Berne: 23-05-1882, Stiens
FerSTOARN: 23-11-1953, Ljouwert

Libben

Reinder Brolsma waard yn 1882 berne yn Stiens as jongste yn in húshâlding fan acht bern. Syn heit wurke op it notariskantoar. Dy Ulke Brolsma wie tige Frysksinnich en hie kontakt mei mannen as Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen. De jonge Reinder rekke neidat er de legere skoalle ôfrûn hie nei de ambachtsskoalle yn Ljouwert ta. Doe't er 16 jier wie, kaam er by in ferver yn it wurk. Hy reizge hiele Fryslân troch en hearde by de streek gâns ferhalen.

Reinder Brolsma troude yn 1910 mei Janke Westerbaan en waard doe sels ferversbaas yn Lichtaard. Nei seis jier ferfear de húshâlding, dêr't ûnderwilens twa jonges yn berne wiene, nei Akkrum en nochris trije jier letter nei Ljouwert, dêr't noch in famke te wrâld kaam. Mei it skriuwen fan sketsen en ferhalen foar kranten en tydskriften besocht de heit wat by te fertsjinjen as it - benammen winterdeis - mei it ferverswurk krap om kaam. It duorre oant healwei de jierren '30 ear't Brolsma alhielendal fan de pinne libje koe. Hy hie doe in oanstelling by de 'Hepkema's kranten', it Nieuwsblad van Friesland en it Leeuwarder Nieuwsblad. Foar de lêste skreau er in fêste rubryk mei humoristyske, yn it Ljouwertersk skreaune Gesprekken op de brug dêr't er gâns sukses mei hie. Yn 'e oarloch bleau er oan de krante ferbûn, ek doe't dy as Friesche Courant fierder gie ûnder Dútsksinnige lieding. Dat en it yn 1941 oannimmen fan de troch de Dútskers ynstelde Harmen Sytstrapriis is de skriuwer tige kwea-ôf nommen. De Eereraad voor Letterkunde hat him in publikaasjeferbod oant novimber 1946 oplein. Dêrnei hat Brolsma net folle mear skreaun. De lêste jierren fan syn libben wie er swiersettich; nettsjinsteande de hulde dy't de kollega's him by gelegenheid fan syn 70ste jierdei brocht hiene, fielde er him allinne. Hy makke him soargen om jild en om de sûnens fan himsels en syn frou. Doe't hja yn 1953 út Goutum wei nei it St. Anthony Gasthûs yn de Ljouwerter binnenstêd ferhuze wiene, seach er der gjin gat mear yn en hat er himsels te koart dien.

Wurk
As jonge hie Reinder Brolsma al Hollânske stikjes skreaun foar Voor het jonge volkje en yn 1903 naam Waling Dykstra syn earste Fryske ferhaal op yn Sljucht en Rjucht. Nei dat debút as jonge tweintiger bleau Brolsma it famyljeblêd ynearsten trou, mar doe't dy mear kulturele tydskriften derby kamen, skreau er ek sketsen en benammen feuilletons foar It Heitelân en foar Frisia, it literêre blêd ûnder lieding fan Douwe Kalma. Fan Kalma hat er wol ynfloed ûndergien, mar letter steurde er him oan it keunstmjittige Frysk dat de redakteur him oplizze woe. Syn eigen taal wie natuerliker, syn styl fan skriuwen, direkt, sober en mei in protte omtinken foar skildereftige details. Hy hie in skerp útbyldingsfermogen en gefoel foar humor, mar syn psychology wie mear op minskekennis as op sielkundich ynsjoch basearre. Omtrint fyftich jier lang folge Brolsma yn syn wurk de ûntjouwingen yn de maatskippij. Hy skreau oer de lânboukrisis en de opkomst fan de arbeidersbeweging, oer de ekonomyske krisis fan de jierren '30 en de oarlochsdriging. It grutste part fan syn wurk spilet him ôf yn de omkriten fan Stiens. Dêrnjonken hat ek Ljouwert in plak krige yn syn romans en ferhalen. It binne gewoane minsken dy't syn boeken befolkje en hy seach dêrby foaral niget oan wat bysûndere typen. Dat lêste blykt ek út syn swalkersferhalen. Nei de oarloch waard syn wurk troch de jongere generaasje as âlderwetsk beskôge en as te folle oan it âlde Fryslân bûn.

Brolsma syn earste útjefte yn boekfoarm wie de novelle It forgift (1923) dy't, lykas de earste roman It Heechhôf (1926) útkaam yn de rige fan De Fryske Bibleteek. Dy earste roman, dêr't er noch twa minder slagge ferfolgen op skriuwe soe, It âldlân (1938) en Richt (1947), wie fuortendaliks in grut sukses. Yn 1993 binne de trije dielen as Heechhôf trilogy fannijs útjûn yn de rige Fryske Klassiken. Datselde is yn 1995 ek bard mei de oare grutte boereroman fan Reinder Brolsma, Grûn en Minsken.

