Berne: 29-12-1943, Grou
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Ulke Brolsma is berne yn Grou en dêr ek opgroeid. Hy folge de oplieding foar ûnderwizer oan de kweekskoalle op It Hearrenfean en dêrnei de skoalle foar sjoernalistyk yn Utrecht.
Hy hat as gemeentefoarljochter de kost fertsjinne, earst yn Wageningen en letter yn Zaandam. Brolsma komt út in skriuwerslaach, syn heit, Liuwe Brolsma (1912-1976), hat trije romans op syn namme stean en syn pake Reinder Brolsma (1882-1953), wie lange jierren ien fan de meast produktive en meast lêzen Fryske skriuwers. Ulke Brolsma oppenearre him krekt op lettere leeftyd as skriuwer, njonken in publikaasje yn Maatstaf en in docu drama oer Franziska zu Reventlow foar de KRO radio (1986, yn it Hollânsk) beheinde er him ta it skriuwen fan foarlochtingsstikjes foar de gemeenten dêr’t er foar wurke. Dat feroare doe’t Doeke Seijens, de biograaf fan syn pake Reinder, him útdage om ek kreatyf te skriuwen.
Skriuwer
Hy begûn mei it skriuwen fan in koart ferhaal It hûs, dat er opstjoerde nei it literêr tydskrift Trotwaer. It feit dat it blêd syn ferhaal publisearre (juny 1999), wie foar Brolsma in stimulâns om fierder te gean. Ferhalen fan syn hân ferskynden njonken Trotwaer ek op de ynternet-tydskriften Kistwurk en Farsk. Yn 2000 krige er foar syn ferhaal ’Ioana’ in Rely Jorritsmapriis.
Hy debutearre yn boekfoarm yn septimber 2001 mei de ferhalebondel Ioana, de bondel befettet in samling fan syn earder skreaune koarte ferhalen. De kwaliteit fan de ferhalen is wikseljend, mar it boek befettet in pear tige slagge ferhalen werûnder it titelferhaal. Brolsma situearret syn ferhalen yn in breder spektrum as Fryslân, guon spylje har ôf yn Roemenië, oaren yn Frankryk of Peru. Ien fan de sintrale tema’s is de relaasjeproblematyk en ûnmooglike leafdes, bygelyks fan in âldere frou mei in jongere jonge. Syn styl is koart en direkt en hy wit fakentiids in bysûnder soarte spanning op te roppen. Jabik Veenbaas is yn syn resinsje ridlik posityf oer it debút fan Brolsma: ‘Ik sjoch ‘Iona’ dan ek as in debút mei in frij soad ûnthjit. Mar ik soe wol graach sjen dat de skriuwer yn de takomst noch mear as no stribbet nei it direkte, nei it toanen fan de dramatyske konfrontaasje en fan de dynamyk fan it gefoel’. [1]
Syn twadde boek Een slagje hier en daar: De Tsiendeiske Fjildtocht fan Hessel Brolsma, kaam út yn septimber 2006. It dokudrama is basearre op de korrespondinsje, dy’t bestiet út goed njoggentich brieven dy’t syn oer-oer pake Hessel Brolsma skreaun hat mei syn âlden yn de tiid dat Hessel tsjinne yn it Nederlânske leger tidens de tsiendaagske fjildtocht tsjin de Belgyske opstân (1831-1836). De brieven binne allegearre bewarre bleaun en hawwe Ulke Brolsma tsjinne as basismateriaal fan syn beskriuwing oer wat syn pake, en mei him de oaren yn it leger, meimakke en belibbe hawwe yn de fiif jier dat se tsjinne hawwe.
Sûnt 2005 skreau Brolsma reisferhalen dy’t publisearre waarden yn Farsk. Ek publisearre er in oantal boeken oer syn berteplak Grou.
Boarnen foar dit artikel
[1] Jabik Veenbaas, LC 14-09-2001
Wurk
Proaza
2001: Ioana (ferhalen)
2006: Een slagje hier en daar: De Tsiendeiske fjildtocht fan Hessel Brolsma (dokumintêre roman)
2009: Werom nei Grou
2010: Werom nei Fryslân
2016: Oarloch yn en om Grou
Prizen
2000: Rely Jorritsma-priis – ferhaal (Ioana)
Mear ynformaasje
Foto Haye Bijlstra -Tresoar
©Tresoar 09-01-2019