Berne: 16-04-1960, Seisbierrum

Libben en wurk

Jetske Bilker is op 16 april 1960 berne yn Seisbierrum, dêr't har heit haad fan 'e kristlike skoalle wie. Yn 1966 waard er learaar oan de ULO yn Dimter, sadat de húshâlding dêrhinne ferfear.

Jetske Bilker folge de Pedagogyske Akademy yn Almelo, helle dêrnei it Frysk foech foar de basisskoalle en ferhuze nei Ljouwert om dêr it twaddegraads foech Frysk te heljen. Dêrnei studearre se Algemiene Literatuerwittenskip oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Dy stúdzje hat se yn 1992 ôfrûne. Sûnt dy tiid is se freelancer op it gebiet fan Fryske literatuer, docht se oersetwurk (Ingelsk-Nederlânsk) en is se skriuwster. Se kombinearre dat in skoft mei lesjaan yn it fuortset ûnderwiis. Se is troud en mem fan in soan.

Skriuwer
Jetske Bilker mocht altyd al graach skriuwe. As bern utere se har yn brieven en ferhalen en hâlde se in deiboek by. Yn Dimter skreau se earst yn it Nederlânsk, mar yn 1977 gie se oer op it Frysk.
It skriuwen krige yn 1986 in ympuls, doe't se nei oanlieding fan in oprop ta it skriuwen fan Frysktalige boeken in opdracht krige fan de Provinsje Fryslân.

Debútroman
Sa debutearre se yn 1988 mei Imitaasjelear, in boek oer de problemen fan Anke, dy’t har losmeitsje wol fan it (kristlike) âldershûs en har eigen plak yn de wrâld siket. Yn de roman wurdt de ûntjouwing fan it inerlik konflikt fan de haadpersoan konkreet beskreaun, mei in direkte relaasje nei har freondinne Margreet, oan wa’t se har spegelet om’t dy de doar nei har religieuze achtergrûn al tichtslein hat.

De ûntjouwing fan dy freonskip waard troch Anne Wadman yn Frysk en Frij [1] sjoen as it sterkste part fan it boek, dat er in fertsjinstlik romandebút neamde: ‘Jetske Bilker skriuwt goed, soms mei humor en snedige waarnimming.’ Wadman fûn it oars wol spitich dat de klam foaral op de relaasjes mei mannen leit, wêr’t er leaver omtinken foar it losmeitsjen fan Anke har religieuze miljeu sjoen hie. De opbou fûn er justjes te keunstmjittich om werklik te oertsjûgjen. Jan Kroes neamde [2] de styl ‘knoffelich’ sûnder dat fierder te ûnderbouwen. Fierder liet er him net al te posityf oer it boek út, wêrby’t er him ôffrege oft it wol sa ferstannich is om finansjele stipe te jaan oan debuten. Jitske Kingma [3] fûn yn Trotwaer dat benammen de iensumheid, doelleazens en ûnwissens fan in opgroeiend famke goed oerbrocht waard mei dêrby in skerp each foar de ûntjouwing fan de freonskip tusken Anke en Margreet, wylst Jelma Knol [4] wurdearring hie foar de beskriuwing fan gewoane deistige dingen ‘sûnder dêrmei yn it nearzige realisme te ferfallen dat sa faak it skaaimerk is fan jonge Fryske skriuwers’. Imitaasjelear waard yn 1990 bekroand mei de provinsjale ûnderskieding foar debutanten, de Fedde Schurerpriis.

Ferhalebondel
Har twadde boek waard in ferhalebondel. Yn In nacht fan hûs (1997) steane alve koarte ferhalen. Dêryn falle har fernimstige plots en it effektive gebrûkmeitsjen fan symboalen op. De taal is eigentiids en past by de problemen fan dizze tiid mei syn technology, relaasjeproblemen en konsumptyf gedrach, sa’t dy yn de ferhalen beskreaun wurde. Babs Gezelle Meerburg [5] seach yn dizze ferhalen eleminten út Imitaasjelear weromkommen, mar dan yn ‘ferbettere, bewustere foarm’. As foarbyld joech se de manier fan skriuwen oer freonskip, mei mear each foar details. It skriuwen oer seksualiteit út froulik perspektyf wei neamde se ‘in oanwinst foar de Fryske literatuer’. Jelle Krol [6] wie al like posityf. Hy priizge Bilker har fermogen in broeierige spanning op te roppen, mar hie ek wurdearring foar de humor dy’t derfoar soarget dat de ferhalen ‘net kopswier’ wurde. Al mei al neamde er dizze bondel ‘ferrassend’ en ‘dé boppeslach fan dizze boekewike’.

Boekewikegeskink
Yn 2004 skreau Bilker it Fryske boekewikegeskink Oar plak oare tiid. Yn dit boek beskriuwt Jetske Bilker it hektyske bestean fan Swaantsje Nammensma, dy’t samar in man tsjinkomt dêr’t se in ferhâlding mei begjint. Tsjerk Veenstra wie [7] goed te sprekken oer dit presintsje: ‘Prachtige dialogen mei irony en selsspot, ôfstandelik en mei passy yn in linich hjoeddeisk Frysk’.

It libben fan Martsje, Johan en Lin
De grutte roman It libben fan in oar giet oer de slûpende druk op de relaasje tusken Johan en Martsje. Hy rint fêst yn in promoasjeûndersyk, wylst sy it drok hat as learares Dútsk, wêr’t se ek noch de noed hat oer har dochter Lin út in earder houlik. As Johan mei in nij ûndersyk nei in operasjongeres begjint, ferdjippet Martsje har yn de aktualiteit en stadichoan rinne de wegen fan dit stel útinoar.

