Berne: 23-11-1912, Lichtaard
FerSTOARN: 27-02-1976, Grou

Libben en wurk

Liuwe Brolsma waard berne te Lichtaard, dêr’t syn heit, de ferneamde skriuwer Reinder Brolsma in ferverssaak hie. Doe’t Liuwe trije jier wie ferfearen se nei Akkrum, en inkelde jierren letter nei Ljouwert. Dêr is er opgroeid en hat er op skoalle sitten. Brolsma hat lange jierren in bestean hân as printer en boekhanneler te Grou. Dêr is er ek ferstoarn op 27 febrewaris 1976.

Skriuwer
It hat der alles fan dat generaasjes Brolsma’s mei it skriuwfirus besmet binne: skreaune de pake en oerpake fan Liuwe Brolsma benammen fersen en ferhalen fan oaren oer, syn heit Reinder Brolsma (1882-1953) ûntwikkele him ta ien fan de bekendste Fryske skriuwers fan de tweintichste ieu, wylst ek syn soan Ulke yntusken inkelde boeken op syn namme stean hat.

Yn 1940 debutearre Liuwe Brolsma mei de ferhalebondel Om ús hinne. Oan de earste beide ferhalen yn de bondel is de ynfloed fan de heit noch dúdlik te merkbiten. De sfear, de ûnder-werpen en de geografyske lokaasjes, sa as Ljouwert en de noard-west hoeke fan Fryslân. Ek it beskriuwen fan de deistige dingen yn it libben fan gewoane minsken docht tinken oan it wurk fan de heit. It lêste ferhaal yn de bondel kipet der út, benammen wat de beskriuwing fan it sosjale aspekt oanbelanget, dêryn liet de skriuwer sjen syn eigen wei te sykjen.

Dat er ek sels syn paad wol fine koe blykte dúdlik út it twadde boek dat er foar it fuotljocht brocht, de roman Tjitte Winia (1941). Dêryn komme de ferskillen mei de heit dúdlik ta utering, dat blykt benammen yn it miljeu dêr’t it ferhaal him ôfspilet, gjin boeren mar skippers en yn de krite, it uterste súdwesten fan Fryslân . De haadpersoan is in kantoarhear dy’t úteinliks syn bestimming fynt as sleepboatkaptein.

It boek dêr’t Liuwe Brolsma it measte sukses mei hân hat, wie de histoaryske roman Stoarm oer Fryslân (1944). De roman, dy’t spilet yn de lette midsieuwen yn de tiid fan Skier en Fet, belibbe in twadde printinge yn 1965. Kompositoarysk siet it ferhaal goed ynelkoar, it wurdt meinimmend ferteld, mar in beswier wie dat de tastannen tefolle út it perspektyf fan de njoggentjinde ieu út wei nei foaren brocht waard.

De tocht fan de Sallemander beskriuwt in fartocht troch it Fryslân fan de earste helte tweintichste ieu, in wettersportferhaal mei moaie beskriuwings fan Fryske wetterdoarpen en soms komyske situaasjes. Brolsma skreau ek ferskeidene koarte ferhalen dy’t publisearre waarden yn periodiken lykas it Algemien Frysk Jongereinblêd (It orgaan fan it Boun fan Frysk-nasjonale Jongerein) en It Heitelân.

De útsetter fan syn skriuwersskip wiene de ôfleveringen fan it earste oarspronklik Fryske stripferhaal, mei Kopkewoartel as held, dy’t yn ôfleveringen publisearre waarden yn it wykblêd Frysk & Frij yn de perioade 1947-1950. Trije ferhalen fan Kopkewoartel binne ek yn boekfoarm útjûn.

Wurk

Proaza
1940: Om ús hinne: trije sketsen
1941: Tjitte Winia (roman)
1943: Dy twa fan Warten (novelle)
1944: Stoarm oer Fryslân (histoaryske roman)
1948: De tocht fan de Sallemander (roman)

Ferskaat
1948: Skiednis fan in Wâldmantsje: Kopkewoartel by Jabik Krint (ek as stripferhaal yn ôfleveringen yn wykblêd Frysk & Frij
1949: Skiednis fan in Wâldmantsje: Kopkewoartel op ‘t Amelân (ek as stripferhaal yn ôfleveringen yn wykblêd Frysk & Frij 1947-1948)
1948: Skiednis fan Kopkewoartel: Yn 't wetterlân (as stripferhaal ôfleveringen yn wykblêd Frysk & Frij 1948-1949)
1949: Skiednis fan Kopkewoartel: diel IV (as stripferhaal yn ôfleveringen yn wykblêd Frysk & Frij 1949-1950)
1950: Skiednis fan Kopkewoartel: diel V (as stripferhaal yn ôfleveringen yn wykblêd Frysk & Frij 1950)
2007: Kopkewoartel: byldroman

Mear ynformaasje
Elske Schotanus, eigen webside 16-08-2007 (resinsje werútjefte Kopkewoartel)

©Tresoar, 05-12-2018