Berne: 23-08-1900, Beetstersweach
Ferstoarn: 22-01-1981, Ljouwert
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Jelle Brouwer is berne yn Beetstersweach. Syn heit hie dêr in buorkerij. Brouwer gie yn Snits nei de HBS. Dêr kaam er yn ’e kunde mei minsken as Piter Sipma, syn learaar Nederlânsk, en mei Douwe Kalma, ek learling.
Benammen de ynfloed fan Sipma, dy’t doe al in Phonology and Grammar of Modern West Frisian skreaun hie, hat fan bestjutting west foar de ûntjouwing fan Jelle Brouwer. Syn striidberens op sjosjaal mêd en foar de Fryske taal kaam yn dy tiid al klear ta utering. Hy wie op de HBS aktyf yn twa idealistyske bewegings: de Fryske beweging en de drankbestriding. Nei syn slagjen hat er in skoftsje by in fersekeringsmaatskippij wurke, mar hy begûn al gau mei in stúdzje Nederlânsk, earst yn Utert en letter oan de Grinzer universiteit. Jelle Brouwer troude yn 1924 mei Aad I. Prakke, dy’t sjongeres en muzyklearares wie. Tegearre krigen se twa soannen en in dochter.
Yn 1921 krige Brouwer in oanstelling as amtner by de Provinsjale Biblioteek fan Fryslân en oan de (klassike) Bumabiblioteek yn Ljouwert. Yn 1915 sleat er him oan by de Jongfryske beweging fan Douwe Kalma, yn dy tiid kaam er ek nei bûten as Frysk dichter en proazaïst. Hy publisearre syn fersen ûnder oaren yn it tydskrift fan de Jongfriezen Lyts Frisia. Doe’t dat tydskrift yn 1925 ophold te bestean, rjochte Jelle Brouwer, yn ’e mande mei R.P. Sybesma, in nij literêr tydskrift op: De Holder. It tydskrift hat fjouwer jier bestien, fan 1926 oant en mei 1929, mar is noch altyd ferneamd om har ynhâld en typografyske foarmjouwing. De redakteuren fregen foar de yllustraasjes meiwurking fan keunstners fan namme, lykas Evert Caspers (1897-1976) en Joh. Mulders (1900-2000).
De earste útjefte yn boekfoarm fan Jelle Brouwer wie de ferhalebondel Ydille (1929), yllustrearre troch Joh. Mulders. Yn ’e mande mei Bauke Tuinstra skreau er it toanielstik As dy oare der net west hie... . Yn 1930 ferskynde fan syn hân de gedichtebondel De gouden ûre, yn 1934 folge troch In string fersen. Yn syn twadde bondel stie ek syn meast ferneamde gedicht: ‘Kastanjes’. It gedicht is ferskate kearen op muzyk set en fertaald yn mear as tweintich talen.
De belangstelling fan Brouwer foar de Fryske literatuer wreide him yn dy jierren út nei de histoaryske letterkunde. Benammen wurk fan auteurs út de santjinde ieu hie syn omtinken. Neidat er yn 1935, tegearre mei de lettere Amsterdamske heechlearaar W.Gs. Heslinga, Ansck in Houck fan Johan van Hichtum útjûn hie, besoarge er twa jier letter mei P. Sipma en Jac. Haantjes it sammele Fryske en Hollânsktalige wurk fan Gysbert Japicx (1603-1666). Mei P. Sipma, doe heechlearaar Fryske taal en letterkunde oan de universiteit fan Grins, begûn Brouwer yn 1937 mei de útjefte fan it Frysk Jierboek. De searje krige in ynternasjonaal karakter troch de meiwurking fan Dútske, Sweedske en Britske taalkundigen en fan Noardfryske auteurs. Dêrnjonken studearre er sels ek noch hieltyd: yn ’37 die er steatseksamen gymnasium en yn ’38 helle er cum laude syn kandidaatseksamen Nederlânske taal- en letterkunde. Yn 1940 publisearre er syn doktoraalskripsje oer Jan Jansz. Starter en syn rede oer de santjinde-ieuske Burmania-sprekwurden, dy’t er yn ’e mande mei Sipma útjoech.
Artikels fan syn hân ferskynden yn ferskate tydskriften. Fierders wie er aktyf yn bestjoeren fan Fryske organisaasjes; sa wie er û.o. sekretaris fan de Fryske ûnderwiisried (fan 1928 oant 1940). De ried sette har yn foar Frysk yn it leger ûnderwiis en stelde yn 1934-’35 bysûndere professoraten yn oan de universiteiten fan Amsterdam en Utert. Brouwer wie ek ien fan de oprjochters fan de Fryske Akademy (1938), dêr’t er ek de earste sekretaris fan waard.