Doeke Sijens fûn [8] dat de opset ‘in fernimstich wûnder’ is mei ‘psychologysk treflik útwurke haadpersoanen’. Jaap Krol [9] seach yn de haadpersoanen ‘archetypyske foarbylden fan de babyboom-generaasje: opgroeie sûnder brek’. Dêrby sinjalearre er in skerpe tekening, moaie dialogen en orizjinele ferhaallinen. In punt fan krityk hie er ek. Hy fûn It libben fan in oar te lang: ‘Dizze roman is wolris it slachtoffer fan syn eigen lingte’, troch ‘tefolle neatsizzerige ynformaasje’.

Oare literêre aktiviteiten
Jetske Bilker hat ferskate oersettingen makke, û.o. fan de Kameleon-rige (H. de Roos) en it earste diel fan J.K. Rowling út de rige Harry Potter, Harry Potter en de stien fan ’e wizen Yn 1996 besoarge se in bondel mei de moaiste Fryske krystferhalen; yn 2006 in poëzijblomlêzing tegearre mei Babs Gezelle Meerburg. Yn 2018 waard Bilker [10] frege om de oersetting fan it Nederlânske boekewikegeskink te meitsjen, dit yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd 2018. Yn 2019 folge de oersetting fan it boekewikgeskink dat Jan Siebelink skreau.

Jetske Bilker wurke foar Frysk en Frij en foar de Leeuwarder Courant. Foar dy lêste wie se fan 2006-2011 resensint Frysk proaza. Se siet fan 1989 oant 1995 yn de redaksje fan it literêr tydskrift Trotwaer, de lêste jierren as einredakteur. Fan 1994 oant 1997 wie se ien fan de fêste kritisy dy't yn de rubryk Tusken de rigels foar Omrop Fryslân literatuer besprutsen. Fierder hie se in sit yn advyskommisjes foar literêr wurk en makke se fan 1997 oant 1999 diel út fan de sjuery foar de Rely Jorritsmaprizen. Se makke sûnt de oprjochting yn 2003 diel út fan de redaksje fan it digitale literêre blêd Farsk, dat yn 2009 mei Hjir fusearre ta Ensafh. Yn 2013 wie se lid fan de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis. Fierder wurket se as lesjouwer by de Afûk en is se dosint kreatyf skriuwen by Tresoar.

Boarnen foar dit stik
[1] Anne Wadman, Frysk en Frij 24-09-1988
[2] Jan Kroes, LC 23-09-1988
[3] Jitske Kingma, Trotwaer 1999 ôfl 10, s. 501
[4] Jelma Knol, Hjir 1988 ôfl. 5, s. 32-35
[5] Babs gezelle Meerburg, FD 08-03-1997
[6] Jelle Krol, LC 07-03-1997
[7] Tsjerk Veenstra, FD 25-02-2004
[8] Doeke Sijens, LC 14-09-2012
[9] Jaap Krol, FD 10-11-2012
[10] Sietse de Vries, LC 02-03-2018

Bibliografy

Romans (Frysk)
1988: Imitaasjelear (link nei digitaal boek)
2004: Oar plak oare tiid (boekewikegeskink)
2012: It libben fan in oar
2021: Spegel en sonde

Romans (Nederlânsk)
2004: Andere Plaats Andere Tijd (oersetting fan Oar plak oare tiid troch Jantsje Post)

Ferhalebondel
1997: In nacht fan hûs

Ferskaat
2000: Koartwei (ferhalebondel, mei oaren)
2001: Listen fan goaden en bisten (fiif fabels, mei oaren)
2006: De 100 mooiste Friese gedichten (twatalige bondel, yn ’e mande mei Babs Gezelle Meerburg)
2009: Fan Duveldrek nei Hoarnestreek (mei oaren)

Oersettingen
1995: De Kameleon fernimt ûnrie
1995: Op reis mei de Kameleon
1998: Kameleon yn ’e brâning
1999: Goede feart, Kameleon
2000: Folksferhalen: fan Europeeske minderheidsfolken (út it Ingelsk nei Wolfgang Greller)
2004: De Kameleon stekt fan wâl
2004: Andere plaats andere tijd (oersetting fan Oar plak, oare tiid, troch Jantsje Post)
2006: De skippers fan de Kameleon
2007: Harry Potter en de stien fan ’e wizen (út it Ingelsk Harry Potter and the philosopher's stone, J.K. Rowling)
2007: De Kameleon fynt de skat
2016: De spion (oersetting Paul Coelho, tegearre mei Jantsje Post)
2018: Sa't it lân derhinne leit (oersetting boekewikegeskink Gezien de feiten fan Griet op de Beeck)
2019: Jas fan belofte (oersetting boekewikegeskink Jas van belofte fan Jan Siebelink)
2022: Monterosso mon amour (oersetting boekewikegeskink fan Ilja Leonard Pfeijffer)
2022: Nachtskriuwer (fan Jannie Regnerus)
2022: De reade boarre (omstavering fan De reade bwarre - Trinus Riemersma)

Berneboek
2010: Sjouke en Kevin (Studio F: taalmetoade Frysk)
2014: De rommelwike (Studio F: taalmetoade Frysk)


Prizen
1990: Fedde Schurerpriis foar Imitaasjelear
2019: Rely Jorritsmapriis foar Sleau mei lok (gedicht)

Nominaasjes
2015: Longlist Gysbert Japicxpriis, It libben fan in oar

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Elisabeth Post, LC 08-04-2022 (fraachpetear n.o.f. oersetting boekewikegeskink 2022)

Foto: Foto van Keulen.

©Tresoar, 02-11-2022