisten!
2007: Moaie ferhalen
2015: Harrekrammele
Prizen
2007: Winner ‘Kunstenaarsprijs’, Ljouwert (Bydzjende keunst)
2007: Winner Ûntwerp/útfiering JOP Jonge Ondernemers Prijs (Byldzjende keunst)
2008: Utferkiezing IBBY honour list, Kopenhagen
Nominaasjes
2007: Nominaasje list fan White Ravens, Internationale Jugend Bibliotjek, München
2007: Nominaasje IBBY honour list International Board on Books for Young people, Kopenhagen
2015: Nominaasje Best Verzorgde Boek 2015 foar Harrekrammele
Mear ynformaasje
Eigen webside
©Tresoar, 05-12-2018
Foto auteur: Haye Bijlstra, Tresoar.