Jelle H. Brouwer promovearre yn 1941 yn Grins cum laude op in dissertaasje oer Thet Autentica Riocht. Fuort letter waard er de earste gewoan heechlearaar yn it Frysk en Goatysk oan de RUG (Rijks Universiteit Groningen). Brouwer wie antifaksist, yn de oarloch herbergen hy en syn frou ferskeidene kearen ûnderdûkers. Yn it lêst fan de oarloch moast er sels ûnderdûke. Nei de oarloch wurke er oan de opbou fan in Frysk Ynstitút yn Grins. Hy luts dêrfoar benammen rjochtshistoarisy oan, lykas mr. P. Gerbenzon en letter mr. M. Oosterhout. Wichtichste projekten wiene yn it earstoan it sammeljen fan materiaal foar in Ald- en foar in Middelfrysk wurdboek. Hy wurke mei oan de útjefte fan it fjirde diel fan de grutte Geschiedenis van de letterkunde der Nederlanden en skreau fierder stúdzjes oer it Ald-, Mids en Nijfrysk, dêrby ynbegrepen it Westerlauwersk mar ek it East- en Noardfrysk yn Sleeswyk Holstein. Brouwer wie yn 1950 foarsitter fan it bestjoer fan de FA (Fryske Akademy) wurden, yn dy hoedanichheid organisearre er kontakten tusken de ferskillende Fryslannen. It trijejierlikse Fryske filologenkongres dat troch de FA organisearre wurdt is ien fan de útkomsten dêrfan. Op it fjirde ynternasjonale Nammekundekongres (1952) yn it Sweedske Uppsala waard Brouwer beneamd as Nederlânsk lid, yn it bysûnder foar it Fryske gebiet, fan it International Committee for Onomastic Sciences (ICOS). Datselde jier sette er útein mei Us Wurk, it tydskrift fan it Frysk Ynstitút yn Grins, en in skoftsje letter mei de Estrikken, dêr’t teksten en stúdzjes yn publisearre wurde.
Yn 1956 naam er ôfskie yn Grins doe’t er beneamd waard ta de earste wittenskiplik direkteur fan de FA te Ljouwert. Dêrnjonken krige er in beneaming as bysûnder heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan de universiteit fan Amsterdam. By de FA wurke er benammen oan de tarieding fan it grut Nijfrysk wurdboek en oan it sammeljen fan materiaal foar dialekt-wurdboeken fan û.o. it Hylpers, it Skylgers en it Bildts. Ek de Encyclopedie van Friesland kaam út ûnder einredaksje fan Brouwer. Yn 1959 stie er mei oan de widze fan it doe krekt oprjochte Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD). Tusken de lette jierren fyftich en de iere jierren santich hat Brouwer in hiele rige boeken en boekjes yn it ljocht jûn oer de Noardfryske taal en letterkunde. Ta gelegenheid fan syn sechtichste jierdei waard him in feestbondel oanbean mei mear as fyftich Fryske Stúdzjes. It boek befettet bydragen fan filologen út Nederlân, België, Dútslân, Ingelân, Amearika en de Skandinavyske lannen. Tegearre mei syn frou, A.I. Brouwer-Prakke hat er in searje oersettings makke fan wurk fan Skandinvyske skriuwers. In part dêrfan ferskynde yn 1961 yn ien bân ûnder de titel Frjemd en dochs eigen. Bysûndere oandacht krige wurk fan Sweedske auteurs, reden dêrfan wie har ferbliuw fan in heal jier yn Uppsala, doet Brouwer as gastheechlearaar kolleges joech oan de universiteit dêr (1961).
Yn 1962 kaam de bondel Dúnsân út, mei in seleksje fan syn gedichten. Guon dêrfan wiene al earder publisearre, sa waard alles út In string fersen der yn opnaam en in seleksje fan De gouden ûre. Yn 1964 gyng Jelle Brouwer mei pensjoen. Hy krige doe mear tiid foar syn oandiel yn de útjefte fan it sammelwurk fan Gysbert Japicx en foar stúdzjes oer dialektteksten. Tegearre mei syn frou fersoarge er de útjefte fan in rige fan tolve dieltsjes mei fertaald wurk fan Skandinavyske auteurs dy’t ferskynden ûnder de titel Postscripta (1969-1980). De rige is lykwols net yn de handel kaam. Tegearre mei syn âldste soan, Hindrik, teolooch fan berop, wurke Brouwer mei oan de nije Fryske bibelfertaling.
Yn 1979 krige Brouwer ynternasjonale erkenning doe’t er op it Noardfryske eilân Sylt de Ossian-priis takend krige. Dy priis, ynsteld troch de FVS te Hamburg, wurdt útrikt oan persoanen dy’t har bysûnder ynset hawwe foar it behâld en fersterking fan lytse, selsstannige Europeeske taal- en kultuermienskippen.
Jelle H. Brouwer ferstoar yn 1981. Nei syn ferstjerren ferskynde, ûnder redaksje fan Freark Dam en Sybe Sybesma, as earbewiis oan him it bondeltsje J.H. Brouwer in memoriam.
Wurk
Poëzy
1929: Idylle
1930: De gouden ûre - fersen
1934: In string fersen
1962: Dúnsân - fersen
1963: Kastanjes (útjefte mei oersettings fan it fers, 2e útwreide printinge yn 1977)
In folsleine bibliografy fan it literêr en wittenskiplik wurk fan Brouwer is publisearre yn in spesjaal nûmer fan Us Wurk (1981)
Mear ynformaasje
Opnamen van Jelle Brouwer bij Operaesje Fers
Sietse de Vries, LC 25-01-2019 (n.o.f. lêzing Goffe Jensma)
Abe de Vries, FD 12-03-2022 (Hindrik Brouwer oer syn heit Jelle, en syn broer Marten)
©Tresoar, 16-03-2022