Fjouwer fan syn boeken binne yn it Nederlânsk oerset. Nei de fûle krityk is der yn de lêste tiid wer wat mear wurdearring foar it skriuwerskip fan Brolsma. De auteur dy't yn syn jonge jierren tige warber west hie yn de Stienzer toanielferiening, hat ek in tal suksesfolle stikken skreaun.

Yn 2001 is der fan de hân fan Doeke Sijens in biografy útkommen oer libben en wurk fan Reinder Brolsma ûnder de titel Sa'n tûzen blauwe skriften.

Literatuer
1926: G.A. Wumkes. Bodders yn de Fryske striid, s.607, 685- 686, 693, 696, 705
1934: G.A. Wumkes. Paden fen Fryslân II, s.142, 307, 367
1951: Anne Wadman. Kritysk konfoai, s.72-82
1951: D. Kalma. Ynliedend wurd (yn: R. Brolsma. Sa seach ik Fryslân, s. 5-10)
1957: J. Piebenga. Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, s.186, 199, 214-218, 254, 258-259, 261, 271
1970: Y. Poortinga. Fan skriften en skriuwers, s.133-136
1974: D. van der Ploeg yn It Beaken 1974-3
1972: Tekst en Utlis (J. Stienstra)
1977: K. Dykstra. Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, s.68- 71, 103, 151
1977: Sj. van der Schaaf. Skiednis fan de Fryske Biweging, s.240, 294, 311, 313, 335, 337-338, 392-393
1978: G.R. Zondergeld. De Friese beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogen, s.27, 67, 69, 76, 101, 125- 126, 129, 151-152, 194, 203, 280, 356, 382, 388, 397, 404-405, 407-408, 417-418, 424, 437, 440, 442, 444-445, 450, 521, 544, 546, 551
2001: Doeke Sijens. Sa'n tûzen blauwe skriften (biografy fan libben en wurk fan Reinder Brolsma)

Wurk

Romans
1926: It Heechhôf (2de pr. 1928; 3de pr. 1939; 4de pr. 1943; 5de pr. 1948; 6de pr.1969; 7de pr. 1993)
1929: De Skarlún (2de pr.1953)
1934: Sate Humalda (2de pr.1960)
1938: It Aldlân (5de pr.1969)
1940: Groun en minsken (2de pr. 1943; 3de pr. 1943; 4de pr. 1954; 5de pr. 1979; 6de pr.1995)
1941: It widdou's bern
1947: Richt (2de pr.1969, 3de pr. 1993)
1994: Heechhôf-trilogy (hjiryn: It Heechhôf, It Aldlân en Richt)
2004: Sate Humalda (3de pr. mei in ynlieding en taljochting fan Doeke Sijens)

Novellen en Ferhalebondels
1923: It forgift
1927: Spegels
1928: De boer en de arbeider op Ekema
1930: De reamme fan it libben
1931: Neisimmer
1932: Salmsteich, in forhael út ’e rige Sate Humalda
1933: De reis nei it âlde doarp (2de pr. 1942)
1933: De bouwers, in forhael út ’e rige Sate Humalda
1934: Fen it Hegelân, in forhael út ’e rige Sate Humalda
1934: Trije novellen
1935: Mearke út Noardlik Fryslân
1936: Striid en oare ferhalen
1940: Mame en de greate boer
1940: Bylâns de wei (2de pr.1973)
1942: Ypeus
1951: Sa seach ik Fryslân (2de pr. 1962)
1952: Folk fan Fryslân
2002: Ut stêd en doarp, tsien ferhalen
2010: Spegel fan Fryslân (einredaksje en ynlieding fan Doeke Sijens)

Toaniel
1931: Under it skaed fen justysje
1934: Estafette
1936: Pension “Nij Frisia”
1937: Trammelantsje
1939: De Nôtharne

Oersettingen
1940: Menschen tussen Wad en Wouden (It Heechhôf, 2de pr. 1943; 3de pr. 1944)
1943: De stroojonker (Groun en minsken, 2de pr. 1944)
1943: Het Oudland (It Aldlân, 2de pr. 1944)
1947: Zathe Humalda (Sathe Humalda)

Oer Reinder Brolsma
2010: De wrâld fan Brolsma (seis essees ûnder redaksje fan Doeke Sijens en Janneke Spoelstra)

Prizen
1941: Harmen Sytstrapriis

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
Skriuwers yn byld, Omrop Fryslân, 19-05-1998

 

©Tresoar, 05-12-2018