Berne: 14-09-1936, BOALSERT

Gerrit Damsma is berne yn 1936 yn Boalsert. Hy wurke hast fjirtich jier by it Friesch Dagblad. Hy hie dêr in kollum: ferhaaltsjes mei in knypeach. Hy skreau yn 2001 in histoaryske roman oer Fryske lânferhuzers dy’t har yn de 19de iuw yn Amearika in nij wenplak kappen – Vriesland yn de steat Michgan.

Libben en wurk

Nei it kristlik lyseum yn Snits (oplieding HBS-B) folge Gerrit Damsma it steatseksamen gymnasium-A (net ôfsluten). It doel wie om teology te studearjen oan ’e VU yn Amsterdam, mar hy kaam - nei de militêre tsjinsttiid - lykwols telâne yn de sjoernalistyk.

Fan 1960 oant 1996 wurke er as ferslachjouwer, sjef provinsjeredaksje en (sjef)einredakteur by it Friesch Dagblad. Jierrenlang skreau hy yn de wyklikse bylage Sneinspetiele in Fryske kollum: Yn ’t foarbygean, kursyfkes út it libben fan al den dei. Fraachpetearen mei en
ferhalen oer 'gewoane’ (mar nijsgjirrige) minsken hienen syn foarkar.

Yn 1979 makke Gerrit Damsma mei in grut tal lêzers fan de krante in reis nei Israël. De krante-artikels oer dy reis binne bondele en útjûn yn Dagboek uit Israël. In bûtenlânske reis foar it Friesch Dagblad nei Kanada en Amearika brocht Damsma yn kontakt mei in protte (âld)emigranten en harren neiteam. Benammen de ferhalen oer it ûntstean fan it plakje Vriesland yn de steat Michigan yn 1847 sprutsen him oan. Wa wiene dy earste pioniers, wêr kamen sy wei, hoe libben sy en wat wiene harren driuwfearren? De delslach fan jierrenlang ûndersyk is werom te finen yn de dokumintêre histoaryske roman De beam fan belofte.

Yn 2008 ferskynde Blinder, hasto de kaktus skeard? It is in bondel mei sketsen en tafrieltsjes út it deistich libben. Ferhalen oer bern, heiten en memmen, pakes en beppes, hûnen en katten, hynders en hazzen, fûgels en flinters, oer jonge geastlik beheinden en deminte âlderein, kroaden en krukken, ingels en smjunten, wersjen en ôfskie, oer freugde en fertriet. Sa is it libben.

Tsien jier letter, yn 2018, waard it boek Tinne Twigen útjûn: in kronyk fan tsien geslachten yn fjouwer iuwen. Yn dit boek hat Gerrit Damsma besocht syn ûnbekende foarâlden wer ‘ta libben’ te roppen. It is in reis werom yn ‘e tiid, oant yn de Gouden Iuw: ferhalen oer lytse minsken mei har eigen lytse skiednis yn in grutte wrâld. De Frânske skriuwer Albert Camus sei dêroer: “It is krekt of sjogge jo de dingen en de minsken troch it omkearde ein fan in fierrekiker.” Al dy geslachten binne kommen en gien, as hieltyd wer nije twigen oan de âlde beam.

WURK

Publikaasjes
1979: Dagboek uit Israël
2001: De beam fan belofte
2008: Blinder, hasto de kaktus skeard?
2018: Tinne Twigen

Oersettingen
2017: De boom van belofte (fan De beam fan belofte, troch skriuwer sels)
2019: Jonge twijgen (fan Tinne Twigen, troch skriuwer sels)

Mear ynformaasje
www.gerritdamsma.frl
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite (besprek De beam fan belofte)
Fedde Dijkstra, LC 7-12-2001 (ynterview) (diel ien, diel twa)

©Tresoar, 17-03-2021

Eigen foto