Berne: 18-10-1946, Ljouwert
Ferstoarn: 09-09-2011, Snits

Libben en wurk

Binne Lútsen Boarnstra [offisjeel Boonstra] is in telch út in âld skipperslaach fan Aldeboarn. Syn heit wie, sûnt trije ieuwen, de earste yn de famylje dy’t net skipper waard, mar it ûnderwiis yn gie. Koart foar de oarloch gie de famylje Boonstra, heit, mem en trije bern, nei Yndonsië omdat yn Nederlân gjin baan yn it ûnderwiis te finen wie.

Sadwaande brocht it gesin de oarlochsjierren troch yn Yndonesië, dêr’t heit te wurk steld waard oan de Birmaspoarline.In fjirde berntsje bleau mar in pear moannen yn libben. Binne waard nei de oarloch berne, de húshâlding wenne doe by pake en beppe yn Westernijtsjerk. Der folgen noch trije bern. Heit krige oanstellingen om utens, yn Inkhuzen en yn Wassenaar, om úteinliks haad te wurden fan de ulo yn Huzum . De bern waarden nederlânsktalich opbrocht.

Nei it gymnasium gie Binne nei de kweekskoalle, om krekt as syn heit ek ûnderwizer te wurden. Mar doe’t it sawat oan it eineksamen ta wie, luts er him werom. Syn opfettings oer it ûnderwiis strookten net mei dy fan syn oplieders. As learaar woe er de wurklikheid net yn hokjes jitte, hy joech leaver oanskouwelik ûnderwiis om sa fakken lyk as ierdrykskunde en skiednis yn it iepen fjild jaan te kinnen. Syn skippersbloed begûn te brûzjen en hy meunstere oan op in skip. As jonge fan njoggentjin jier bereizge er de wrâldseeën. Hy ûntdiek al gau dat dat it ek net foar him wie en hy kaam werom oan ’e wâl. De oaseanen ferruile er foar de Fryske marren en hy waard skipper yn de professjonele sylfeart. Dat soe er tritich jier dwaan.

Der kaam in grutte omkear yn syn libben doe’t yn 1975 syn soantsje kaam te ferstjerren, njoggen moanne âld. Hy wenne doe mei syn frou Sietske Postma en harren dochterke yn Aldebiltdyk. Yn ferskate fraachpetearen fertelde er letter dat er, wylst er yn syn fertriet op de âlde Bildtdyk lei, in fisioen krige. Hy seach it Waad as in terpelânskip. Dy mystike erfaring wie foar him oanlieding om stúdzje te meitsjen fan libben en maatskippij fan it âlde Europa en de Noard-Europeeske bewenners yn it bysûnder.

Dichter
Boarnstra begûn op syn achttjinde mei dichtsjen yn it Nederlânsk. Syn earste dichtbundel wie Onaantastbaar kleinbedrijf (1974). Fryske fersen fan sines binne der net folle, hy fûn it net sa maklik om yn it Frysk te dichtsjen. Jelle Kaspersma sette in oantal fan syn fersen oer yn it Frysk. 
It fisoen waard ek in boarne foar syn gedichten mei as metafoar de frije rin fan gedachten en rivieren. Boarnstra moast neat ha fan dogma’s en it tinken yn fêste patroanen. Syn fyzje op dichtsjen hat er yn in yntervieuw mei Kerst Huisman (Leeuwarder Courant, 10-10-1997) ris sa ûnder wurden brocht: ‘Dichtsje is hiel wat aparts. It is ien grut ûntjouwings- proses. Jo skeppe in myte om fia dy myte troch te kringen yn de essinsje fan de poëzij. Dy essinsje is ynspiraasje en kreaasje. It is in soarte fan tredde romte tusken bestive dualiteiten, tusken de minske en de natuer’.

Syn twadde bondeltsje Taaiwaar, it iis is brutsen tusken wyn en wetter, mei in ets fan Jan J. ten Brug, kaam út yn 1982, foar in part oersettingen út de earste. De tredde publikaasje, Levensboom der Lage Landen, publisearre er yn  it Nederlânsk, mei tagelyk oersettingen yn it Frysk (troch Piter Boersma) en it Ingelsk (troch Klaes Bruinsma). It wurk ferskynde as in spesjaal nûmer fan it literêr tydskrift Hjir (1996). Mei it gedicht ‘Frisia Citerior Ulteriorque Antiqua’ wûn hy de earste priis, de Gouden Pen, fan de Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen (1992).

Boarnstra trede geregeld op en wie ek te hearren op Operaesje Fers. Yn it desimbernûmer fan Trotwaer 1969 waard al in fers fan him opnommen. Tegearre mei Tsjêbbe Hettinga trede er ek op yn de kolderyk-dadaïstyske performance fan 'It Earder en Letterkundich Sizzenskiplik Wurkferbân'.

Boarnstra waard yn syn lettere jierren hyltyd warberder op it mêd fan de regionale en lokale skiednis. Oer syn wenplak Starum skreau er de stúdzje Dat olde waterrecht van Staueren : Geschiedenis en Zeerecht van Staveren (2007). Yn 2011 ferskynde in boek oer de skiednis, seefeart en fiskerij fan Starum by gelegenheid fan 'Stavoren 950'. Boarnstra fersoarge dêryn de trije haadstikken: oer St. Odulfus, oer Starum as Hanzestêd en oer it Staversk seerjocht.

Wurk

Poëzy

1974: Onaantastbaar kleinbedrijf
1982: Taaiwaar : it iis is brutsen
1996: Levensboom der Lage Landen/ Libbensbeam fan ‘e Lege Lannen/ Lowlands’Tree of live : ferskynd yn Hjir, nû. 4,

Proaza
2007: Dat olde Waterrecht vann Staueren : Geschiedenis en Zeerecht van Staveren
2011: Staveren. Hoofdstad van de Friese kusten, en het verhaal van 'de jonge Siebren', troch Binne L. Boarnstra,  Dirk Huizinga, Klaas Jansma en Johan Prins

Mear ynformaasje
Eeltsje Hettinga, De Moanne 16-09-2011 (in memoriam)

©Tresoar, 31-10-2018