Berne: 05-02-1902, De Hommerts
Ferstoarn: 30-12-1982, Drachten

Libben en wurk

Gerben Brouwer is berne yn de Hommerts en dêr ek opgroeid. Nei de middelbere skoalle gie er nei de kristlike kweekskoalle yn Snits, syn earste berop as ûnderwizer wie oan in legere skoalle yn Sondel. Nei Sondel hat er in tal jierren yn Swolle wurke, yn 1930 ferfear er nei Eindhoven. Dêr soe er 20 jier bliuwe, nei noch 5 jier yn Tilburg wenne en wurke te hawwen kaam er werom nei Fryslân en krige er in beneaming op ’e Gerdyk. Nei syn pensioanearring yn 1967 ferhuzen hy en syn frou nei Drachten.

Lês mear...